Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

En sa fierder

Posted by André Looijenga on 14/03/2011

Komselden wurd ik mear as ienris in jûns frege: “Dichtesto ek?”

Sneontejûn, op it Ensafheest yn Romein te Ljouwert, barde my soks al. Dat ik andere: “Nô,” wat hoeden lykas wenstich, “ik kom meast net fierder as ien rigel…”

Oer myn dichtsjen kin ik lykwols better sizze: “Nô, ik ferjit meastal om op ‘enter’ te drukken.”

It wie in moai feest sneon. Mei in soad lûd, dat wol. Oprjochte Fryske muzykkultuer ommers: ta har fernuvering fertelde ik myn suske de oare deis dat ik op in konsert fan de Hûnekop west hie. Rûchdouwen, dat binne harren teksten, mar se spylje echt goed gitaar en de better fersteanbere “lietsjes fan de neeë cd” koe ik sekers om gnize.

Wol wiene it de dichters dy’t my yn it foarste plak lutsen. Sytse Jansma performe in meinimmende trein oan wûnderwurden. Grytsje Schaaf bleau my by om it plak dat ‘materiaal’ (cellofaan, pvc, damwand…) yn har fersen hawwe. No bin ik sels mear in papieren poëzy-iter, dat de optredens wiene, behalven in bad yn Fryske wurden, foaral in jûn fol priuwkes om se ris fan tichterby te lêzen.

It foardiel fan hurde muzyk is dat je der elegant ûnder swije kinne. Doe’t Teake Oppewal my oan’e bar ferge om foar de fûst wei de bêste dichter út te kiezen, waard ik lokkigernôch krekt rêden troch de New Killer Stars.

Tsjin’e ein fan’e jûn siet ik op in tsjerkebank te digerjen oer in wylde dûns op hurd lûd. En it hie in bêste jûn west. In tankewol noch oan Cor, en oan Jacobus foar syn Sondelfal. En oan elk dy’t ik troch de gitaren hinne net ferstean koe: oarekears prate wy fierder.

Moandei, fjirtjin maart 2011.

One Response to “En sa fierder”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: