Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Loaiïngea – Goaiïngea

Posted by André Looijenga on 25/10/2010

It wie fan it simmer dat ik ris yn Tersoal yn’e eftertún siet mei in topografyske atlas fan Fryslân. Ik siet krekt te tinken hoe apart it is dat der yn Fryslân, benammen op’e Klaai, safolle (lytse) doarpen lizze. Dizze plakjes binne doarpen om’t der yn’e midsieuwen tsjerken boud binne. Meastal stiet der noch in tsjerke, en oars is der noch in toer, in klokkestoel, of inkeld in hôf om de doarpstatus te ferdigenjen. Fan dizze âlde Fryske karspels falt foaral op hoefolle’t se binne, en hie ticht at se opinoar lizze. Ik wie benijd hokker midsieuske tsjerken (en ‘tsjerksteeën’) it tichtste by-inoar leine, dat ik pakte in lineaal derby.

Earne moat noch it listke omlizze dat ik dy middeis makke. Ik wit it my net mear hielendal goed tebek te heljen, mar ik leau dat Seisbierrum en Pitersbierrum rekôrhâlders wiene. Dizze twa tsjerken waarden op om-en-nabij de 650 à 700 meter fan inoar stifte. Mar ûngefear like tichtby-inoar leit it keppel Marrum en Westernijtsjerk. En ek hiel deun by-inoar waarden der, mei minder as in kilometer ôfstân, ienris twa tsjerken boud yn Wiuwert en Britswert.

Ek yn’e top-tsien fan ticht oanbuorjende midsieuske parochys heare de doarpen Goaiïngea en Loaiïngea. (Twa djipfryske, hearlik ûnútsprekbere nammen, sij it mei in ûnsjogge stavering. De Nederlânske spelling sprutsen wy eartiids út’e gek út as Goengaloenga, as lei it yn Afrika. Boppedat: myn famyljenamme moat hast wol fan dat lytse, no tusken N354 en Snitser rûnwei ynsletten, Loaiïngea komme.)

Ik woe wol sjen hoe’t soks yn’e praktyk yn ús tiid derút sjocht sa’n konjunksje fan doarpen. Sa kaam ik lâns Loaiïngea en Goaiïngea (gjin ûnbekind terrein oars, seis jier fytste ik alle dagen op en del yn dizze kontreien). Yn it earste plakje stiet al sûnt de achttjinde ieu gjin tsjerke mear. Wol is der in moai en rêstich tsjerkhôf, mei in klokkestoel. (Dêrneist leit der ek — nuver tapaslik — in Looijenga te hôf, mar dy leit der al goed hûndert jier.) Op krekt gjin tûzen meter fierderop stiet de tsjerke fan rymjende buordoarp: 

Goaiïngea is in hiel kreas doarpke. De tsjerke stiet der op in soarte fan platte terp, mei deromhinne goed ûnderholden huzen en spultsjes. Fanôf it hôf wie Loaiïngea dêrom ek net te sjen. Hjir haw ik dus in bytsje smokkele, en bin ik in 150 meter fierderop yn’e strjitte (sa’n bytsje op’e bleek fan in ferneamd Frysk toankeunstner en lietedichter) stean gien foar in fotootsje fan it susterdoarp. De beammen om it Loaiïngeaster hôf sjogge jo lofts fan’e flaggemêst:

*** *** *** ***

Ik haw al in tiidsje gjin nije blôchkes tafoege. Soks kin fansels gjin sprekken lije. Eins wie ik fan doel en weriepenje it rigelmjittige blôchskriuwen mei in programmatysk en beskôgjend stikje oer wat ik wol mei myn Deiblôch. Dat sil skylk wol komme. Ideeën haw ik genôch, op it se — foar jo — delskriuwen komt it oan.

Moandei, fiifentweintich oktober 2010.

One Response to “Loaiïngea – Goaiïngea”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: