Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Pierewaaier

Posted by André Looijenga on 01/09/2010

Der binne in soad saken om hast lulk fan te wurden, dêr’t ik eins op myn Frysktalige blôch oer skriuwe moat. Dat ûnsinnige ferhege kolleezjejild foar twadde-stúdzjes bygelyks. Dy ‘besuniging’ laat no al ta yntellektuële ferearming, en sil faaks net allinne de frisistyk mar ek myn eigen klassike talen ea de kop noch koste. 

Of oer de gemeentlike-weryndielings-steamwals. Ûndertusken is dúdlik hoe’t Boarnsterhim opdield sil. De Legeanster doarpen Tersoal en Sibrandabuorren komme krekt as hast de hiele gemeente by Ljouwert. By Ljouwert! — mar dat leit mear as tweintich kilometer fierderop! — De djippere oarsaken en drôchredens efter de ‘needsaak’ ta weryndielen soe ik eins oer skriuwe moatte. It is it strukturiele Fryske minderweardigenskompleks dat de Friezen oanpraat dat sy harsels net bestjoere kinne, tinkt my. Leaver slaaf…, no.

Mar earst wat oars. Tsjin alle ússels-leechlizzerij dy’t my fanút Fryslân berikket, mar ris wat skientme yn stelling brocht. In gedicht fan Sjoerd Spanninga (1906-1985), út syn bondel Kymgong (1964). It stiet net yn’e wenstige blomlêzings, ek net yn Veenbaas syn twatalige Spanninga-kar út 2007 (Het goud op de weg haw ik lykwols net tsjekt, wegens noch net yn myn besit), dat om dit moaie fers ûnder de oandacht te hâlden stiet it by dizze hjirûnder. 

It hat fan begjin ôf ien fan myn favorite Spanninga-fersen west. Wat in begjin hat it ek: it ljocht en it libben spatsje derfanôf! 

Pierewaaier

.

Poerneaken

sprong it ljocht út ‘e dizen,

en rûn de fjilden yn,

glânzjend as de jonge dei

by it lemierjen.

Doe saaide de sinne it wetter oer,

dat in hynder allyk,

in blinkend reau,

strûsden de weagen der fan op ‘e kletter, —

tsjin ruten en roeven

spatten de glinsters

it fjoer

fan de hoeven, —

der lei brûs yn ‘e wâl.

In keardel dy prott’le:

— Wa ha wy dêr? —

en it flikk’re mar mâl by de finsters,

want soks wie gjin sede

yn dizze kontreien…

Ja, de fint begûn al te flokken,

spoensk en breinroer, —

in tongerbui

ratt’le in rûch rabb’lemint oer de greiden:

— Hui, hui, moat dat sa?

Wêr komsto fandinne, do heiden?

Wat hast hjir fanneden, stik ûnfatsoen?

Fij, út myn eagen, la, la! —

en hy joech him wer del,

sleau en slûch.

Lykwols, der barden gjin ûngelokken,

mar de skriezen dy skrillen: — gryt, o gryt!

tink om ‘e wyn en jan pierewyt! —

Dat in krûdige faam,

it erf op ‘e wangen

en de geurige rook fan ‘t hea

yn it hier,

al ierebetiid op ‘e tsjillen,

waard suver mar kjel

fan dy wylde rebel, sa’n healwizen, —

hja hold skruten de hân op ‘e rokken…

Hy wist him gjin rie

en fûn it mar foech fan ‘e fûgels, —

de loften dy kleuren har efter de reakken,

hja krigen in kaam

by de kweade geroften, —

de himelen hongen in strieljende kouwe.

Mar dêr’t er it meast syn niget oan hie,

in wite non,

stilbloeiende hagedoarn,

dy’t earne by in brechje stie,

bleau woltemoede, foar en nei,

en eange har net:

hja seine him myld

mei har tover, —

in libben gebed.

Dochs makken de lju noch jacht op him,

oant it jûne oer de lânsdouwe,

as hied er it hert fan in rover,

mar de nacht hat him hoede

en fertsjusteremoanne

.

Oare moarn

wied er der wer,

tagelyk mei de hoanne.

Woansdei, ien septimber 2010.

One Response to “Pierewaaier”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: