Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Sniejier

Posted by André Looijenga on 04/12/2010

En wer wie der snie.

Bysûnder hear, de fúfde moanne dit jier dat der snie leit. Mar dochs, lit my dit skoandere blôch en fral jo skoandere tiid en oandacht net opbrûke om oer it waar te jeuzeljen…

Wat it Frysk oanbelanget, bygelyks, is der it rapport oer de steat fan’e Fryske taal yn it ûnderwiis. En de (mar in bytsje) réaksjes dêrop, dy’t my fanút it heitelân berikje. In ûnderwerp fansels dat freget om in skerpe analyse. Om bygelyks wat oan te akseljen tsjin ien as Alex Riemersma fan’e Fryske Akademy, dy’t de ûngemaklike konklúsjes út it rapport wol hiel maklik oan’e kant skoot. It ûntbrekken fan ‘taalgrutskens’ by (alteast in part fan) de Friezen foar it Frysk oer, soe dat soms wat al te rûch de boaiem ûnder it ûndersyk fan Riemersma en dy fuortskoffelje?

No bin ik faaks in bytsje te erchtinkend, mar it fernuveret my bot, at dr. Riemersma, as ien dy’t grif wat fan sosjolinguïstyk ôfwitte sil, neat oan liket te kinnen mei de subjektive belibbing fan’e taal. “Met een woord als taaltrots kan ik niet veel,” fynt er. “Wat is dat? Trots op je taal ben je vooral buiten de grenzen.”

Op my alteast, as heale bûtensteander, komt soks oer as in symptoam fan in hiel beheind soarte taalwittenskip. Opdield yn spesjalismekes, sûnder it gehiel mear oer te sjen. Wylst in breed yn’e samenleving droegen soarch foar it behâld en trochjaan fan jins taal dochs echt wol in foarwearde is om sa’n taal tsjinoer in sterke konkurrinsje syn plak te jaan. En dy soarch (je soene dy, mei in wurd wêrfoar’t se op’e Fryske Akademy hielendal rydboskje soene, ek leafde foar de taal neame kinne), dêr ûntbrekt it neffens my by de gemiddelde Fries seker oan. Harkje mar ris om jin hinne, no. 

Nee, fleurich wurdt men net fan it Frysk op it stuit.

En dan Fryslân…

De ferkiezings foar it nije Súdwest-Fryslân ha west. In pear wiken en dan leveret de âlde (al as net Hânse-)stêd Boalsert har bestjoerlike autonomy yn oan Snits, wurdt it let-midsieuske lânskip Wûnseradiel nei mear as 600 jier opdoekt, en faget dy úthoeke dy’t nei de moaie neo-Âldfryske namme Nijefurd harket himsels fan’e kaart. En oer in pear jier mei ek Tersoal, tegearre mei de rest fan ‘Âld-Raerderhim-minus-Jirnsum’, dêr fijn by yn, yn dy lytse-doarpkes-leviatan fan in fúsjegemeente…

Lang libje ús Fryske tradysjes fan lokaal selsbestjoer, no.

Moat ik noch in aai kwyt? Ik bin yn elts gefal bliid dat it wrâldkampioenskip fuotbal net nei Nederlân komt. Al hie ik oars op it Hearrenfean graach pûl-wedstriden spile sjoen. Mar net wannear’t it Fean (+ Akkrum/Nes/Boarn) en de provinsje foar dy pear wedstriidsjes jierren lang krom lizze moasten om it Abe Lenstra-stadion noch grutter te bouwen. En’t de FIFA blykber sá skitensbenaud is foar demokraty en persfrijheid.

Bûten snijt it wer.

Binnen wurdt der fêst noch wer in maatrigel betocht om noch mar wer fierder op it heger ûnderwiis yn te huffen. Gjin twadde stúdzjes mear, gjin stúdzje-útrin mear, wer heger kolleezjejild, wer fierder tebekbringen fan’e stúdzjedoer, en sûnder twivel dan ek mar fan’e ynhâldlike swierte. Wêr hat men goed-ûntwikkelde jonge minsken oars ek ta nedich, at je net nei de takomst sjen wolle?

De deis dat it plan foar €3000 boete op stúdzje-útrin bekind waard, hiene de Nederlânske nijsmedia, leau’k, mear oandacht foar slaanderij op’e fuotbalfjilden (om’t ien-as-oar Ajax-mantsje nei syn tsjinstander hapte). Jo sjogge wêr’t de prioriteiten lizze hjir yn Leechlân.

Mar it snijt wol moai, bûten.

At de snie wat lizze wol, moat men mar út langlaufjen nei jins inneres Exil. Slochteren opstookjend by de kachel heukerje, Menno ter Braak lêze, dy behâlden witte om’tsto noch wol wat Bildung meipikke koest. 

En nei ús de iistiid.

Sneon, fjouwer desimber 2010.

One Response to “Sniejier”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: