Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

A Woorhaid

Posted by André Looijenga on 11/09/2010

Oan’e Lytse Tsjerkstrjitte (by Auke dy’t syn boeken no wer foar de heale priis fuortdocht) fûn ik juster in nijsgjirrich Noardfrysk boek. In lêsboek yn it Fering en it Öömrang, twa Fryske eilândialekten (Mamenspriik: Leesebuk för Fehr an Oomram, red. R. Arfsten, út 1957). Krekt as alle foarmen fan Noardfrysk binne ek dizze twa lytse talen hiel apart, foar ús Frysk oer en ûnder inoar.

Mei wat puzeljen helje ik sawat twatredde derút by de tekstkes yn it boek. Foaral de fonology, en dêrmei de stavering, docht jin frjemd oan. Op ûnferwachte plakken dûke j‘s op, en it tilt op fan’e a‘s en de dûbelde klinkers. Hoe koarter de wurden, hoe dreger’t se thús te bringen binne. Mar ast dan in bytsje dêrtrochhinne sjen kinst, blykt sa’n Noardfrysk dialekt dochs hiel tichtby te wêzen foar wat de ynhâld oanbelanget. Nim no de ûndersteande siswizen yn it Fering, optekene ûnder it kopke Folkswishaid. Deselde ‘let op dyn wurden’-hâlding werkenne wy mar al te goed út ús eigen Fryslântsje:  

Bliiw bi a Woorhaid!

A Woorhaid klangt üüs en Klook.

A Woorhaid komt miasttidjs tu slööden Dören.

Hoker en graten Snütj hee, skal uk en briaden Ragh haa.

At Wurd leept widjer üüs a Maan.

Dü könst di lachter fersnaake üüs ferwerke.

Diar skal en guden Snaaker tu, diar en Swiigher ferbeedhert.

In goed sprekker, dy’t in swijer ferbetteret, no. Ik hoopje al dat de hjoeddeiske sprekkers fan it Fering en it Öömrang foaral net tefolle swije, mar stoef har Frysk snaake bliuwe.

Sneon, alve septimber 2010.

One Response to “A Woorhaid”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: