In epos yn kaart brocht
Posted by André Looijenga on 31/03/2011
Hjirûnder in prachtige kaart fan Abraham Ortelius (1527-1598) fan Antwerpen, kartograaf, geograaf, útfiner fan’e atlas: in rekonstruksje fan’e wrâld fan de Argonautica, it helde-epos fan Apollonius Rhodius. Apollonius wie in dichter en gelearde, en haad fan’e ferneamde Bibliotheek yn Alexandrië (tredde ieu f.Kr.). Yn’e kaartemakker en gelearde Ortelius hie er in besibbe geast fûn, sjoen’t de soarch wêrmei’t op dizze kaart antike nammen út it epos te plak brocht binne. Hjir rekket de elegante geleardens fan it Hellenisme oan it ynnovative fan it Leechlânske humanisme fan’e sechtjinde ieu.

Argonautica, Abraham Ortelius, 1598
Foar in dúdlikere, gruttere ôfbylding klikkest hjirop.
Tongersdei, iennentritich maart 2010.
Leave a Reply