Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

De taal fan… Doutzen Kroes

Posted by André Looijenga on 19/11/2010

No, ek mar even in wrâldferneamd supermodel ûnder hannen naam, om de steat fan har Frysk nei te gean. Okkerdeis is hja troud, fandêr. Ûndertusken waard it tiid en gean ris fierder mei dizze searje oer it Frysk fan myn generaasjegenoaten en de takomst derfan. Om it ûndersyk in bytsje yn balâns (en sosjolinguïstysk sûn) te hâlden doch ik om bar in jonge en in faam. Dat wat jong frommis koe ik better kieze as ús iennichste echte Doutzen, dy’t har lippen liende om der dy fleurige reade Praat mar Frysk!-swimbantsjes fan te meitsjen?

En ja, dan is ûndertusken fansels de Poppe ûnderweis. It meast besprutsen noch-net-berne Fryskpratertsje fan’e wrâld. Sûnt Vergilius syn Fjirde Ecloga is der komselden sa nei in lyts jonkje útsjoen, no.

Hawar, genôch nocht oan ûnnocht oer ús sa kreas foarmjûne Fryske madonna-mei-bern. Hjirûnder folget in transkripsje fan in petearke dat Doutzen Kroes treddeheal jier lyn hie mei in reporter fan’e Omrop. Yn Madame Tussaud waard doe in waaksen byld fan Doutzen ûnthuld. Gjin better gesprekje mooglik, fansels. Doutzen sjocht har waaksen sels yn’e ‘êgen’, en reflektearret ek noch in hoartsje op’e rom dy’t har lichem har brocht hat.

In bytsje koart dat wol, dat ik haw as tajefte ek mar efkes de moaie réaksje fan Doutzen har grutske heit op it libbensechte evenbyld fan syn dochter meinaam.

Doutzen Kroes yn Madame Tussaud, Omrop Fryslân 28-4-2008

DK: Ik bin hartstikke wiis op dit beeld, en it is heel gek om dyself hjir sa stean te sjen, en dat ik hjir binnenkaam en myn eigen gesicht sêch en myn eigen lichaam en, ja, dat ik myself yn de êgen sjen kin is heel gek. Mar, ja, ik bin der heel wiis op.

OF: [Mar is it slagge, fynst?]

DK: Ja, it is heel goed slagge. Se ha… se hawwe it echt… It is echt identyk, ja.

OF: [Hoe is dat yn syn wurk gongen? Want do wurdst benadere foar sa’n byld, en wat komt der dan los?]

DK: Se ha myn agentskap Paparazzi belle, en doe ha se frege at ik dit dwaan woe. En dat wie natuerlik in hele sjok foar mij om dat te hearren, dat ik in beeld krije soe. En dan is it in dei, in hele dei, mei opmjitte en foto’s meitsje, en dan mötst oeral en fan alle kanten… En dan noch in twadde dei nei Londen, en dan wurdt alle… myn hannen helemaal neimakke. Dus ja, it hast best in protte tiid yn beslach nommen, ja.

OF: [Ast sa’n byld hast, bist in grutten, sizze se…]

DK: Ja, no, dat hoopj’ ik wol… ja. [Hja gnysket wat ûnder it praten.]

OF: [Hast dat besef wol?]

DK: Nee nee nee, ha ik echt net. Mar ik fyn it moai dat ik dy balâns ha, dat ik sa no en dan… Ik wie dit wykein noch by ús heit en mem, yn’e Eastermar, en dan fyn ik it gewoan lekker… Ik fyn it gewoan goed dat ik dêr wêze kin en dat ik my helemaal myself wêze kin en ik my dêr ek op myn gemak fiel. Mar yn dit w-… deze wrâld fiel ik my ek op myn gemak, en kin hjir ek omgean mei de oandacht fan de pers, en dat… It is wol heel apart, it is, ja… Mar ik kin der wol goed mei oerwei.

Ik moat sizze, Doutzen praat sjarmant Frysk.

Har taal is Wâldfrysk, sûnder opfallend aksint, dat grammatikaal en syntaktysk wol goed yn’e oarder is. Se seit my as /mi/ en mei as /mej/, en each en seach sprekt se út mei in ê. De foarm moatst hat in ö, mar dat is wiidfoarkommend ferskynsel (ik doch [dö’] dat sels ek).

Leksikaal sit Doutzen op in gouden middenwei. It meast foel my self op, ynstee fan geef sels. Yn’e praktyk sizze de measte Friezen yn’e measte gefallen self. Men kin deroer twivelje oft dat self eins wol in batavisme is, om’t self de Âldfryske foarm fan dit wurd wie. Mar oan’e oare kant, waard de kombinaasje -lf oan’e ein fan’e midsieuwen ta -l: fergelykje heal < half en helte < helfte. Self waard *sel, en dat waard foar de dúdlikheid in stikje útwreide ta sels en (it eins moaiere Midfryske) selme.

Fierders sjochst oan Doutzen har brûken fan har wurdskat de leksikale ekonomy. Foar guon saken brûkt se yn it Frysk itselde wurd as yn it Nederlânsk: beeld, gesicht, lichaam, belle, helemaalpers. Mar in sterk punt oan har Frysk is wer dat se hiel wat oare wurden wol yn’e Fryske foarm (en fonology) behâldt, lykas slagjebalâns, wykein, wrâld, oandacht en mei oerwei. Hja praat in Frysk dat yn elts gefal net útstoarn is, mar libbet. Wêryn’t oan ien kant it geve wiis wêze natuerlik klinkt, mar ek in leksikale leemte opfold wurdt troch it Nederlânske best yn in bywurdfunksje (yn: best in protte tiid).

Har Frysk hat Doutzen Kroes net fan in frjemd. Aardich oan it klipke fan Omrop Fryslân is dat ek har heit oan it wurd komt.

It Frysk sa’t har heit it praat, is ek frij kreas. Wol falt op dat heit mij en sij seit, en dêrmei wat nei Klaai niget, mar sûnder spoar fan ai en ôi foar ei. Opmerklik, mar net tige, is dat er skuonnen seit as in dûbeld meartal. In pluim kriget de hear Kroes foar it mei yn stân hâlden fan it geve tiidwurd barre (tsjin’e opmars fan gebeure). Houding sil dan in tongútgliderke west ha. 

OF: freget nei de réaksje fan de hear Kroes

Kroes: Ik moat seze dat ik eins wol hast neist myn skuonnen rin fan grutskens. Mar Doutzen seit self ek, it is eins hiel bûtengewoan wat der bart, mar sij erfaart it self as hiel gewoan. En dat leart sij mij dus ek… Dus myn skuonnen… myn fuotten bliuwe noch steeds in de skuonnen sitten. Ik rin der net neist.

OF: freget oft de heit ek dingen herkent wêrfan’t er seit “dat is presys Doutzen”

Kroes: Yn it byld? Ja, de houding fyn ik tige, ja, deselde… Deselde oerienkomst mei har, en ek benammen de gelaatstrekken, en ek de kleur. Ik fyn it echt geweldich moai. En deselde hieren op’e hannen en de earms fyn ik nuver te sjen…

Freed, njontjin novimber 2010.

One Response to “De taal fan… Doutzen Kroes”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: