Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Trinus Riemersma

Posted by André Looijenga on 17/03/2011

Trinus Riemersma is dea. Foar it Frysk is dit as stoaren op íén dei Hermans, Reve, Wolkers en Claus.

Dit is it plak net om him te betinken mei in koarte bi(bli)ografy. En ek net foar persoanlike anekdoates, om’t ik dy oer Riemersma net haw. Lêsten hie ik him pas foar it earst moete (of eins: sjoen), en kwalik mei him sprutsen. Kinne koe ik Riemersma inkeld troch syn boeken, syn kollums, syn eigen eker op it web.

De twadde sin fan dit stikje wie net samar in hyperboal. Trinus Riemersma wie de grutste literêre figuer yn it Fryslân fan’e lêste fyftich jier. Ik wit net of it Frysk ea noch ien mei itselde kaliber oanlûke kin.

Wy moatte him lêze, en op’e nij lêze. Tiisdeitejûn, de jûn dat Riemersma de holle del lei, siet ik by Pier Boorsma hjir yn Grins, en wy praten oer literatuer en filosofy en de dea ek (it wie syn jierdei). Út’e hiele Fryske skriuwerij sûndere Pier íén namme út dy’t echt de muoite wurdich is en echt boppe alle middelmjitte útstekt: Trinus Riemersma. “En lês foaral De skjintme vurt ferbwólgwódde,” sei er, “dat is syn bêste boek. Better as Fabryk, dat sa bekend is.”

My sels hat Riemersma mei ien boek it Frysk yn lutsen: Nei de klap. It wie ien fan’e earste Fryske boeken dy’t ik lies (noch wat ûnwennich troch it nije wurdbyld), en faaks noch altyd it bêste Fryske boek dat ik ea lêzen haw, en ien fan’e bêste boeken überhaupt. Yn it foarst joech it boek my ek in klap. It is in hurd boek, keal en rûch en djip ûntroerend. In boek dat jin it bestean foar eagen triuwt yn syn neakenste oerlibjen. En dat dochs in boek is oer it libben, dêr’tst troch grypt wurdst om it yn ien syk út te lêzen.  

Nei de klap fertelt yn fragminten it libben fan in jonge dy’t as ien fan’e weinigen in ôfgryslike, wrâldwide (kearn)ramp oerlibbe hat. Hy tsjocht om yn in grize, kâlde, deade wrâld. Slút him oan by groepkes oerlibbenden, en ferlit se wer om syn eigen paad te kiezen. Trochsette, net skrieme, yn libben bliuwe. Dit bestean is toar en rûch, de taal ek, sa’t it heart by de ellinde en it geweld dêr’t him trochhinne slacht. Massaal ferstjerren, kjeld, ferkrêfting, kannibalisme, en it sterke fan Riemersma syn Nei de klap is dat syn Ake minske bliuwt, en in weardigen eins. Yn dit boek dat yn sjânre by in seker slach jeugdboeken oanslút, hat er miskyn wol de ultime ‘Riemersma-held’ delset.

Nei de klap is in boek dat jin út’e skroeven bringt, en dat jin foar it rûge ierdske libben better makket. Libjen, dêr binne boeken ommers foar. 

As beslút wol ik ta de neitins fan Trinus Riemersma net ien fan syn fersen oanhelje, mar sitearje út Nei de klap. Tsjin’e ein fan it boek oertinkt de haadpersoan Ake de dea en syn libben: 

Mar wy sjugge inoar net wer, dit is de ein. Dat hoopje ik teminsten. Ik haw der gjin nocht oan om op’e nij te begjinnen of it libben nochris oer te dwaan.

Neffens de Dútsers wie it libben mei de dea net dien. Kaamst yn’e himel, by god. Mark hat it my útlein, sa goed en sa kwea as er koe. Mark wie roomsk, sei er. By it bidden makke er in krúske, dêr moast ik altyd om gnize. Mark sei, deade minsken waarden letter wer libben en dan gyngen se nei de himel. Dêrom hoegdest ek gjin fertriet te hawwen as ien stoar, want ast letter dea gyngst, dan sêchst him wol werom. Dat wie him thús sa bybrocht. De himel, dat wie in moai lân, der wie iten yn oerfloed en it wie der noait beroerd waar. Ik wit net oft Mark it sels allegearre leaude. Mark tilde net swier oan dy dingen en wy wienen fansels ek noch mar lytse jonges.

Ik hoopje net dat Mark gelyk hat, want dan soe ik my fetgoar bedondere fiele. Alles wat ik dien ha, al myn skrippen en klauwen, myn noed en myn soarch soe om’e nocht west hawwe. As de himel it doel wie, hie ‘k better daliks deagean kinnen. Wêrom moast ik dit dan allegearre útstean? Ha ik om’e nocht gûld om myn suske? Siet sy op dat stuit al by ús heit en mem yn’e himel moai yn’e waarmte mei iten en drinken wylst ik omtoarke? Dan soe alles in grap west ha.

Ik hoopje dat der gjin himel is en dat ik ús heit en mem en myn suske net werom sjuch. Dan hat myn libben doel hân en dan haw ik myn triennen net fergriemd.

(Tr. Riemersma, Nei de klap, Boalsert 1999, s. 233)

Hjir is it mei sein.

Tongersdei, santjin maart 2011.

One Response to “Trinus Riemersma”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: