Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Wurdferlet & oer myn blôch

Posted by André Looijenga on 28/10/2010

Der moat my wat ‘fan it herte’.

Dat ik dizze útdrukking brûk, seit it eins al. At ik Frysk praat, mar seker at ik Frysk skriuw, haw ik hieltyd te min wurden. Hieltyd wer ‘rin ik dertsjinoan’ dat ik yn goed Frysk net sizze kin, wat ik yn’e holle haw. Om’t wat ik yn’e holle haw oan wurden en útdrukkings foar it grutste part (al as net heal-ferfryske) Nederlânsk is, ék as ik Frysk besykje te praten of skriuwen.

Dit is net allinne myn persoanlike frustraasje. Dit is it sintrale probleem yn hoe’t it Frysk hjoeddendei sprutsen wurdt. It wêzenlikste probleem ek foar it foartbestean fan it Frysk as in taal dy’t krekt wat mear is as bryk Hollânsk.

Fansels hawwe wy as Fryskpraters der techniken ta om foar te kommen dat wy mei ús heale taalbehearsking foarinoar foar skut stean. Yn it foarste plak is it mear as akseptearre dat wy hieltyd Nederlânske wurden en frasen troch it Frysk mjuksje. De noarm yn it sprutsen Frysk is ûnderwilens sá, dat der wol Nederlânskich-Frysk praten wurde moát, oars ferstean minsken jin gewoan net. Kieze foar in ‘gever’ synonym heart as âlderwetsk, as oerdreaun, as drammerich en aktivistysk.

Hoefolle minsken ûnder myn Frysktalige kunde sille der wol net wêze, dy’t dizze blôchkes fan my net iens lêze kinne, fanwegen it register oan wurden dat ik no-en-dan brûk?

En dan haw ik it hjir no allinnich noch mar oer wurden. Dan swij ik noch mar oer it fernederlânskjen fan’e folchoarder fan tiidswurden (“in griis!”). Of oer Nederlânske foarnamwurden (sich!… hun!!…) dy’t as in soartemei ‘bacillen’ har yn it Frysk ‘nêstelje’.

Mar dochs. Faaks falt dy Fryske taal fan ús dochs noch wol te rêden.

Ik haw dêr gedachten oer, dy’t ik ‘de kommende tiid’ ris mear útwurkje sil. Wat my op it stuit ‘dwers sit’, is dat it liket te ûntbrekken oan in ‘autoriteit’ dy’t oanjaan kin hoe’t it heart mei geef en linich Frysk. Mei ‘autoriteit’ bedoel ik dan net per se in organisaasje of ynstitút. Ik soe al bliid wêze mei in tagonglik en ‘gebrûksfreonlik’ boekwurk. Soks as D.A. Tamminga syn Op’e Taelhelling mei J.K. Dykstra syn Op’t Aljemint derby, bywurke foar de iennentweintichste ieu. In synonimewurdboek, én stylgids, én hânboek by it moai en ryk skriuwen en praten fan it Frysk yn syn hjoeddeiske fernederlânske fermidden.

En foaral soe de ynstelling fan’e sprekkers wat ‘bysteld’ wurde moatte. Dat ferget tiid. En geduld en goede foarbylden en in protte ‘inysjativen’. En it giet ek net sûnder in slompe jild, bin ik bang.

*** *** *** ***

En dan soe ik no ek noch wat oer myn blôch sizze.

Ik oerseach it hear juster, en tocht by mysels: der stean wol in hiel protte wurden op myn foarside. Der moatte plaatsjes by, oars lêst ‘gjin kyp’ wat ik delskriuw. Mar wol plaatsjes mei in relaasje ta de tekst, fansels. En fierders soe ik myn alinéa’s koarter hâlder moatte. En ek myn sinnen wat ynkoartsje. Dat se ‘ûndanks’ myn geve wurdkar te lêzen bliuwe. Wêrfan hooplik akte.

It lettertype fan myn blôch sinniget my net. De letters binne te lyts. En se hawwe gjin skraachkes (serifs). Sokke subtile streepkes fyn ik sels moaier, én lêze neffens wittenskiplik ûndersyk folle nofliker.

En de reade kleur op’e eftergrûn bin ik ek wat op útsjoen. Dat ik bin noch op ûndersyk út hoe’t ik it uterlik fan dizze side ferbetterje kin. 

Tongersdei, achtentweintich oktober 2010.

3 Responses to “Wurdferlet & oer myn blôch”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

  2. daam said

    ‘Skraachkes/skreven’ lêze better. Mar net op it skerm. Allinnich op papier. Moai sa hâlde dus.

    En it Frysk? Dêr giet it yn de fierste fierte net om. It giet om minsken. En dy wurde it near op lein. De taal net!!! Mar dat is in hiel lestige diskusje…

  3. plaatsman said

    Het kleurtje is al helemaal anders! Oranje, waarom ook niet, dat is op slot ook ‘n Fríese kleur.
    Hoe beïnvloedt Nescio ondertussen jouw Fries? Er lijken meer accentjes op de woorden staan, stréépjes, en je zegt ineens dat je wel kortere zinnen wil gaan schrijven. Dat eerste staat me wel aan, maar voor het laatste vrees ik dat niet Nescio, maar een plotselinge vlaag van angelsaksischheid je voor dergelijke vervlakking doet vallen. Blijf maar gewoon schrijven zoals je zelf vindt dat ‘t hoort, niet te onverstaanbaar, stellig niet, maar vooral ook niet te gewóón. Bewaar de verwondering!

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: