Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Kening fan ‘e junks

Posted by André Looijenga on 21/09/2010

Om’t de Majesteit hjoed ek net folle nijs te melden like te hawwen, liet ik Prinskesdei mar Prinskesdei en teach ik wat earder as oars nei Ljouwert. Eat oars stie op it programma: in moeting mei in rju swiid-leard Frysk taalkundige en literator.

(Yn it literêr-Frysk ynternetwrâldsje is der ommers ûndertusken ek wer ris deilis útbrutsen, ditkear om it foar him út mopperjen fan Durk van der Ploeg yn’e Ljouwerter lêsten, dat dêr woe ik it op myn blôch mar net oer hawwe. Hoe minder fretten der yn’e trôge driget te kommen, hoe hurder’t de kuozzen skrieme. Jawis, ek ik kin myn âld-boerefryske deadoggers, no.)

Hawar, yn it wyld stúkte 18e-ieuske haltsje fan it Kûlonhûs stie ik net lang te antichambrearjen, ear’t de skraitsige gestalte fan’e Nietzsche-oersetter de treppen delkaam. In rûnlieding trochhinne de hillige graal fan’e Fryske kultuer folge. Kjel waard ik wol fan’e plannen mei it Aljemint, de eardere griffermearde tsjerke dy’t no noch as in soartemei akademykapel foar lêzings brûkt wurdt: sil dy wier omboud wurde ta in parkeargaraazje?

Yn’e kuiergongen fûstke ik, leau’k, ek noch mei de heit fan in oan’e wei timmerjend Frysk skriuwer. Foar’t wy de doar útgiene foar in kopieuze lunsj, duts de wrâldferneamde tonnefilosoof op syn wurkkeamer even de kast yn. Dêrút krige er in steapeltsje boeken, wêrfan’t ik der ien yn’e trein nei hûs gnizend útlêze soe.

Kening fan ‘e junks (2007) fan Eric Hoekstra is dan ek ien fan’e leukste Fryske boeken dy’t ik ea lêzen haw. Hoekstra syn satiryske parergon is in skelmeroman oer in man dy’t him listich in posysje op’e maatskiplike ljedder feroveret. De iepeningssêne is faaks de bêste iepening út’e Fryske literatuer. Ús held Desiderius wurdt op in wintermoarn nei in wylde nacht neaken en bleat troch in lulke chick ta de doar út trape, op’e kop yn’e farske snie. Tabula rasa, en nei’t him de klean efternei smiten binne, giet er syns weechs en bedraait him mei faasje earne binnen as direkteur fan in soarchynstelling. Desiderius lult him oeral út, oant op it lêst it bedroch út driget te kommen en hy op’e rin op in nije útdaging oan moat.   

It is foaral in hiel leuk boek, skreaun mei faasje en in protte ynsjoch yn’e ferrifeljende wurking fan taal. De haadpersoan bluft him mei wiidweidich orearjen troch in sollisitaasjepetear hinne wêr’t er net iens ta útnoege wie. In smjunt as Desiderius as held is in ferademing yn’e dochs faak nuete Fryske skriuwerij. It boek is in slagge satire, dêr’t je om gnize en laitsje. Seldsum komysk foar in Frysk boek. (Fryske humor, en seker humor yn Fryske boeken, moat ik nochris in soarchlik stikje oer blôchkje, tink. Bestiet der eins wol Fryske humor, of lient ús taal him better ta oersettings fan Dútske moppeboekjes? Dat wurden as biis en fyt út it hjoeddeiske Frysk fuortteid binne, seit miskyn al genôch.)

Wierheid is spinaazje; in bytsje is sûn, mar tefolle is in skealik fergif. Lês dit boek, minsken! Hjir leare je wat fan, Fryske barden en burden!

Tiisdei, iennentweintich septimber 2010.

4 Responses to “Kening fan ‘e junks”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

  2. Marcel Plaatsman said

    Best gaan! Ejje Hoekstra ok nag vregen na’t West-Fries? Deer het ‘ie onderzoek na deen en deer hew ik mien, doe’k’t las, wel in fiende kenne. Dat hee is ien puur beste taalkundige ok! Ik sel sien boekie ok mar d’rs opskarrele, din ken ik deer drek ok over meeprate. +

  3. Marcel Plaatsman said

    Die + het Lieselot derbee set, ik weet ok niet weerfoor.

  4. Hee Plaas, over ut Westfrys hewwe Eric en ik ut doe nyt had. We hewwe wel, onder ut genot fan un echte Liwwadder hamburger, sitten te praten over ut Stadsfrys, ut Fêreuërs en ut Frys fan de seuventynde en achttynde ieuw. Mutst miskyn sels oek mar weer ‘s yn Liwwadden langeskomme, denk.
    Doenst oek even myn groeten an Lieselot?

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: