Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

De taal fan… Epke Zonderland

Posted by André Looijenga on 27/10/2010

Yn it foarste plak myn lokwinsken oan Epke Zonderland, dy’t ôfrûne snein op it wrâldkampioenskip turnen it sulver behelle op’e rekstokken. In prachtige prestaasje fansels. En as fansels bist der grutsk op as in Fries it sa goed docht, — soks kinst net helpe. En dan praat er ek noch ris Frysk. Om’t ik graach konkrete gegevens samlje om út te meitsjen hoe’t it Frysk der hjoeddendei foar stiet, rjochtsje ik my yn dizze bydrage op it Frysk as sprutsen troch Epke Zonderland. Ik bin fan doel en doch dit faker: de steat fan it deistige (en takomstige) Frysk sjen litte troch de taal fan bekinde jongere Frysksprekkenden.    

Eins is it Frysk fan Epke sa min noch net, ast betinkst 1) dat, krekt as foar hast al syn en myn generaasjegenoaten, yn’e praktyk it Nederlânsk de earste taal is, 2) dat ûnderwiis yn’e Fryske taal wierskynlik noch folle minder as ien promille fan alle genoaten ûnderwiistiid útmakke hat, en 3) dat er krekt in sportive prestaazje op wrâldtopnivo ôflevere hie.

Hjirûnder myn transkripsje fan it petear dat Epke snein hie mei in ferslachjouwer fan’e Omrop. De stavering is no dan wat nuver oanpast om Zonderland syn útspraak dúdlik wer te jaan. Der sitte yn it petear fansels nochal wat ynterferinsjes mei it Nederlânsk. Wannear’t syn Frysk ticht tsjin it Nederlânsk oansit, haw ik him meastal it foardiel fan’e twivel jûn en it as Frysk delskreaun. Wannear’t ik it idee hie dat er Nederlânske wurden echt as Nederlânsk útspruts (mei frikatyf g- bygelyks), haw ik dy wurden kursivearre. Wat tusken fjouwerkante heakken stiet, is parafrasearre.

OF: [Ferline jier sulver yn Londen, no yn Rotterdam, hoe fielt dat no?]

EZ: Ja, no, as in gruttere oerwinning noch as förrich jier. Ik heb no ek echt it maksimale derút helle. Ik hie net in top förbereiding han. En ik wie ek gewoan, dat koest ek gewoan dúdlik sjen, förrige wike wie ik der gewoan noch net klear för. En dan hewwe we it oer dus seis dagen lyn. Ouronde mönnje… mennje hie ik… in oefening fan sân-ien wie ik fan plan en it rôn net, dus dan wurde it in seis-acht, en no goen we foar in sân-fjouwer en wurdt it in sân-trije. Dus dan klimst in heale punt omheech. Mar útfoering is ek folle better, en dat levert dan, ja, in silveren medaille op. Dus dat is, ja, dan wol in super, natuerlik.

OF: [Op’e tribune sei dyn broer Herre: gelyk yn it begjin lit er in tsiende lizze…]

EZ: Ja, ja, hij sjöht it mear op dy manier, en ik seach it mear op in manier fan “Lekker begjinne is dat, as dan de earste element dan net lukt”. En dat is dan op sich wol moeilik om dan gewoan gefokust te bluwen en troh te gjean.

OF: [Want doe moasten de drege vluchtelementen noch komme…]

EZ: Presys ja, dat wie it maklikste element hast fan dy oefening, en, ja, dy risiko’s dy kwamen noch. En, ja, ik gûng der gewoan wer fol foar. Kovacs [?], Cowen [?], dat vluchtelement is de meest risicovolle combinatie. Ja, en dy gûng goed, en dan bist it begjin al wer ferjitten. Dan gjist gewoan wer fjirder en dan… ik hew myn oefening perfekt ou kenne meitsje.

OF: [Tochtest doe net: no wurd ik earste?]

EZ: Nee, nee, nee, want deze finale wie echt heel bysonder. Der wienen dus seis jonges mei in hele hege útgangswaarde, en dy’t ek noch netsjes kenne útfoere. En… dus ik wist dat as no iderien in perfekte oefening soe dwaan, dan soest ek noch es fjirde kenne wurde. Dat ken gewoan yn sa’n finale. Mar ik wie dus ek super blij dat, op it moment dat, ik wist dat ik yn ider gefal brons hie.

OF: [En doe die Hambüchen it minder, en doe Philipp Boy, en doe koe it hast net mear mis…]

EZ: Ja, no ja, ik wist wol dat… It koe wol. Ik wist dat as hij in perfekte oefening soe dwaan, dan hie dy yn ider gefal heger.

OF: Zhang?

EZ: Ja, Zhang. Mar ja, der sieten wat foutsjes yn, mar dêrom hie ik wol goeie hoop fan… No ja, ek as ik it fergelykje mei Fabian Hambüchen, mei syn oefening, dan soe myn oefening miskyn wol genôch kenne wêze. Dus op dat moment fjilde it eigenlik noch wol redelik posityf, dus dat wie wol even bale dat it dan toch twadde plak werd.

OF: [Hambüchen hearde ik krekt sizzen: ik hie it Epke sa gund, mar it belangrykste sjuerylid is in Sjinees…]

EZ: Ja, ik heb der net op letten… Mar dat is heel leuk, ik krij ek in heleboel réaksjes om mij hinne dat se fûnen dat ik it hie fertsjinne. En, no ja, dat is ek hartstikke moai, en ik ken dêr gewoans foar mysels super blij wêze mei dat… mei myn oefening dy’t ik heb delsetten. En dat it twadde wurdt, dat is yn eerste instantie wat jammer en… mar no bin ik al wer hartstikke blij dermei.

OF: [Hast sjoen dat dyn âlders op’e tribune neist Willem-Alexander en Máxima sieten?]

EZ: Ja, klopt, ik hie it… Yn’e turnhal he’ we… of yn’e ynturnhal dêr he’ wij in beeldscherm, dus dêr seach ik myn âlders al prate mei hun.

OF: [Dus, nije wike op’e kofje…]

EZ: Ja, nou. Wie wyt. Mar, ja nee, it wie hartstikke leuk dat sij hjir ek belangstelling foar hebbe. En dan helemaal ast it dan ek mei in goeie oefening kenst litte sjen, yn elk gefal, oan hun.

OF: [Hoe is it om dan yn sa’n grutte hal, mei dyn entree…]

EZ: Ja, dat is natuerlik super. Mar allinnich, ik, it is moeilik. Mötst op dat moment, mötst dy net litte ouliede. Mötst dy echt bij dysels bluwe, want do mötst dan as twadde. Dus hest dan gjin tiid om aandacht te besteden an it publyk. Dus op dat moment wie it gewoan: fokusje. En dat lukte. En ik wie ek hiel rustich, dat merkte ik, en dat fjille heel goed.

OF: Mar gjin pikefel?

EZ: Nee, nee, op dat moment net, terwijl… Dat komt pas nei de tiid. Dan tinkst pas: “Wauw, dit is echt gaaf!“, dat iderien achter dy stjit. En nei elke oefening, dan, of de skoare fan elke oefening, dan is er wer flink gejuich. Dus dat is dan fantastisch, om yn eigen lân sa goed te kenne presteare, ja. 

It petear is nei te harkjen op: Ynterview mei Epke Zonderland op Omrop Fryslân, 24-10-10

Oan Epke syn Frysk sil te merken wêze dat er fan’e Lemmer komt. Hy brûkt súdlik-Fryske ö‘s, yn “förrich”, “hij sjöht” en “mötte”. Witte is “wite”, ôf klinkt as “ou”, en syn doe-tiid fan rinne is “rôn”. Dingen dy’t guon faaks Hollânsk taskine, mar dochs goed Frysk binne, is dat Epke ‘kinne’ konsekwint as “kenne” útsprekt, en dat ‘hawwe’ by him “hewwe/hebbe” is.

Ien kear brûkt er ek Súdwesthoeksk “an” ynstee fan ‘oan’. Oan it begjin wol er him ferbetterje: earst seit er “mönnje” (foar ‘moandei’, typysk Lemsterlânsk?), mar makket er dan it gewoanere Wâldfryske “mennje” fan. Wêr’t ik fan ophearde, wiene de doe-tiidsfoarm “goen we” (in ynkoarten fariant fan gûngen) en dat er ienris “gjean” seit mei in dúdlik te hearren j‘tsje.

It is gewoan in gesprekje fansels, dat moatst net te folle lette op’e bulten ‘ja’, ‘no ja’, ‘en’, ‘mar’, ‘dan’ en ‘dus’, wêr’t ik de measte fan mei transkribearre haw. En de heal-ôfmakke sintsjes, ek.

Wol sil it guont in griis wêze dat Epke yn alle ynfintyf-klusters de tiidwurden yn’e Hollânske folchoarder set: “ik hew myn oefening perfekt ou kenne meitsje”, “dan soe myn oefening miskyn wol genôch kenne wêze”, “dy’t ik heb delsetten” en “mötst dy net litte ouliede”. Oe, dat klinkt wol wat knoffelich, hoe goed Epke oars ek meastal op’e fuotten lânet.

En ja, no ja, dan sitte der fansels in soart Nederlânske wurden yn Epke syn Frysk. It iene moment ferfrysket er dêr de útspraak fan (“útfoering”, “ynturnhal”), de oare kears bliuwt it in Nederlânske glos (“beeldscherm“). Grappich is it heal-om-heale “útgangswaarde“, mei ynienen in Nederlânske g-. It falt my op dat Epke him it sterkst op it Nederlânsk rjochtet, wannear’t it oer technyske swierrichheden giet, én by positive emoasjes: “Wauw, dit is echt gaaf!” en “gejuich“. Dat earste is wol te begripen, mar it oare is wol wat ferûntrêstigjend. Krekt as lient it Frysk him net foar sterke positive réaksjes…

Epke Zonderland praat in Frysk dat my ridlik representatyf liket foar dat fan in heger-oplate generaasjegenoat fan my. De tiidwurdsfolchoarder is hieltyd in misgryp, mar fierders soe er, yn oare omstannichheden, fêst wol ris in wat ‘Fryskere’ wurdkar ha kinne. It kin ferskillende kanten op yn’e taal.

Merkst dat it him ûntwikkelet, dat it libbet, ast bygelyks sjochst dat Epke oan’e iene kant “gefokust” seit en der fierderop kreas “fokusje” fan makket, en dat er de doe-tiid fan ‘fiele’ de iene kear as “fjilde” en de oare kear as “fjille” réalisearret. Boppedat, it is in petear, en as gesprekspartner rjochtet er him nei de ferslachjouwer. Yn it begjin liket Epke mear ‘dialekt’ te brûken, en geandewei wurdt it tagelyk mear ‘standert’-Frysk mar ek Nederlânsker. Sa giet soks, no. Kreas prate kinne is in boppeslach, mar meastal wolle je gewoan wurde ferstean.

Woansdei, sânentweintich oktober 2010.

6 Responses to “De taal fan… Epke Zonderland”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

  2. Martsje said

    Aardich, mar wat is it doel? Wittenskiplik ûndersyk? Persoanlike fetisj? De meiwurkers fan De Omroep kinne it Frysk al net iens op in fatsoenlike wize brûke, hoe sil in Lemster, dochs al útsoarte grins-gefal Friezen, soks kinne?
    It is lykwols net te hoopjen dat immen him er ta sette sil it skreaune Frysk fan boppesteande ferhanneling ris neier te besjen, want dat is wier om te skriemen. En dat op Ensafh. Of is bryk Frysk krekt literêr ferantwurde?

  3. Bêste Martsje,

    jo réaksje op dit stik fan my begryp ik net hielendal. Jo beskuldigje my dochs net fan in persoanlike fetisj mei oarmans taalgebrûk?

    It efterlizzende doel fan dizze blôchbydrage is ris fan tichteby besjen hoe’t it der foar stiet mei it sprutsen Frysk fan in ‘random’ keazen generaasjegenoat fan my. Hoe prate Friezen dy’t yn’e jierren ’80 berne binne? Wat kinne wy dêr faaks úthelje oer wize wêrop’t it Frysk him ûntwikkelet? Wannear’t de babyboomers ienris demint wêze sille, moatte wy jierren’80-ers it dochs in kear oernimme mei dat Frysk… De reden dat ik hjirby foar in bekinde Fries as Epke Zonderland keas, is perfoarst net om him te kyk sette wol om ‘bryk Frysk’. Ik keas him júst om’t fan him in audio-fragmint beskikber wie, om’t hy as publyk persoan net in ‘willekeurich slachtoffer’ is, en fansels om’t er aktualiteitswearde hat.

    Ik freegje my wol ôf wêrom’t jo miene dat it Frysk yn myn ferhanling “wier om te skriemen” wêze soe. Faaks hawwe jo in bytsje in beheind byld fan wat geeffryske standerttaal wêze moat. Ik haw wol nea in Afûk-kursus folge, mar ik tocht altyd dat myn skriuwsels der taaltechnysk ridlik mei troch koene.

    Foar de dúdlikheid en ta eintsjebeslút: dit blôch is, oars as jo faaks mienden, gjin ûnderdiel fan Ensafh.

    • Martsje said

      Mar dit bloch is faaks hastiger skreaun as jo antwurd, want dêr is yndie net folle fan te sizzen. Mei persoanlike fetisj bedoel ik gjin kwea, mar mear: persoanlike, fiergeande, ynteresse. Ik hie net it idee dat jo Epke te kyk sette woene, mar myn opmerking kaam mear fuort út: as jo jo drok meitsje om de tastân fan it sprutsen Frysk, wêrom dan net ris it Frysk fan de Omroppers nei te plúzjen? Dat is oer it generaal in tuskengeneraasje, fan minsken tusken de 30 en 60 jier, dy’t ek min Frysk praat. Guon minsken sizze: it is in libbene taal en dan moatte jo soks oersljochtsje, mar it omkearen fan tiidwurden is net om oan te hearren. Foar in folsleiner byld soe it moai wêze as jo mear fragminten neiplúzje, mar dan fan Friezen út ferskate hoeken fan’e provinsje en fan ferskate leeftiden.

      Groetnis,
      Martsje

  4. Bêste Martsje,

    it is moai om te sjen dat wy it yn wêzen iens binne. Ik meitsje my drok om it Frysk, yn al syn facetten. At jo myn blôch trochblêderje, sille jo dat op ferskate plakken weromsjen.
    Om it Frysk, as in taal dy’t de muoite wurdich bliuwt, te rêden, soe der in soad feroarje moatte. Der is in feroaring fan hâlding nedich by de measte sprekkers. Om te begjinnen by dyjingen dy’t yn har sprekken (en yn, spitigernôch, folle mindere mjitte har skriuwen) in soarte fan foarbyldfunksje hawwe.
    Jo hawwe gelyk dat de Omrop op dit flak teloarstelt.
    Ik haw, op dit stuit, lykwols mear te dwaan as it (om it ûnsjoch mar byldzjend te sizzen) oan’e kaak stellen fan taalflaters yn’e hiele Fryske taalpopulaasje. Ik bin ommers gjin dêrta oansteld wurknimmer fan’e Fryske Akademy of Afûk of sa… Dêrom bliuw ik ynearsten by it út en troch neiplúsjen fan’e taal fan in ûngefear-leeftydsgenoat. Ynkoarten sil ik Doutzen Kroes ris prebearje.

    • Martsje said

      Dat wurdt dan hiel aardich, tink ik, want neffens my praat Doutzen hiel knap Frysk.
      Ik leau sekuer dat it ferdraaien fan tiidwurden ek te krijen hat mei it feit dat de Fryske taal op skoallen amper noch serieus benadere wurdt. Der steane ferplichte oeren foar, mar as de dosinten (en de dosinten yn oplieding, dy’t faak in grut tal lessen fersoargje) de taal mar amper fatsoenlik sprekke en skriuwe, hoe sille ús bern it dan leare?
      Ik die ris in fraachpetear mei Krijn Jacob fan Die Twa, dy’t it as bern ferskriklik fûn dat hy hieltyd korrizjearre waard troch de buorlju, as hy wer ris tiidwurden omdraaide. No’t hy folwoeksen is, docht er it goed en dat is oan dy korreksjes te tankjen. Ik hear faak ‘Fryske hits’, wêr’t tiidwurden ek yn omkeard wurde, foaral om’t it rymskema net yn gefaar brocht wurde mei. Ivich skande.
      Wy hiene eartiids gelok op skoalle (begjin jierren ’80) dat ús skoalmaster bot oan it Frysk hong. Sadwaande krigen wy altyd de Fryske Bernekrante en learden wy net allinnich it lêzen, mar, mei de puzzels fan Omke Jaap, ek it Frysk skriuwen. Latint ha ik lykwols it measte opstutsen. En soks jildt foar elk. Jo leare neffens at jo foarbyld krije.
      Ik hoopje jo (of dy) noch faak te lêzen, de striid om ús taal te behâlden is dreech, mar tige de muoite wurdich.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: