Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

In Fryske roman mei tanks yn’e strjitte

Posted by André Looijenga on 01/02/2011

Earjuster haw ik Yn Adams harnas fan Anne Wadman útlêzen. It boek spoeket my noch in bytsje troch de holle, mar dat komt faaks om’t ik fan’t wykein wat koartsich wie. Ik wie yn it boek begûn doe’t krekt de reboelje yn Tunesië begûn, en ik hie it út doe’t de protesten tsjin Mûbarak yn Egypte op har hichtepunt wiene. Tige tapaslik oars, in Fryske roman mei in seldsum polityk ûnderwerp (it spilet yn in lân yn revolúsje dat fuortsinkt yn diktatuer) lêze yn tiden wêryn’t útlânske folksopstannen en tanks yn’e strjitten de media behearskje. De lûden fan it no noegen út in roman skreaun yn 1968-’69 en útjûn yn 1982 (wêrom doe pas?) hyltyd fierder te lêzen.

Ik kocht it lêsten as in twaddehâns byfangst, yntrigearre as ik wie troch de omkaftwurden “it ferhaal spilet yn in tinkbyldich (Westeuropeesk) lân” dat “de lêzer tige bekend foarkomme [sil]”.

De haadpersoan is de soan fan in konservatyf steatsman, de premier fan it lân. De haadpersoan en ferteller is in loftsliberaal politikus en jurist, waans ferslach it boek is, skreaun yn’e finzenis nei de rjochtse militêre machtsgryp. De haadstikken fan dizze ’twaspoareroman’ spylje har sawol yn’e dagen foár de coup as yn’e kerkers fan it nije rezjym ôf. In fynst fan Wadman is dat de haadpersoan-ferteller himsels yn syn stoarje yn’e twadde persoan (do) oansprekt.

De motor fan it ferhaal is de dea fan’e heit, de froede premier, ûnder kompromittearjende omstannichheden (yn it bêd fan in publike dame). Wylst de dea út foarsoarch geheim bliuwt, krewearret syn soan om de reputaasje fan’e heit te behoedzjen, mar rekket dêrtroch mear en mear yn isolemint en yn’e tiis. Ûnderwilens stoart om him hinne de demokrasy yn chaos tusken loftse en rjochtse utersten ynien. It behâld fan jins weardigens en eare, en it steande bliuwen as in frij minske ûnder druk en oppresje, binne de haadtema’s fan dit boek.

Útsein fan in pear lekken en brekken (bgl. in femme fatale dy’t mar in gûlderich frommeske bliket) is Yn Adams harnas tige it lêzen wurdich. Goed lange sinnen skreau Wadman ek. De praatske haadpersoan is dêrtroch wat lang fan stôf, mar soks heart ek wol by in ûnfrysk yntellektuïelderich romanpersonaazje. Koartsein, in jin fêstgripend boek oer in twiveljende minske dy’t him yn bochten wringt om oerein te bliuwen yn in wrâld fol temûke en iepenlike repressy.

Tiisdei, ien febrewaris 2011.

One Response to “In Fryske roman mei tanks yn’e strjitte”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: