Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Wurdsjebakke

Posted by André Looijenga on 25/11/2010

Witte jim dat jim noch in pear dagen tiid hawwe om nije Fryske wurden yn te stjoeren foar de wedstriid fan de oersetterstsjinst fan’e Europeeske Kommisje?

Foar 1 desimber moatte de ynstjoerings binnen wêze. Sjoch foar mear oer de wurde-optinkkriich dizze side: http://www.europesedagvandetalen.nl/pagina%201%20fr.htm

Men siket nije Fryske wurden foar de folgjende resinte Nederlânske neologismen:

bierbabe, dweilsoap, graaibonus, herriemeter, insectensnack, kijkfile, klimaatridder, oorbehoedsmiddel, ontschulden, pimpen, randstadpartij, roeptoeter, verhufteren, verpaarding, verstrippen, verwendicapte, voxpoppen, zoenzone, zomerdip, zwaairaam

Modieuze wurdsjes út’e Hollânske aktualiteit. Se litte goed sjen hoe linich it Nederlânsk, mei in komyske ûndertoan, nije wurden makket troch te boartsjen mei it libbene taalmateriaal. Fansels moat soks yn it Frysk ek kinne. Ik sil seker noch efkes in goai weagje foar dizze wedstriid. Mar net sûnder in bytsje in dûbeld gefoel.

Dat dûbelde sit him yn’e kar fan te ferfryskjen wurden. Bewust hat men keazen foar in nochal sekundêre foarm fan kréativiteit. Foar leuke nijfoarmingen yn it Nederlânsk Fryske wurden betinke. It befêstiget mar wer dat it Frysk altiten allinnich efter it Nederlânsk oanbongelet. Dat it Frysk as taal dochs net op eigen fuotten stean kin. 

Boppedat, der binne wurden tusken dy’t ik hielendal net koe. Witte jo wat voxpoppen ynhâldt? It is net it iennichste wurd yn’e list dat miskyn mear in rânestêdsk as in Frysk ferskynsel beneamt, en dat dêrom net daalks in Frysk neologisme fereasket. En fierders makket de grappigens fan guon fan boppesteande wurden, dat se én net serieus oer te setten binne én sels faaks net ta de bliuwers yn’e Nederlânske wurdskat hearre. It Frysk hat oars skoan al syn foarrie oan ûnsinwurden, lykas it wolbekinde donderdeldoekje (parasjút).

Mar fansels, yn ien ding ha de organisatoaren fan’e wurdekriich gelyk: der moatte nije wurden by yn it Frysk. Dat yn it Nederlânsk alle jierren in protte nijfoarmings opkomme en om in plakje yn’e deistige taal fjochtsje, is in teken dat it Nederlânsk echt libbet en in fitale ‘taalkultuer’ hat. Mar yn it Frysk… hoefolle orizjinele nije wurden fan’e lêste tiid, dy’t streekrjocht út it Nederlânsk omset binne, witte jo te neamen? Ik, tink, gjin inkeld. Út it ûntbrekken fan orizjinele neologismen blykt mar wer dat it Frysk gjin folweardige boppe eigen doarp en krite útstekkende taalmienskip hat. Der is net in dield ryk palet oan Frysktalige massamedia, net in dield Frysktalich ûnderwiissysteem, net in dielde boppe-regionale heger-oplate Frysktalige elite. Salang’t dêr neat yn feroarje soe, bliuwt dat moaie Frysk fan ús in sekundêre efteroanbongeljende taal. Tige nijsgjirrich, mar yn sosjaal opsicht in dialekt.

Foar no dy wedstriid dus, mei opset fan Akademy, Bewegingsrie en Tresoar. Foar dy wurdsjes is wol wat aardichs te betinken. Mar it bliuwe wol in bytsje (lit ik der mar efkes in nij wurd foar meitsje): ôfbakwurdsjes. Pistoletsjes út plestik fan’e Aldi, sis mar.

En boppedat, it binne bêst wol truttige wurden dy’t se útkeazen ha. Bierbabe, dweilsoap (?), zwaairaam (?)… binne dat no de neologismen dy’t yn it Nederlânsk anno 2010 it measte opskuor brochten? Aardichheidsjes út’e komkommertiid, út it ivichduorjend komkommerfeest fan’e tillevysjesporten. Ferdivedaasje. Wylst ûndertusken oare nije wurden alle dagen yn’e publike sfear har nefaste ynfloed toane.

Wêr yn it listke binne de nijfoarmings bedarre dy’t Nederlân sûnt in pear jier ynfektearje? Wêr is de kopvoddentaks? De minsklike tsoenami? De straatterrorist? De doctorandus-met-designbril? De linkse hobby? En al dy oare nije konseptkes dy’t har temûk yn ús harsens binnenfrette?

Net dat wy dizze, sa’t se yn Dútslân sizze, Unwörter yn it Frysk omsette moatte. Mar je sjogge deroan hoe grut de ynfloed wêze kin fan wurden of metafoaren dy’t in hoartsje lyn gjinien noch koe. At je mar in dielde mienskipliktalige publike sfear en sjoch-hark-en-lêskultuer hawwe. Wêryn’t lju harren waren (foar goed en foar tsjoed) mei har taal oan’e man bringe, en se dêrby ûnderwilens foar har keapguod nije wurden om-roptoeterje.

En dát kin, yn foar no beheindere omstannichheden, ek yn it Frysk. It Frysk jout ommers oe sa’n frijheid oan wa’t mar in bytsje kréatyf wêze wol mei taal. Sa’n soad leksikale gatten hat it oer, dy’t allinnich provisoarysk tichtmakke binne. In soad saken, moaie dingen, misstannen, útfinings — yn jins eigen omjouwing, yn’e Fryske sitewaasje, yn’e widere wrâld –, dêr’t noch gjin skerp en krekt Frysk wurd foar is. Ik soe sizze, skriuw dêr in kompetysje foar út. Of better noch: betink dy nije wurden gewoan, brûk se skreaun en sprutsen, en nim fral nije wurden oer fan oaren. En dobje ek âlde wurden op, út oerbeppe’ tiid of út’e wurdboeken, en jou se (mei in hjoeddeiske sin) werom oan’e taal.

Tongersdei, fiifentweintich novimber 2010.

Myn foarbeskôging op’e priisútrikking (blôchke fan 13-1-2011) lêze jo hjir.

5 Responses to “Wurdsjebakke”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

  2. Nynke said

    Goed stuk! Ik vraag me wel af hoe haalbaar het is om voor veel Nederlandse neologismen specifiek Friese woorden te maken; leenwoorden zijn zo makkelijk!

    Verder wacht ik met spanning op de woordenboek-app van Praat Mar Frysk – sommige van mijn lexicale gaten zijn zelfs met context niet op te vullen…

    • Tankewol, Nynke.
      Lienoersettings binne fansels altiten makliker as sels wurden betinke. Op himsels bin ik hielendal net tsjin lienoersettings (it wurd is séls al in lienoersetting). Ek dát ferûnderstelt al in seker mentaal mei har taal dwaande-wêzen fan’e sprekkers. Altyd leaver in letterlike oersetting út it Nederlânsk of it Ingelsk as in Nederlânsk wurd dat mei Nederlânske útspraak en al yn it Frysk bedarret en eigen wurden ferkringt.
      Mar wêr’t ik nei op’e syk bin, binne Fryske neologismen foar dingen dy’t ek yn it Nederlânsk noch net handich ûnder wurden brocht binne. Dát is ommers wêrom’t it Nederlânsk sels nije wurden oanmakket. Mei mear en spesifikere wurden soe it Frysk sa oan betsjutting winne kinne.
      Fierders bin ik tige benijd nei hokker wurden’tsto muoite mei hast yn myn Frysk.😉

  3. […] witte jo noch wol dat ik in pear moanne lyn skreau oer in oersetkriich foar nije Fryske wurden. Moarn (14 jannewaris) sil de priisútrikking wêze, en, jawis, ik bin nominearre! At jo it feest […]

  4. […] witte jo noch wol dat ik in pear moanne lyn skreau oer in oersetkriich foar nije Fryske wurden. Moarn (14 jannewaris) sil de priisútrikking wêze, en, jawis, ik bin nominearre! At jo it feest […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: