Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Tariedings

Posted by André Looijenga on 20/01/2011

Even yn it koart, fan’e jûn. En fral wer efkes in blôchke om’t it al wer in wike lyn is sûnt it foarrige. En ik, at se mei my advertearje as ‘redakteur fan in wiidweidich blôch’, wol wat fan my hearre en lêze moatte lit.

Yn it foarste plak moast ik noch altiten de winner fan’e nijewurdekriich fan ferline wike freed efkes hulde bringe. Atze Bosch fan it Hearrenfean, by dizze ek op it wrâldwiid reach myn hertlike lokwinsken mei jo hipperhapke!

Moarntemiddei is dus de boekútrikking fan Steven de Jong syn samle fersen, mei it foarum oer de takomst fan’e Fryske literatuer. Ik moat tajaan, de spanning rint my suver al troch de bealch. At dat mar goed rint. Hjoed haw ik myn Frysk alfêst ris goed smarre. Neist dat ik al wat nuttichs ynbringe wol, wol ik ommers net mei grouwe taalflaters de middei ûntsiere. Dat ik moat der tûk op wêze dat by eltse west in hawwe komt, dat de tiidwurdklusters (wêze kinne moatte soe en sa) net yn’e tiis reitsje, en dat ik de nefaste niging ta hun ûnderdrukke kin.

No ja, it sil wol los rinne. Al lit op it stuit ien byld út Reve syn Nader tot U my net los. Dat er as tarieding op syn magnum opus, dat er skylk ienris skriuwe soe, wat der fansels nea fan komme soe, dat iene dat alle boeken op de Bibel en it tillefoanboek nei ommers oerstallich meitsje soe, as er dat skriuwe soe, earst te profetearjen gean soe oer de diken en greiden om Greonterp hinne.

(En ta beslút noch even dit. Fan’e trouste blogger yn it Frysk, Cornelis van der Wal, haw ik al in pear dagen neat nijs lêzen. Ek de blochfragminten op ensafh.nl binne sûnt tiisdei net ferfarske. It makket jin suver wat ûngerêst.)

Tongersdei, tweintich jannewaris 2010.

— — — — —

(In lytse oppoaiïnge jit: hjoed, freed 21-1-11, sil ik om in oere as 15.40, te beharkjen wêze op Omrop MercuriusOp’e radio dus, nei oanlieding fan it wurd oppoaie. Harkje bûten Ljouwert fia dizze link.)

(En, o ja, mei Knillis syn ôfwêzigens liket it ta te fallen, hear.)

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: