Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Faaks

Posted by André Looijenga on 07/09/2010

Ik bin der al meardere kearen op wiisd dat ik yn it Nederlânsk, sawol skreaun as sprutsen, fiersten te faak misschien brûk. Ter fariaasje smyt ik der dan ek noch hiel wat wellicht trochhinne, en nim ik gauris myn taflecht ta zou-konstruksjes. Ik soe te foarsichtich en te min útsprutsen wêze.

Yn myn Frysk, seker ek hjir op myn deiblôch, haw ik lêst fan itselde euvel. Gauris dûkt miskyn (neffens de stavering moat dat eins miskien wêze) op, en hast, en ik bin in grutgebrûker fan it moaie lytse wurdsje faaks.

Nuver eins dat ik sa faak faaks skriuw. It is in wurd dat ik nea pratend brûke soe; fansels is miskyn wat ik altiten sis. De distânsjearring, dy âld kammeraad fan eltse Fryskskriuwer, spilet seker mei yn myn (hast ûnbewuste) kar foar faaks. Dêrneist hat faaks, boppe miskie/yn, foar dat it sa lekker koart is: it kin der altyd noch even tuskentroch. Faaks is in hearlik wurdsje, jout de skriuwer wat romte, en ferlient him daalks in skymke fan akademyske betochtsumens. 

Mar hoe komt dit oe sa geve faaks oer op in trochsneedlêzer? Ek ik sels moast, doe’t ik begûn mei Frysk te lêzen, wenne oan faaks, dat ik gauris oanseach foar faak. Makliker makket faaks it der net op, meidat wy hast allegearre dizze taal lêze en skriuwe as trochwrottende autodidakten. Koart, hoeden en beskieden leveret faaks lykwols in moai bewiis dat èk de wat keunstmjittige geef-Fryske skriuwtaal erfguod is dat it behâlden wurdich is.

Dat faak brûkt liend-eigen faaks fan my falt miskyn net út myn skreaune taal fuort te wjudzjen, en faaks is dat ek wol better sa.

Tiisdei, sân septimber 2010.

2 Responses to “Faaks”

  1. Josiah Efird said

    thanks

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: