Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Fryske tsjerken op’e buis

Posted by André Looijenga on 15/09/2010

Omrop Fryslân stjoerde justerjûn in programma oer âlde Fryske tsjerken út. Fansels haw ik it drekt sjoen. It is moai dat soks makke wurdt, dat der op ús regionale tillevysje sa’n ynformatyf programma útstjoerd wurdt. De oanlieding ta dizze searje fan fjouwer ôfleverings is it jubiléum fan’e Stifting Âlde Fryske Tsjerken. De earste ôflevering seit oer tsjerketuorren te gean.

Âlde tsjerken gean my tige oan it herte. Ek ik bin sa ien dy’t doarpen oan harren tuorren kin. Toer en (‘grutte’) tsjerke binne foar my de essinsje fan in doarp. Dat dit woe ik graach sjen.

Op himsels wie de earste ôflevering net min. By ús yn Fryslân lykwols fynt men it meastens al hiel gau goed. Om’t soks it der ek net better op makket, kin ik hjir net oars as in pear krityske noaten meitsje:

*) Earst in technysk punt. De dokumintêre is traach en eins hiel earm oan ynformaasje. Yn in programma fan sa’n healoere komme mar twa tsjerken (Holwert en Westhim) oan bod. Dat is net folle. It liket wol oft men bang is om de sjogger te folle tsjerke sjen te litten. Oe nee jong, de minsken soene ris tinke dat it in dokumintêre oer tsjerken wie; dêr soene se blykber net nei sjen wolle. Fan’e fjouwerentweintich minuten is krekt wat mear as fiif minuten in tsjerke fan tichtby yn byld. De rest is opfuld mei sfearbylden fan it Fryske lânskip, en mei praatsjes oer hoe’t minsken tsjerketuorren ‘erfare’. De âlde keunstskilder Jentsje Popma komt hast langer yn byld as de tsjerken. Syn skildere lânskippen binne seker hiel nijsgjirrich, mar earlik sein jeuzelet er de helte fan’e tiid in bytsje. Sfearbylden fan Popma oan’e kofje koe de film ek wol sûnder. De makkers hiene goud yn hannen, mar hawwe it oanlingd ta sloppe tee.

**) Twad, de taal! Dizze dokumintêrerige is makke troch in firma út Grins mei de namme Castel Mediaproducties. Dat is my op himsels bêst, hear. Allinnich: hoe hawwe se it yn’e plasse krigen om foar Omrop Fryslân ien ynterviewe te litten dy’t sels gjin Frysk praat!? At ik de lieding hie by de Omrop, soe ik om dy reden it yn dizze searje stutsen mienskipsjild werom easkje! Troch dizze allinnich mar Nederlânsk pratende ynterviewer skeakelet it Frysktalige âldere echtpear dat er ynterviewt sels mar oer op Nederlânsk, wylst de âld man júst fertelt oer de tsjerke yn syn bernejierren. Goed, de voice-over praat fersoarge en geef, mar nochris, in ynterviewer op’e Omrop dy’t gjin Frysk kin, hoe doarre se soks te betinken? 

***) Dat it mei it Frysk by de Omrop blykber efterút giet, wie ek te merken oan wol fjouwer staveringsflaters yn acht rigeltsjes Fryske ûndertitels. Je soene gjin diktee wûn hoege te hawwen om se derút te fiskjen: “skoagest fier de fjilden oer / trouwe wachter fan de klei / nea bist út myn tinzen wy … ‘t hert lûkt nei die Holwerter toer”. At se sa’n muoite mei ûndertitels hawwe, mei Omrop Fryslân oars my tenei dêrta wol ynhiere, hear.

Lit ik dit blôch foaral posityf ôfslute. Om werom te kommen ta wêr’t it hjir eins om gie, de wichtige rôl fan tsjerketuorren yn it Fryske lânskip en de Fryske identiteit, mar even in fotootsje fan miskyn wol de moaiste sealtektoer fan allegearre. Yn’e gongbere boeken oer âlde tsjerken wurdt er meast oerslein, en hy falt net ûnder it besit fan’e SÂFT, mar it is seker in midsieuske toer. Myn ‘eigen’ toer. Yn hokker doarp er stiet, kinne folgers fan dit blôch wol riede, tink.

Woansdei, fúftjin septimber 2010.

One Response to “Fryske tsjerken op’e buis”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: