Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Frysk en Ingelsk

Posted by André Looijenga on 05/09/2010

Dat it Frysk eins mear ferwant is oan it Ingelsk as oan it Nederlânsk, is eat dat elk dy’t dit lêze kin al earder heard hawwe en faaks al meardere kearen sels fierder de wrâld yn holpen hawwe sil.

It gemienplak fan’e djipte-besibbens fan beide talen as dan ek al ieuwen âld. Sa fûn ik lêsten yn in boek út 1785, de Tegenwoordige Staat van Friesland (diel 1, s. 156-159), in stik oer de fergeliking tusken Frysk en Ingelsk. Eins giet it measte dat de auteur fan dit ferljochte neislachwurk (nei it liket in sekere Jan Wagenaar) oer it Frysk te sizzen hat oer dizze taalhistoaryske kwestje. De skriuwer komt fanwegen de histoaryske besibbens ta de konklúzje dat de Engelsche taal tot eene doodelyke armoede zou vervallen, indien zy alles aan het Oud Friesch moest te rugge geven, wat zy daaraan verschuldigd is.

Mei ‘Oud Friesch’ bedoelt dizze ein-achttjinde-ieuwer gewoan it ‘echte’ Frysk fan syn tiid (yn tsjinstelling ta de stedsdialekten). In eufemisme faaks foar de wenstige namme ‘Boersch’.

As bewiis fan it ferwant wêzen fan Frysk en Ingelsk jout er in tige nijsgjirrich voorbeeld van overeenkomst (…) dat zelfs den minkundigen geene twyffeling zal overlaaten:

Wy habbe sjoen ien schyp oppe See, wear yn wier tzien man, de iene fen wa hie ien greatte reade noas.

We have seen a Ship upon the Sea, where in were ten Men, one of them had a great red nose.

It wier onder folle zylen. Wy lokeene it op in del.

It was under full sail; we look’d up and down.

De wyn wier goed. De Sinn’ schyne klear op it wetter, dogs ‘er kâm nou in dan ien schoer heyl in reyn.

The wind was good; the Sun shined clear upon the water, though there came now and then a showr of rain and hail.

Dizze mannen noodjene uwz yn it schyp, in tractjerden uwz wol.

These Men would have us into the ship, and treated us well.

Sittende op it Deck songen wy mennige deuntjes, drinsten ien gleas goede wyn, barnewyn oef bjear.

Sitting upon the Deck, we song many tunes, drank à glass of good wine, brandy, or beer.

Dear woe nin Wetter trog, oermits wy hiene sokke goede wyn &c.

There would no water trough, when we had such good Wine, &c.

Wy yetene salaad mey Lip-aeien, griente, âplen, perren, fisck, flesck, wyte brea, reade boeytter en griene tzjiez.

We eat Sallad with Lapwing eggs, Apples, Pears, Fish, Flesh, white bread, rede Butter and greene cheese.

Aefteralles kâm de Thea en Kofje.

After all came the Tea and Coffee.

Ynne Keamer, dear wier ien Tâfel, Stoelen mei beckleeningen, eak fjoer, want mids May wier it dogs yette kâd, in twa bedden, wearyn wy slieptene.

In the Chamber there was a Table, stools with backleenings, a Fire, for midst May it althoug were yet cold, and two Beds, wherein we slept.

Wy thanktene de Schypper, in settene foet yn Ingellân.

We thank’d the Shipper, we set foot on English land.

Ingel-lân is ien great Keningryck. It Lân vrugtfol yn weyt, in de Natie ryck.

Engeland is a great Kingdom. The Land fruitfull in wheat and the Nation rich.

De Kening, wha is yette jong, het menning Soannen, fen wha wy ien zeagene dy sextien jiers oad is; zyn Wyv is dea.

The King, who is yet young, hath many Sons, where of we saw one who was sixteen years old; his Wife is dead.

Wy reckenje fjouwer Millioen man yn Ingel lân, in tree hondert thouwsend yn Londen, in hondert in vyf in tweintig thouwsend yn Amsterdam. Londen is ien fen de greatste pleatsen ynne wrâd.

We reckon four Million man in England, three hundred thousand in London, and hundred and twenty vife thousand in Amsterdam. London is one of the greatest Places in the World.

Is et naet wonderlick dat dy verstannige Ingelsen her oefkomst neat kinne, nog Moers tael, in het lan weeruwt zy kâmmene?

Is it not wonderful, that the understanding English not know their ofspring, or Mother Tongue, and the Land whereout they came? 

De Ingelsen in Nederlanders wierene it zelde folk.

The English and the Netherlands where the same folk.

In wûnderlik stik twatalige tekst. It liket derfoar makke om safolle mooglik typysk Fryske ferskynsels neist it Ingelsk te setten: sels de ljipaaien en de griene tsiis wurde net fergetten (al sil de taspiling op’e tolve asega’s wol net yntensjoneel wêze). Wêr soe dit tekstke fuort komme? Kaam it fan’e hân fan’e skriuwer fan de Tegenwoordige Staat, of hie it in oare boarne?

In yn noat op siden 159-160 meldt de auteur dat er (yn elts gefal in part fan) dizze tekst oernommen hat út in Ingelsk wurk mei de titel The present state of Holland, or a description of the united Provinces. De skriuwer fan dat boekje helle lykwols dizze sinnen oan as bewiis fan’e inge besibbens fan it Ingelsk mei it ‘Low Dutch’, sûnder in wurd te sizzen oer it Frysk. Der soe fansels fierder útsocht moatte (of miskien is soks al in kear dien) hoe’t it krekter sit mei dizze achttjinde-ieuske fergelikingstekst. Yn elts gefal lykje my de lêste fjouwer sinnen om har strekking út The present state of Holland komme te moatten.

De Fryske ferzje is in goed foarbyld fan frij geef 18e-ieusk Midfrysk. Wat opfalt is de útgong fan it meartal yn’e doe-tiid op -ne: slieptene, zeagene, wierene. Der stean in pear je-tiidwurden yn: lokeene (moat lokene of lockene west ha: lôken, doe-tiid fan loaitsje ‘to look’), noodjene, dat itselde as noedzje wêze sil, en fansels reckenje. Yn it iene gefal gjin en yn it oare wol in -j- yn’e doe-tiid. Leksikaal is it fierders apart dat der schyp brûkt wurdt foar skip (mei in /i/ ynstee fan in /I/), dat drinke noch drinze wie (sj. drinstene), en dat bier doe noch bjear hite.

Snein, fiif septimber 2010.

3 Responses to “Frysk en Ingelsk”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

  2. […] Comments (RSS) « Frysk en Ingelsk […]

  3. Om’t hieltyd mear âlde boeken skend wurde, koe ik yn eachwink it boek “The present state of Holland, or: a description of the united Provinces” (Londen, J. & P. Knapton, 1743) op ynternet fine. Op siden 259 oant 264 dêryn wurdt likensens fan it Ingelsk en it Nederlânsk útlein. Oars as ik bewearde hat de skriuwer fan “The present state..” net it Frysk foar Nederlânsk oansjoen: yn it Ingelske boek (dat eins in soarte fan reisgids foar Den Haach en de provinsjes Hollân en Utert is; Fryslân wurdt der kwalik yn neamd) stean Nederlânske neist Ingelske sinnen.
    Foar “De tegenwoordige staat..” út 1785 hat ien him foar in fergeliking tusken Frysk en Ingelsk basearre op de fergelikingssintsjes út 1743. Dêrby hat dyjinge inkelde oanpassings oanbrocht om de fergeliking better útkomme te litten foar de Frysk-Ingelske sitewaasje. Wa’t de ynformant fan’e skriuwer(s) fan “De tegenwoordige staat..” wie, kin ik alteast net sizze.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: