Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Barbaarske moetings

Posted by André Looijenga on 19/02/2011

Dat ik wie lêsten wer ris yn Rome. Ferline wike koe ik dêr in pear dagen yn’e iere mediterrane maitiid omstappe, as dielnimmer oan in winterskoalle foar promovendi op it âldheid-mêd. (Fandêr myn efkes net blôchkjen.) Fjouwer dagen harke ik nei presintaasjes fan it wurk fan kollega’s út Gint, Göttingen, Grins en Uppsala, en sels hold ik in lêzing oer Apollonius Rhodius.

En yn Rome wie febrewaris al foarjier, de platanen grien en de lucht soel. Wy wiene ûnderbrocht yn it Nederlânsk Ynstitút, mei de Academia Belgica en it Sweedsk Ynstitút as buorlju, dat de stêd der stêden lei krekt om’e hoeke fan’e strjitte. Ik wie op sakereis, sa te sizzen, mar haw wol de jûns en sneins yn’e stêd omrûn. De strjitsjes, de tsjerken, de wrâldferneamde keunstwurken gearbrocht op in pear fjouwerkante kilometers. En dêr gewoan wat tusken om te kuierjen, as wiest der gewoan thús.

Foar de gearkomste fan Belgyske, Dútske, Sweedske en Nederlânske âldheidlju liet ik dus wat sjen fan myn wurk oer Hellenistyske barbaren: in koart referaat oer Barbarian encounters and the Hellenistic present in Apollonius’ Argonautica. It stik gie oer hoe’t de dichter Apollonius (út Alexandrië, earste helte tredde ieu f.Kr.) yn’e earste twa boeken fan syn haadwurk Argonautica de net-Grykske folken dy’t Jason en de Argonauten tsjinkomme, delset en wat dit byld fan’e ‘barbaar’ betsjutte hawwe kin yn’e oarspronklike kontekst fan dit helde-epos. Ik hie myn praatsje yndield yn trije skiften, nei trije motiven dy’t my opfoelen yn dit part fan it gedicht: 1) ‘réalistyske’ ynternasjonale relaasjes tusken epyske barbarefolken, 2) kolonisaasje fan frjemde lannen troch Griken, 3) etnografyske beskriuwings fan frjemde brûktmen.

Neffens my wie Apollonius der in fernijer yn dat er as motivearring efter it mythyske relaas libbensechte geopolitike redenaasjes yn syn epos ynwurke. Op’e eftergrûn by syn heldeferhaal oer de kwêst nei it Gouden Flues fjochtsje ferskate keninkriken om’e macht oer strategysk wichtige regio’s. Wannear’t bygelyks Amykos, de wrede kening fan’e ûngastfrije Bebrykiërs (libjend ter hichte fan it hjoeddeiske Ystanbûl), yn in bokskriich mei de Grykske goadesoan Polydeukes deaslean is en de Argonauten fierder tein binne, wurdt it lân fan’e Bebrykiërs oanfallen troch in buorfolk. Dizze Mariandyniërs hawwe in langrinnend konflikt mei de Bebrykiërs, dat draait om de wichtige delfstof izer.

Hjirûnder mar efkes ien fan myn favorite stikjes út’e Argonautica, mei faaks de earste ferfrysking ea fan Apollonius: 

ὧς οἵγ᾽ οὐκέτι δὴν μένον ἔμπεδον, ἀλλ᾽ ἐκέδασθεν
εἴσω Βεβρυκίης, Ἀμύκου μόρον ἀγγελέοντες:
νήπιοι, οὐδ᾽ ἐνόησαν ὃ δή σφισιν ἐγγύθεν ἄλλο
πῆμ᾽ ἀίδηλον ἔην. πέρθοντο γὰρ ἠμὲν ἀλωαὶ
ἠδ᾽ οἶαι τῆμος δῄῳ ὑπὸ δουρὶ Λύκοιο
καὶ Μαριανδυνῶν ἀνδρῶν, ἀπεόντος ἄνακτος.
αἰεὶ γὰρ μάρναντο σιδηροφόρου περὶ γαίης.

.

Allyksa holden hja [de Bebrykiërs] net lang mear stân, mar hja ferspraten har binnen Bebrykië, om it lot fan Amykos te berjochtsjen. Healwizelingen, hja seagen net hokfoar oar ûnfoarsjoen kwea fan tichtby harren wachte! Want ferlern gienen de fjilden en doarpen ûnder de fijannige spear fan Lykos en de Mariandynyske manlju, doe’t harren kening wei wie. Altyd strieden hja ommers oer it izerhâldende lân.

(AR 2.135-141)

Mei hjirtroch wurdt de mythyske wrâld beskreaun neffens ‘no-tiidske’ Hellenistyske konsepten. Oarloch giet net (inkeld) om kleos (= eare), mar ek om ynfloedssfearen en ekonomyske belangen.

De Grykske ekspedysje fan’e Argonauten ûntdekt, om sa te sizzen, de frjemde kusten wêrlâns’t yn letter tiid Grykske stêden kamen te lizzen. De barbaren sille har ferminge mei de Grykske ynkommers, en yn’e koloanjestêden sille der werinnerings wêze oan it kontakt dat de Argonauten as paadsljochters dêr mei folken as Dolioniërs, Mysiërs en Mariandyniërs lein ha. Apollonius syn Argonautica tekenet dêryn it meartrieddige ûntsteansferhaal fan in Grykske wrâld mei sawol Helleenske as ûn-Grykske woartels.

Hoe fierder’t de Argonauten fan hûs reitsje, hoe frjemder folk at se by del farre. Yn it eastlike part fan’e Swarte See komme se net mear oan lân by freonlike foarsten, mar mije se júst direkte moetings mei de lokale befolking. Oan dizze kusten fynst dan ek wûnderlike minsken lykas de Amazônen, kriichleavjende frommisen, en de Mossynoikoi, in nuveraardich naasje dat yn tuorren wennet.

Dizze Mossynoikoi binne yn har dwaan en litten it folsleine tsjindiel fan wat by gewoane minsken wizânsje is:   

ἀλλοίη δὲ δίκη καὶ θέσμια τοῖσι τέτυκται.
ὅσσα μὲν ἀμφαδίην ῥέζειν θέμις, ἢ ἐνὶ δήμῳ,

ἢ ἀγορῇ, τάδε πάντα δόμοις ἔνι μηχανόωνται:
ὅσσα δ᾽ ἐνὶ μεγάροις πεπονήμεθα, κεῖνα θύραζε
ἀψεγέως μέσσῃσιν ἐνὶ ῥέζουσιν ἀγυιαῖς.

.

Hielendal oars binne by har it rjocht en de wensten. Al wat wenstich is en doch yn it iepen, yn’e folksgearkomste of op’e merk, dit alles bereare hja yn’e hûs. Mar wat wy yn ús keamers útfiere, dat dogge hja sûnder gûch bûtendoar midden op’e buorren.

(AR 2.1018-1022)

Dizze Mossynoikoi kinne, wat seks oangiet, gjin skamte. Hja dogge it iepen en bleat, ek mei oarmans wiif, “lykas (sa’t de dichter skriuwt) weidzjende bargen”. De oare kant út is har polityk der ien fan ekstreme efterkeammerkes: de kening wurdt der opsletten yn syn toer, en at er net nei beleavjen funksjonearret, wurdt er úthongere.

De merkwurdige Mossynoikoi binne nijsgjirrigernôch gjin folsleine optinksels. Yn’e Anabasis, it aventoerlike reisferslach fan in kontingint Grykske hierlingen yn dy kontreien, skreaun troch de eachtsjûge Xenophon (ûng. 430-354 f.Kr.), komme Griken har ek tsjin. It binne ûnpeilbere apartstra’s yn Xenophon syn objektyf oandwaande beskriuwing: minsken dy’t sjonge, dûnsje en laitsje at se op harsels binne, en iepenlik besykje om de froulju dy’t de Griken by har ha te ‘lienen’.

Apollonius liket in lytse ieu letter eleminten út dit reisferhaal brûkt te hawwen ta syn poëtyske skets fan it abslute tsjindiel fan syn kulturiele noarmen. Barbaren dus as tsjinfuotters fan wat wenstich en gewoan is: jin seedlik ynhâlde, en charismatysk aktearjende keningen lykas Ptolemaeus II, oan waans hôf er as gelearde en keunstner ferbûn wie.

Sneon, njontjin febrewaris 2011.

One Response to “Barbaarske moetings”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: