Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

For no reason

Posted by André Looijenga on 07/11/2010

Tongersdei 4 novimber is Tiny Mulder ferstoarn. In grutte dame fan’e Fryske literatuer. Dêrom no in fers fan har (út Oranje paraplu, 1962/1963, net yn’e wenstige blomlêzings). Net in fers oer de dea, mar oer it dichtsjen sels. Hja wie miskyn wol de earste Fryske dichter dy’t har ynspirearje liet troch kontemporêne poëzy út Amearika. In bysûnder minske, in lang en warber libben. Ik hoopje dat der nei de winter gau giele krookjes bloeie sille by har stien.

For no reason

.

wurden net te skriuwen

yn letters op papier

net te sykheljen by de freon

net mear as kloptekens

oan it rotslewant binnen de sliepen

amorfe swalkers yn de bloedbaan

.

en dochs gedichten

it wêzenlik kontakt

troch seis sân sintugen

.

Godtank foar eat út neat

foar tekens mei it rjocht

fan byldhouwers yn rotsstien

.

en dan ‘t gedicht

dat de les lêst

dat samar for no reason

opstekt yn wynstilten

.

Tiny Mulder

(Tinkskrift, 1986, s. 30)

Snein, sân novimber 2010.

3 Responses to “For no reason”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

  2. […] jûn wie ik wer ris yn Tresoar te finen. In Moannejûn oer Tiny Mulder, no. Troch dize en snie fûn ik út wurk myn wei nei it Âldehouster Tsjerkhôf. Rom op’e […]

  3. […] jûn wie ik wer ris yn Tresoar te finen. In Moannejûn oer Tiny Mulder, no. Troch dize en snie fûn ik út wurk myn wei nei it Âldehouster Tsjerkhôf. Rom op’e tiid […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: