Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Op’e syk nei Viglius

Posted by André Looijenga on 12/04/2011

Ôfrûne simmer reizge ik yn Fryslân en yn België tafallich lâns oantinkens oan de grutste Fries (fan’e sechtjinde ieu): Viglius ab Aytta Zuichemus. Viglius (1507-1577), dy’t opgroeide yn Swichum, humanist, jurist, riedshear fan Karel V en Filips II. Hy siet yn’e Geheime Rie te Brussel, yn’e Grutte Rie fan Mechelen, wie foarsitter fan’e Rie fan Steate, en boppedat ek proast fan’e Sint-Baafskatedraal yn Gint. Viglius wie in betûft netwurker en holp ek it Fryske netwurk om him hinne oan moaie putsjes yn keninklike tsjinst. Sa fier koene je it doe skoppe mei it Latyn en in humanistyske oplieding…

Yn Swichum stiet noch de tsjerke dêr’t Viglius syn omke Bernardus Bucho pastoar wie. Op’e ein fan syn libben stifte Viglius dêr it Aytta-Godshûs, in gasthûs foar de âlderein. It gebou stie om 1900 hinne noch oerein, mar waard fertutearze ôfbrutsen ynstee fan restaurearre. Inkeld de tinkstiennen binne bleaun. Der stiet op:

Opus Hoc Viglius zuichemus ab / Aijtta fundauit et procurante Gerbrando / eius fratre exædificatum existit

Dit wurk hat Viglius Swichumer fan Aytta stifte en, wylst syn broer Gerbrand foar it bouwen soarge, oprjochte.    

De tsjerke fan Swichum is oan’e bûtenkant oars sûnt de tiid fan Viglius fan Aytta net in soad oan feroare:

Doe’t ik in wike as wat letter yn Gint wie, seach ik yn ien fan’e súdlike strielkapellen fan it koar fan’e Sint-Baafs Viglius syn grêf. Ús Viglius nimt dêr in hiele kapel yn beslach. It muoit my dat ik doe net, tsjin’e regels yn, dochs foto’s makke haw. Viglius hat dêr in trijelûk delsette litten, mei op’e bûtenkant fan it rjochterlûk fan dit triptyk himsels biddend as domproast. Dêrtsjinoer in mânske swarte stien mei in lange Latynske ynskripsje oer Viglius syn libben en wurk.

By it útgean út’e katedraal foel my noch op dat op al it houtwurk by de doar nôtskeaven stiene: it wapen fan de Aytta’s.

In pear dagen earder wiene wy yn Leuven. Oan’e Naamsestraat stiet dêr noch it College van de Korenschoof, it Viglius-College, dat Viglius fan Aytta stifte hat foar studinten út Fryslân. Koart nei syn dea makke de reformaasje dat de measte Friezen net mear yn it katolike Leuven studearje woene. Noch gjin tsien jier letter hie Fryslân yn Frjentsjer syn eigen universiteit. It kolleezje bleau bestean, mar waard júst bedoeld foar studinten út it re-katolisearre Gint dêr’t Viglius oan’e Sint-Baafs ferbûn west hie.

De Aytta-nôtskeaf is op’e foto net hiel dúdlik boppe de yngong te sjen. Tsjintwurdich wurdt it kolleezje troch de universiteit Leuven net mear brûkt.

Tiisdei, tolve april 2011.  

2 Responses to “Op’e syk nei Viglius”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

  2. […] It is oars in prachtige stêd, dit Besançon, mar dêr sil ik skylk wol mear oer skriuwe. It hat sels noch in konneksje mei Viglius fan Aytta… […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: