Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Marsherne < Mershorna

Posted by André Looijenga on 10/08/2010

Earjuster wie ik jierdei (wat in nuvere siswize hen, jierdei wêze — ik moast dêr ris in stikje oer skriuwe), en de jûns liet ik twa freonen kuierjend de omkriten fan Tersoal sjen. De rein luts stadichoan fuort, wylst wy op Poppenwier ôf giene. Tersoal sjocht der om earlik te wêzen in bytsje gewoantsjes út, mar Poppenwier is in smûk plakje dat derby leit as in bewenne iepenloftmuséum. De lytse steechjes, de ferburgen fermanje, de âld herberch, it glysterige haventsje ûnder driigjende wolkens.

Hinne en werom rûnen wy oer de dyk Marsherne, dy’t fan’e opfeart fan Poppenwier nei de Tolhúsbrêge (de grins mei Tersoal) rint. De namme ‘Marsherne’ wie even in riedsel foar de jonges. 

Fansels: mar-. Op’e hoeke fan Opfeart en Bangafeart lei eartiids de Poppenwierster Mar. Net in alhiel fan himsels oertsjûge mar oars: yn’e rin fan’e achttjinde ieu waard it in sompe dy’t úteinlik himsels droechlei. Mar goed, mear as genôch mar om in toponym efter te litten.

De herne om’e eardere mar hinne is noch altiten in moai streekje. Op’e gritenijkaart fan François Halma hjit it der Meershuijsen. Dêr’t de pleatsen stean, is it krekt in bytsje heger, wêrtroch de grûn droegernôch wie foar beammen. Ast de júste kante útsjochst, en wat fantasije brûkst, liket it dêr hast op’e Wâlden. Der stiet dan ek op in stek in âlde lânnamme Hegebuorren skreaun.

Ien âlde pleats stiet wat efterút, mei in djippe bleek en beamte derfoar, en in fuotbrêge mei in wyt stekje. Op’e spilen fan dat stek stie earder in swarte letters: m e r s h o r n a. Ik hie altiten wol troch dat dat itselde wêze moast as Marsherne, mar wist net wêrom’t sa frjemd skreaun wie.

Mershorna sil de Âldfryske namme wêze fan dit plak. It liket nuver, mar mer (mei in, tink, koarte e) is dan de foarrinner fan it Nijfryske haadwurd mar. De (koarte) o yn horna hat him yn it nijere Frysk ek oars ûntjûn, ta herne (mei umlaut), dat earder faaks in westlike njonkenfoarm wie. Oarekant de Snitser Mar sjogge je de earder wenstige foarm as ‘Nederlânsk’ Terhorne neist it hjoeddeisk Fryske Terherne.

It wite stekje is op’e nij opskildere. De eigner hat nije letters m a r s h o r n a sette litten. Mei mar ynstee fan mer. Spitich foar it Âldfrysk.

Tiisdei, tsien augustus 2010.

2 Responses to “Marsherne < Mershorna”

  1. Taheakke 1:
    Fanwegen de einletter “-a” liket de namme “Mershorna” dy’t op dat wite stek stie, net it direkte wjergader fan “Marsherne”, mar in genityf(eftige) foarm. Dy soe dan faaks oarspronklik west hawwe yn in kombinaasje yn’e trant fan *”Mershorna gued” (de pleats by de hoeke fan’e mar), of as skaainamme fan’e bewenners fan sa’n pleats.

    Taheakke 2:
    De measte fan myn taal- en nammekundige oertinkings binne wat se binne: oertinkings en gjin yngeande stúdzjes. Ik bin ommers (op it stuit alteast noch, mar wa wit wat komt,) gjin profesjoneel saakkundige yn’e âldfrisistyk en toponomastyk.

  2. […] Lês fierder by André Looijenga […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: