Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Gjin ‘rânemar’ op Wieringen…

Posted by André Looijenga on 03/11/2010

Krekt lies ik wat goed nijs liket te wêzen: de provinsje Noard-Hollân sil bekind meitsje net troch te gean mei de oanlis fan in mar oan’e súdkante fan it âlde eilân Wieringen. In wyld plan om nei tachtich jier as noch in mar op’e râne fan’e Wieringermarpolder oan te lizzen (sokke plannen hawwe/hiene se ek by de Noardeastpolder), dat troch projektûntwikkelders mei machtige freontsjes, tamtearre demokratyske kontrôle, brúskearre boargers, en faaks sels klearebare korrupsje, sûnder erchtinken trochtreaun drige te wurden. Saved by the crunch, liket it no. Inkeld jildpine hat dizze oerdwylske Noard-Hollânske ‘Blauwestad’ keare kind.

Oarekant de Ôfslútdyk leit Wieringen, in stoeve liembult mei in hânfol âlde doarpen. Lyts, mar wûndermoai sa’t it is. Rinne je der om, fielt it noch altiten as in eilân. In (West)frysk eilân boppedat, in soarte fan Gaasterlân dat fûl yn’e wyn op folle see ôfmeard skynt. De Wieringers ha wrotte moatten om harren pôle yn stân te hâlden. Hja bouden dykjes fan seewier om op it waad kegen te feroverjen foar in bytsje mear romte foar har skiep. Yn’e rin fan’e 19e ieu slaggen se der yn de Polder Waard Nieuwland te bedykjen, dy’t in bytsje mear wolfeart brocht.

De ien nei lêste dei fan 2009 swalken Plaatsman en ik om oer Wieringen. It hie snijd, der waaide in izige wyn fan it waad, de loft siet ticht yn alle kleuren griis, de lea hast beferzen stapten wy manmoedich om. It wie stjerrende kâld, mar wat wie it hjir ûnbidige moai. De gielstiennen pleatskes, de stânfêste tuorren, de kliffen, beamwâlen en túnwaltsjes, de oandwaanlik platte âlde wierdykjes dy’t ea de keech ferdigenen. Yn’e doarpen seachst posters foar de ruten, as in omdôch protest tsjin it wetter en de rekreaasjeparken dy’t dit burgen lântsje omstrûpe soene.

Mar no liket de súdrâne fan Wieringen rêden fan megalomane ûntwikkelingsprojekten. Polder Waard Nieuwland wurdt net splis set foar in pear boatsjefarders op wat mei in grouwélich ûnsjogge namme Lago Wirense hjitte moast. De seeklaai fan’e Wieringermar wurdt net opoffere oan in bytsje flugge winst yn it no. Lit ús it hoopje. Foar no mar even in fotootsje fan ôfrûn desimber.

Útsjoch op Hippolytushoef fan'e kant fan Stroe

Woansdei, trije novimber 2010.

3 Responses to “Gjin ‘rânemar’ op Wieringen…”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

  2. plaatsman said

    Gek eigenlijk dat de Friese naam voor Wieringen “Wieringen” is, met een lange ie dus. In het lokale dialect wordt de ie juist kort uitgesproken, dus als “Wyringe”, en de naam zou zijn afgeleid van een Oudfries woord voor hoogte, “wird”. Misschien moet het Fries eens met een betere, echt Friese naam voor dit eiland komen!

  3. In nijsgjirrige fraach, Plaatsman: wat is de échte Fryske namme fan “Wieringen”?
    Foar de dúdlikheid haw ik de Hollânske namme mar brûkt, en ik wit fansels hielendal net hoe dit eilân eartiids troch Westerlauwerske Friezen eins neamd waard. Dat de eilanners sels de namme mei in koarte /i/ útsprekke is bysûnder. Omreden fan solidêr wêzen soe it Frysk dêrom al op syn minst “Wyrringen” hawwe moatte.
    Fan Âldfryske wurden foar hichte mei “wir”/”wird”/”wirth”-eftige eleminten deryn (dy’t fansels sa wichtich binne yn’e Fryske toponymy én iere skiednis) wit ik allinnich dat it frij yngewikkeld wêze soe. Yn alle gefal binne der yn Fryslân “-wurd”- en “-wier”-plaknammen, en hoe’t dat etymologysk allegear sit, is my alhiel net klear. Oer sokke terpenammen is der in resint boek fan Gildemacher, mar oft hy útslútsel jout, wit ik net.
    Dat miskyn soe, etymologysk sjoen fanút in (rekonstrúearre) Âldfrysk, de Fryske namme “Wurdens” west hawwe, faaks “Wyrrens”, miskyn sels dochs “Wjirrens”.
    Allegear dizenich foar no, mar ik sil yn elts gefal ris op’e syk nei in oersjoch fan eksonymen sa’t dy eartiids brûkt waarden troch Fryske skippers en fiskers. Der binne seker de nammen “Inkhuzen” en “Oark”, dat dat jout hope foar Wyrringen.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: