Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

A.R. Scholten (1910-1944) hûndert jier

Posted by André Looijenga on 03/08/2010

Moarn sil it hûndert jier lyn wêze dat André Roelof Scholten berne waard, de jongstoarne frijsinnich-herformde dûmny, dichter en frisiast.

André Scholten waard berne yn Arnhim. Ik mien dat syn heit út Grinslân kaam, syn mem Friezinne wie en dat er sels it Frysk pas learde doe’t de húshâlding nei Fryslân ferfear. Ta myn fernuvering diele hy en ik deselde twa foarnammen.

Moarn is syn berte dus in ieu lyn. Miskyn dat de famylje deroan tinkt. Ik hie André Scholten graach op syn jierdei earje wold mei ien fan syn gedichten.

Ik bin no lykwols net yn Grins, dat ik haw Scholten syn bondel Jiergong net by de hân. Ik hie yn gedachten en publisearje op myn blôch dat iene gedicht oer in wurch hynder dat yn it stôf rôlet op in hite, droege simmerdei. André mocht wol oer maitiid en simmer, heinde ik op út syn fersen.

O, en wannear’t de literatuerbefoarderjende ynstânsjes wat sjen soene yn in werútjefte fan oarspronklik wurk en oersettings fan André Roelof Scholten, wol ik soks graach fersoargje. De hûndertste bertedei giet no ûngemurken foarby, mar foar syn santichste stjerdei (yn novimber 2014) set ik sa’n boek mei alle nocht op’e priemmen. 

(Sadree’t ik Jiergong wer yn hannen krij, hâlde jim inkelde gedichten fan André fan my te goede.)

Tiisdei, trije augustus 2010.

*** *** *** *** *** *** *** *** ***

Hjir it gedicht fan Scholten oer de simmer. Gjin hynder dat yn it stôf rôlet, mar wol in droege, hite wrâld allyk in wurch hynder. Mear it waar dat men no yn Ruslân hat, as hjirre by ús (bliid ta, oars). Wol in kreas sonnet, mei hiel wat fraaie wurden foar it beskriuwen fan in hittegolf. Hawar, lit ik de útdroegjende greiden fan André Scholten mar sprekke:

Droege simmer

.

No droeget skrok en skier de skrale finne;

it fee stiet stil te drôgjen, al den dei,

en skronf’ljend skroeie yn’e gleone sinne

de greiden, en it lêste grien wurdt wei…

.

De hjitte hynders gean’ beswit en stinne,

stramplich en tyskjend oer’e moud’ge wei…

In wurch hoars lyk leit dêr de ierde hinne,

migjend en hetsich nei it dreech krewei.

.

Gril oer de toarre, groederige grûn

libbet en lôget, wimerjend fan de kimen,

it simmersk ljocht.

                          O, fan dy gloed’ oerrûn,

sil alle tier yn ‘t neare weagjen swime!

Nea hat in wurge dei sa helpleas hime

om ‘t myld gewynder fan in koele jûn…

Tiisdei, tsien augustus 2010.

3 Responses to “A.R. Scholten (1910-1944) hûndert jier”

  1. Eric Hoekstra said

    Beste André
    Foar de nije Encyclopedie van Friesland skriuw ik in koart lemma oer Scholten (25 wurden). Út dyn stik begryp ik dat syn bertedatum is Arnhem 4.8.1910. Kinst my ek datum en plak fan ferstjerren trochdwaan? Tank yn it foar! Groet, Eric (Hoekstra).

  2. Nynke said

    Ik ben benieuwd, naar die gedichten🙂

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: