Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Skiep sûnder tsjoar

Posted by André Looijenga on 05/12/2010

Eiði, in doarp op Eysteroy

Op’e Føroyar (de “Færøer-eilannen”) wenje mar goed 48.000 minsken. Minder as yn’e gemeente Smellingerlân. En tagelyk ha dy minsken har eigen taal, literatuer en muzykkultuer. Binne se in autonome ‘naasje’ binnen it keninkryk Denemarken, mei in eigen regear, universiteit, fersoargingssteat en fuotbalkompetysje.

Op it taffeltsje foar my lizze in ûnbidich tsjok Føroysk-Ingelsk wurdboek en in yngeande grammatika fan dy taal. Ik blêdzje deryn, ferwûnderje my oer it ferskil tusken in bot archayske stavering en in fonology dy’t op oer-de-top Klaaifrysk liket. Bûten ferdwynt it útsjoch oer de Grinzer binnenstêd yn in sniestoarm.

Ôfsjoen fan it waar moatte de Føroyar in paradys op ierde wêze.

It binne de eigensinnigens fan dizze minsken en harren taal dy’t de Føroyar foar ús nijsgjirrich meitsje. In úthoeke fan Denemarken dy’t fanôf midden 19e ieu stadichoan har eigenheid weromfûn (en útfûn). De fergeliking mei Fryslân ropt harsels hjir al yn op. Ek it Føroysk wie in taal mei mar in beheinde skreaune tradysje, slim bedrige troch de ynfloed fan’e Deenske bestjoers- en tsjerketaal. De Føroyar moasten noch folle djipper fuortkomme, as lytse, tin-befolke, earme eilannegroep fier fuort yn’e Atlantyske Oséaan. In wûnder, hoe fier’t sa’n ekstreem lokale (romantysk-nasjonalistyske) taalbeweging in groep minsken opstjitte kin yn’e folkene feart.

Lykas it Yslânsk, is it Føroysk in âldfrinzich oanboazjende Noard-Germaanske taal. Út’e stúdzje fan mûnlinge folksballaden (kvæði) kamen it bestudearjen fan’e ferskate eilândialekten en de oandrang ta in folsleine Nij-Føroyske taal foart. Fan begjin ôf seach men hjirby werom nei it Âldnoarsk. De mienskiplike standert keas men bewust mei in konservative morfology en mei in stavering dy’t mear op dy fan it Yslânsk as op’e hjoeddeiske útspraak liket. Dêrby kaam in behoefte oan purisme, om Deenske, ynternasjonale en Ingelske wurden troch, al as net nije, Føroyske te ferfangen (bgl. tjóðveldi ‘republyk’, sjónvarp ’tillevysje’, kjak ‘dining’ > ‘ynternetfoarum’).

Har bysûndere posysje as eilânminsken op in espeltsje rotsen yn’e oséaan hawwe de føroyingar mei it bysûnder wêzen en meitsjen fan haar taal ûnderstrykje kind. Hoe ferskillend at se ek tsjin harren ûnôfhinklikens-kwestje oansjogge, sprekke dêr it weromwûne selsbewâld en de weromwûne eigen taal op hast alle mêden folslein fansels. 

Tinganes, yn'e haadstêd Tórshavn, sit fan it Føroyske regear

Boppe-al is der de romantyske esthetika fan dizze moderne âlde taal. De skientme fan in wurdbyld, fan elders fuortsliten wurden, fan in suggestje fan in djip ferline, fan in djipper wêzen. In rook dy’t deistich Deensk, Nederlânsk, Ingelsk slop skine lit. Alhiel subjektyf fansels. Alle talen kinne sa’n sensaasje fan bysûnderens opwekke fansels, mar dochs… Dochs liket my dat romantysk-subjektive in kaai west te hawwen ta it súkses fan’e renêssânse fan it Føroysk (en allyksa it Yslânsk) en dêrmei fan’e Føroyar as naasje. In lytse, bedrige taal moat it fan har bysûnderens ha. Moat jin wûnder én leafde opwekke, dy’t jin it gefoel jouwe dat it de muoite fan it behâlden, fersoargjen en trochjaan wurdich is.

Yn in noat yn’e tsjokke Føroyske grammatika trof my it wurdsje tjóður. Dat waard nei it Ingelsk oerset as tether, dat is in tou wêrmei’st it fee fêstsetst. In tsjoar hjit soks yn it âlde buorkerij-Frysk. My tink, it komt fan in Âldfrysk *tiother. Itselde wurd by ús, yn it Ingelsk, op’e Føroyar. In fielling fan skientme sit yn dy besibbens. En boppedat ûntrint dat tjóður yn’e útspraak it Fryske tsjoar net in soad.  

It op’e nij útfinen fan’e Føroyar docht in protte oan ûntwikkelings yn ús Fryslân tinke. Mar op ien-as-oare manier binne dy pear minsken, yn har lantsje noch net de helte sa grut as ús provinsje, yn’e rin fan’e 20e ieu fanút in efterstân de Friezen foarbystribbe. Mei eigen regear en eigen taal sille de Føroyar oer hûndert jier seker noch wol bestean. Wolle wy ús Friezen yn’e takomst mear wêze litte as inkeld rânestêdelingen mei in Fryske achternamme en it personiel fan âldere rekréearjende villabewenners? Wy bliuwe dan better net slûch en selsfoldien, mar kieze in Føroyske wei nei bysûnder wêzen.

Snein, fiif desimber 2010.

4 Responses to “Skiep sûnder tsjoar”

  1. Nynke said

    “it personiel fan âldere rekréearjende villabewenners”? Man! Zó gecentraliseerd is Nederland nou ook weer niet hoor!
    Verder: mooi stuk🙂.

  2. Youssef said

    leuk om te lezen😀
    T is inderdaad een heel typisch landje, volkje en taaltje!

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: