Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

De ierde rôlet

Posted by André Looijenga on 13/03/2011

In twawike net skreaun, haw ik blôch yn te heljen. Dit Deiblôch is foar my ommers ek in publyk deiboek, wêryn’t ik neilêze kinne wol wat ik earder earne-oer fûn. Seker oer no, no’t it barren de wrâld oer liket te rôljen mei lang-net-sjoene diminsjes. Faaks bedraait it jin, at men der mei de noas op sit, mar de yndruk dy’t dingen op it momint meitsje is ek yn oerskatte foarm it fêstlizzen foar letter wurdich.

De ierdskodding freed yn Japan, en de floedweach dêrby, printsje har op jins netflues. It byld fan it yn’e oarder, fan in stedsje yn syn aldendeiske gewoanens — de huzen himmel en kreas, de auto’s parkeard en ridend troch de buorren, de skippen dynjend oan’e kade —, tebrutsen troch it ûnhuere, dreksmoarge, frettende neat.

Yn beweegjende kykjes fongen de ein fan minsken har deistige wrâld. In ein dy’t sljochtet en slattet en sûget, de minsken út har strjitten en huzen weitôget nei de djipten fan’e wieljende see.

En dan binne der noch dy kearnsintrales dêr, dêr’t gjinien fan wit hoe’t it útrinne sil.

En it rôljen yn’e rest fan’e wrâld. Hoe ferrint it no yn Libyë? Wylst wy sjogge nei floed, ferrinnewearring, strielingsdriging yn Japan, slacht (en slachtet foar ‘t neist) dêre Qadhafi werom. Allyk júst ûnder Olympyske Spullen despoaten opstannen delslaan en tanks oer grinzen rôlje, oerskreaut ek no in grutste ramp de grutte ramp. Ik eangje foar it libben fan al wa’t der mei in read-swart-griene flagge swaaid hat, en ik bin bang dat wy ús letter besauwe moatte oer wat wy mei dizze minsken barre litte sille.

De ierde is te grut foar de media dy’t har oan ús fermiddelje.

Snein, trettjin maart 2011.

One Response to “De ierde rôlet”

  1. Nynke said

    Goeie punten…

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: