Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Huzumer siikbêd

Posted by André Looijenga on 23/04/2011

Ik bin der noch, hear!

Ôfrûne wike hat wat oars west as ik it ynplend hie. Moandeitemiddei fielde ik my op myn wurk hielendal net goed. Myn rjochterhelte fielde dôvich, myn earm trilde, pine yn’e holle, muoite sels mei it praten. Dat ik út wurk ynstee fan nei hûs mar nei it MCL ta. Ik waard ûndersocht, en de neurolooch woe my út foarsoarch mar in nachtsje hâlde. Oant tongersdei haw ik dêr yn it sikehûs lein.

Wat der no krekt oan’e hân wie (of is), is noch net alhiel dúdlik wurden. Yn alle gefal is der neat mis mei myn herte, myn longen of myn bloeddruk. Ik haw gjin sûkersykte. Út in CT- en in MRI-scan die bliken dat ik net allinnich harsens haw, mar dat se der ek tige sûn útsjogge. Dat ik mocht wol wer gean, en doch it no mei de peaske mar wat rêstich oan.

It rare gefoel fan moandeitemiddei wie tiisdei wer oer. Lykwols hienen se my wol oan’e monitor lein, mei elektroaden, triedsjes en in bloeddrukmjitter. Wylst ik my wer normaal en sûn fielde, lei ik dêr mar mei triedden fêstbûn op bêd: in nuvere erfaring. It skeelde dat it noch in pear nijsgjirrige boeken by my hie.

Ik haw dus mar lêzen yn, hiel tapaslik, Der Zauberberg fan Thomas Mann. David van Reysbrouck syn Congo haw ik ûndertusken útlêzen en ik haw ek noflik omblêdere yn F.J. Nicholls syn Anthology of Neo-Latin Poetry. Boppedat haw ik, tsjin’e ferfeling, it foarwurd oerset fan Frisia, seu de viris rebusque Frisiae illustribus (út 1609) fan Martinus Hamconius.

It wachtsjen, hieltyd ôfwachtsjen, is it meast typysk dêr yn it sikehûs. De tiid giet oars. De yndieling fan’e tiid giet troch bloedûndersiken, doktersbesite en de bôlekarre. Komst yn in rigelmjittige dining fan rêst en wachtsjen. In Zauberberg mei útsjoch op’e Âldlânsdyk yn Huzum.

Lokkigernôch bin ik no wer thús. Oankomme moanne moat ik noch in pear kear werom foar neier ûndersyk, mar ik haw goede hope dat it minder slim is as it earst like.

Sneon, trijentweintich april 2011.

One Response to “Huzumer siikbêd”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: