Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Brussel!

Posted by André Looijenga on 25/02/2011

Brussel. Wat in stêd! Earjuster en juster wie ik dêr, foar de twadde kear yn in jier. Ek by griis, kâld en wiet nei-winterwaar wit dizze stêd my foar har te winnen. Net daalks it buertsje om’e Grutte Merk hinne fansels (hoe prachtich de gevels op dat wrâldferneamde plein ek binne), dat is mar in stikmannich suterige strjitsjes tewâde ûnder Manneke Pis-sikers en wafelwinkeltsjes.

Nee, it giet my om de rest fan dizze wûndere stêd, dy’t grut en lyts, boppe en ûnder, âld en nij, moai en ôfgryslik ûnneifolchber trochinoar mjukset. Part Nederlânsktalich (echt wier!), mar in ûn-leechlânske grutstêd. In Europeeske metropoal, mar dochs lytser ast tochtest. 

Ek fan dát Brussel sjochst wat op dit fakânsjekykje fan ôfrûn rispmoanne: de treppen fan’e Keunstberch mei Keninklike Bibliotheek en muséa boppe-op it ûndergrûnsk art-déco Sintraal Stasjon, de fin-de-siècle koepeltsjes fan winkelgaleryen en grutwarenhuzen, de ûnbidige Koekelberch-basilyk dy’t om’e keine stedhûspinakel hinne pyba boartet…

Ik wie der wer fierstente koart. Ik wol werom.

Freed, fiifentweintich febrewaris 2011.

One Response to “Brussel!”

  1. plaatsman said

    Brussel! Ek foar my in geweldich plak. Ast nei Brussel wêrom giest moatst my mar witte litte!

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: