Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Wellington X9976, Soarremoarre

Posted by André Looijenga on 09/11/2010

Neare nacht. Rein. In stoeve noardwester. Heil. Kjeld, in dûnkere masjine yn in ûneinich tsjuster. Twa motoaren wrotte har in wei troch rein en heil. Ien fan hûnderten fleantugen yn in izige novimbernacht. Dit is in Wellington bommewerper, mei it nûmer X9976, fan it 75e, Nij-Seelânske, squadron fan’e RAF. Oan board seis manlju: Eric Lloyd, Trevor Hedley Gray, John William Black,  Lesley Cyril Green, Jack Dennis Thomson en Charles Thomas Black.

Opstiigd wiene se fan in fleanfjild yn Norfolk. Troch in kâlde hjerstnacht fleagen se nei it east, oer in swarte see en it fertsjustere lân op Berlyn oan. It target, in reach fan spoardiken, kanalen, alleeën. Sykljochten brekke troch de tichte nacht. Eksploasjes ûnder, it fleantúch keare, de weromreis troch inselde noch tsjusterder nacht.

Dan binne se op goed healweis nei Ingelân, at ien dy Dútske nachtjager sjoen of heard ha moat. Sketten wurdt der, mar it wie de Dútser dy’t rekke. Faaks seach de navigator doe noch even op’e kaart. Foar it lêst. In smoarchwyt neat, tusken strepen, wegen, rivieren, en rûntsjes dêr’t minsken skûlje. In noch wite flek op’e kaart, dy’tst nea kend hast, en no foar altiten op delskreaun wurdst.

In eksploasje wie te hearren. Op in leech plak, fier fan huzen en pleatsen smakte it fleantúch tsjin’e ierde. Yn’e ierde. De grûn fan’e mieden wie hjir in weake sompe. De Wellington X9976 boarde him de feanige boaiem yn. In noch wyt plak. Soarremoarre, ‘ûnder’ Akkrum.

Gjinien fan’e seis piloaten hat de crash oerlibbe. De oare moarns sjogge se yn dy omkriten, Âldeboarn, Akkrum, Nes, ferheard op. Mar efkes binne wjukken, sturt en oare tewrongen brokstikken te sjen. Stadich sakket it wrek djipper yn’e sloppe Soarremoarster grûn. Der wurdt noch wat burgen, gegevens meast. In wyt krús delset, in boerd mei nammen derop. Nei de oarloch, yn 1952, wurde de seis deaden pas opgroeven, en op’e nij te hôf brocht, yn Bergen op Zoom. It âlde krús dêr yn it fjild rekket stadich fuort. De neitins oan it delstoarten fleantúch ferfaget by de measten as yn’e weake boaiem. 

*** *** *** *** *** ***

Moandei 8 novimber 2010 is, by it plak fan’e crash, einlings in bliuwend monumint ûnthuld. Oan’e Sodumerdyk, by de útbuorren Soarremoarre, tusken Nes en Pean. In stien, de ynskripsje Fallen yn’e striid foar frede en frijheid, seis nammen. Dêrby in boerd mei útlis.

No binne der noch tsjûgen fan wat der doe bard is. No kinne wy de ferhalen noch boppe helje. Dit fleantúch, mei syn seis ynsittenden, yn alle gefal figuerlik noch boppe helje út’e sloppe grûn fan’e ferjitnis. Kinne wy bygelyks Piet van der Wal, earder fan Boarn, noch hearre oer hoe’t er as jonkje fan tsien de dei nei de crash omstrúnde by it fleantúch.

In pear jier lyn state ús heit, Henk Looijenga, op dizze healfergetten histoarje. Hy naam it op yn’e skiednislessen, en syn Âldeboarnster skoalbern leine blommen by it plak fan delstoartsjen. Mei in ploech frijwilligers út it doarp, begûn syn krewearjen ta it oprjochtsjen fan in tinkstien foar de sneuvele airmen.

No, njoggenensechtich jier letter, stiet it monumint der. Famyljeleden fan’e omkommen manlju koene opspoard wurde, en út alle wrâld binne se kaam om der op Soarremoarre by te wêzen.

(Dit stik wurdt skylk ôfmakke.)

Tiisdei, njoggen novimber 2010.

4 Responses to “Wellington X9976, Soarremoarre”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

  2. Nynke said

    Wow, wat beschrijf je dat trieste verhaal mooi…

  3. tom de jong said

    Hoi Andre,

    Heb je verhaal met interesse gelezen.
    Erg mooi hoe je het beschrijft. Voor mij komt dit in mn plakboek.

    gr van Tom

    • Bêste Tom,
      tige tank foar dyn réaksje. Ik sil myn ferslach gau ôfmeitsje. Dan sil ik dy dat even hearre litte, sadat it úteinlike ferhaal yn it plakboek komt.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: