Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

It fleanen op it Fean

Posted by André Looijenga on 02/08/2010

Op 31 july 1910, sneon hûndert jier lyn, wie der wat te rêden op it Hearrenfean. Clément van Maasdijk, ien fan’e earste Nederlânske aviateurs, fierde dêr de earste offisjele flecht mei in fleantúch yn Nederlân út. Der waard in grutte sjo fan makke. De iisbaan Thialf wie mei tribunes ta festivalterrein optuge. Tsientûzenen taskôgers kochten tagongskaartsjes fan f 0,50 en f 1 om it fleanwûnder fan tichteby te sjen.

Van Maasdijk syn Biplan Sommer wie licht, wif, en dreech yn’e loft te hâlden. Inkeld by wynstil waar koest der feilich mei fleane. Noch gjin moanne nei syn ‘histoaryske flecht’ op it Fean gie it dan ek grouwélich op’e kop ferkeard. By in réprise fan it Fean, op in fleandemonstraasje by Arnhim, stoarte er del. De earste vliegenier wie dea.

As betinking fan dizze earste Nederlânske flecht en de tragyske iere dea fan Clément van Maasdijk is der op it stuit in útstalling yn Museum Van Haren. Juster giene wy der efkes te sjen. De eksposysje wie lyts: filmbylden, in pear foto’s, in model fan’e Biplan Sommer, promoasjeguod fan it fleanfeest, in brief fan’e piloat, in stik fan syn propeller. Foar ien dy’t alle fakânsjes nei fleantúchmuséa meitôge waard, falt soks in bytsje ôf. Miskyn hie ik wat mear Clément ferwachte, en seker ek wat fan’e réaksjes út dy tiid op Van Maasdijk syn fleanerij en dea.

Net yn’e tentoanstelling ferwurke bygelyks wiene de poëtyske rougjalpen dy’t op sa’n ferstjerren skreaun waarden. Yn elts gefal hie it folgjende fers, fan nimmen minder as Obe Postma, lâns komme moatten:

Fleanen

By de dea fan Clément van Maasdijk, 27 augustus 1910

.

It wie op ‘t Fean. Dêr soe it fleanen wêze,

En tûz’nen streamden út heel Fryslân gear.

It wie in moaie jûn en wurch fan ‘t wachtsjen

Lein’ w’ op’e greide. Einlings it fleantúch kaam

En elts oerein. De klok waard let; meits romte!

Do naamst dyn wiffe plak; de skroef fleach rûn;

Lit los! De tsjillen rôlen, hurd en hurder;

Mar no, hy roert gjin grûn mear! wûnder! sjoch!

Hy stiicht, hy giet de loft yn as in fûgel!

En al dy minsken hâldt it wûnder fêst,

Har hert slacht hurder en as los fan ‘t ierdske

Fiel’ hja har licht en frij, op wei nei ‘t ljocht.

Hoe rom de wrâld, nei dream fan tûzen jierren!

.

De sneins kaam praat fan ‘t droevich ûngelok;

Wy koenen it net leauwe: ús eigen fleaner,

Jongkearel, dea, sa thús yn ‘t hege rom?

Mar kranten brochten ‘t nijs. It gong ús oan

En ‘t byld fan droev’ge dea bleau lang ús by.

Hy wie ús earste fleaner en wy tanken

Oan him in lokk’ge dei, in duorjend moai.

Wol dêrom, freonen, mei my oan him tinke.

.

(1910; Obe Postma)

Dit is in seldsum gedicht: Postma skreau net faak deun op’e aktualiteit. Itselde jier liet er it fers al publisearje yn Forjit my net! — Obe Postma sa-ienen as gelegenheidsdichter à la Tsead Bruinja…?

It wûnder fan it fleanen, it meibelibjen troch de taskôgers, de esthetyske erfaring fan’e minske as in fûgel yn’e loft, it lok, it moai en it optimisme. Postma, de dichter en natoerwittenskipper, wie dúdlik fascineard troch it fleanen en sil ek wol tusken it publyk stien hawwe dêr op it Fean. Koart dernei, nei it tragysk ûngemak, skreau er dit fleantúchfers, dat ek yn foarm en taal modern wie. Gjin rym. Sprektalige wendings lykas it koarte lein’ w’ en it net sa geve droevich. In pear clichés sitte der miskyn wol yn (dream fan tûzen jierren; sa thús yn ‘t hege rom…), mar rymleas, sljocht en yn it Frysk wykte it drekt al ôf fan wenstige betinkingsoaden.

Sterk fyn ik hoe’t Postma syn echte oade op it fleanen bliuwt by wat dat fleanen foar de taskôger op’e grûn betsjut. Efkes ferliet dit fleantúchje fan hout en doek de fêste grûn. Wy sjogge it en fleane even mei. En dan is it wer dien. Hiel slim dien, doe yn Arnhim. Mar, op syn Obe Postma’s, bliuwt der dochs wat oer, lyk’t er ús as syn freonen fersekeret.

Weromsjend nei in lokk’ge dei, behâlde wy út it wiffe fleaneksperiment in duorsum moai. 

Moandei, twa augustus 2010.

One Response to “It fleanen op it Fean”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: