Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Libbensjern

Posted by André Looijenga on 06/10/2010

Ferline wike freed, 1 oktober, ferstoar de skriuwer en dichter Harmen Wind. Wer in Frysk literator weirekke. Spitigernôch haw ik Wind nea met. Ik moat ek bekenne dat ik foar syn stjerren nea in dichtbondel fan him ûnder eagen hân hie.

Harmen Wind waard berne yn 1945. Syn jeugd brocht er troch yn Boarn. Hy wenne sûnt jierren yn it Gelderske stedsje Doesburg, wêr’t er hjoed begroeven waard. Hy wie in warber man. Skreau en dichte yn beide talen, Nederlânsk en Frysk. Sette oer, nei en út it Frysk.

Ik krige Wind syn bondel Plak: Fryske gedichten, út 1996, yn hannen. In moai útjûn boekje. Steatige letters, in dûnkerread omkaft mei dêrop in fragmint fan in houtfyk fan om 1500 hinne: de Demiurch mei ierdbol en passer. Dürer, tink. Mei nocht trochnoaske ik de bondel, en lies benammen berneherinnerings (mar dat lei faaks oan my), dreamen dy’t mei doel lânsdoarmen.

As in lyts oantinken keas ik ûndersteand fers út, út Skerte, it twadde fan fiif skiften. Earne kaam it my bekind foar, mar yn’e resinte blomlêzings stiet it net. Ek dêrom, mar foaral om it moaie byld fan’e libbenstried, dit gedicht: 

Ûntjouwing

.

Ik dreamde: ‘t libben wie

in kleaune jern, myn hjoed

safier’t ik mei opwuoljen wie.

Ik wûn en wûn; as ik de ein

hie soe ús mem my nei it

begjin werom breidzje

yn in boarstrok.

.

Harmen Wind

Woansdei, seis oktober 2010.

One Response to “Libbensjern”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: