Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

De útfining fan útfûne tradysje

Posted by André Looijenga on 30/04/2011

Gesunkenes Kulturgut kin men it neame. It ferskynsel dat brûktmen, konsepten, wurden mei ferrin fan tiid nei ûnder drippe, fanút de salons en konversaasje fan in elite yn’e legere regioanen te lâne komme. Itens- en drinkensgewoanten bygelyks, mar ek tinkbylden en libbensopfettings. Of, om in bekind foarbyld te jaan, it Frânsk dat yn’e achttjinde ieu yn ús lânsdouwen safolle brûkt waard. In útdrukking as un homme de conséquence bedarre út’e taal fan’e hegerein yn it ‘Boersk’ as in man fan kwizekwânsje.

In ideeëhistoarysk stikje gesunkenes Kulturgut is tsjintwurdich it konsept fan invented tradition. Begjin jierren tachtig skreau de Britske histoarikus Eric Hobsbawm (yn’e mande mei in pear kollega’s, û.o. Terence Ranger en Hugh Trevor-Roper) in ynfloedryk boekje mei opstellen, mei de titel The invention of tradition (Cambridge 1983). De opstellen geane oer hoe’t nasjonal(istysk)e tradysjes ornaris foarsteld wurde as oerâld, wylst se eins binnen in sekere histoaryske kontekst ‘útfûn’ binne ta in beskate sosjale funksje. It ferneamdste essay út dit behindige boekje is dat fan Trevor-Roper oer de kultuerskiednis fan’e Skotske kilt, dy’t er ‘ûntmaskeret’ as de útfining fan in Ingelske yndustrieel om 1725 hinne.

The invention of tradition heart ta it begjin fan in oant hjoeddedei oanhâldende akademyske moade om dwaande te wêzen mei de skiednis fan identiteit. It útfinen fan tradysjes tsjinnet ta it fuortsterkjen fan’e ienheid en de identiteit fan in groep. Tradysjes meitsje de groep (in folk, in libbenskôging, in steat) werkenber, foar de bûtenwrâld, mar foaral ek foar de leden fan’e groep sels. Tradysjes klaaie de ynstitúsjes en de sosjale struktuer fan de groep yn. De konstruksje fan dizze tradysjes wurdt, troch hjoeddeiske beskriuwers fan dizze prosessen, gauris foarsteld as in manipulaasje fan boppe-ôf, ta fuortsterking en legitimaasje fan’e groepsidentiteit.

De konstruksje (‘útfining’) fan tradysjes falt gauris gear mei grutte feroaringsprosessen yn in wrâldhistoarysk ramt. In oar ynfloedryk boekje út 1983, Imagined communities fan Benedict Anderson, beskriuwt de opkomst fan it nasjonalisme yn’e njoggentjinde ieu binnen in ramt fan’e emansipaasje fan (koloniale) sub-elites, it waaksdom fan massamedia wilens de yndustriële revolúsje en it lykstellen fan folk oan taal. Mei Hobsbawm hearde Anderson ta de marxistyske werûntdekkers fan it nasjonalisme as relevant sosjaal- en kulturiel-histoarysk ferskynsel. Wat der yn Midden- en East-Europa barde foar en nei de Fal fan’e Muorre soe de relevânsje fan dit ûndersyksfjild befêstigje. De akademyske moade waard sa mei oantrune troch it wrâldpolityk barren.

De konstruktivistyske sjenswize op kollektive identiteiten is fansels tige nuttich. It hat de stúdzje fan nasjonalismes en identiteitsfoarming út de nearzige rook fan’e völkische folkloare helle en wer salonfähig makke. Tagelyk hat it konsept fan’e útfûne tradysje in heech ‘iepen doar yntriuw’-gehalte. Gjin inkelde kulturiele tradysje is ommers oanberne. Alles moat ea útfûn en konstruearre wêze. Alles ûntwikkelet him mei de jierren en ieuwen en wurdt op dizze wize fierder (re-)konstruearre. Feroarings op kulturiel mêd hingje altiten mei-inoar gear. Minsken stribje altiten nei in better plak foar harsels troch mei te rinnen mei oaren of har tsjin oaren ôf te setten. Wa’t him eftersteld fielt, siket jimmer in wei om him earne-yn dóchs te oppenearjen, en sa kin men wol trochgean mei it opsomjen fan sosjaal-histoaryske universalia

It gefaar by it brûken fan it konsept invented tradition leit lykwols beskûle yn simplifikaasjes.

It is ferliedlik en meitsje de tinkfout: “X is mar in konstruksje (binnen histoaryske kontekst Y), dat X is eat ûnechts en ûnoprjochts”; “X is in optinksel, dat X bestiet eins net”.

Nim dêrby de marxistysk oandwaande beskriuwingstrant fan in invented tradition as eat dat in hegerein brûkt om har macht te befêstigjen óf dat in subalterne groep brûkt om emansipearjend macht te krijen. Útfûne tradysjes fan identiteit binne sa gjin ferdiverdaasje oer folkloare mear mar part fan in discours oer macht, ynfloed en ûnderdrukking. Macht en ûnderdrukking boppedat troch konstruksjes en optinksels. Konstruksjes dy’t men ûntmaskerje en dêrmei oan’e kant feie moat…

Fulje hjirboppe foar X de ‘Fryske identiteit’ c.q. ‘kultuer’ yn, en sjoch hoe’t der troch guont oer it Frysk-en-wat-dêrmei-anneks-is tocht wurdt. It beskriuwen fan in, op himsels al tige nijsgjirrich, ûntsteansproses wurdt fertiisd mei it foarmjen fan in wearde-oardiel oer misstannen dêr’t it ûntstiene faaks mei gearhinget. Ek leit op de loer dat men de (hypothetyske) reden fan ûntstean fan in ferskynsel oannimt hieltyd it doel fan it ferskynsel west te hawwen: om bygelyks, as men de konstruksje fan it Frysk-eigene yn’e 19e ieu as réaksje op it moderne beskôget, Fryske identiteit altiten as anti-modern te sjen. As tsjin moderniteit, as tsjin foarútgong, as in esthetysk oppoaid kollektyf efterútbuorkjen.

Yn soksoarte tiis rekket Huub Mous yn syn resinte diatribe tsjin Goffe Jensma. Mous komt mei Hobsbawm en invented tradition oansetten om ‘de Frysk kultuer’ dêrmei dea, of nee: ûnbesteand, te ferklearjen. Hy wol de 19e-ieuske boargerlike Fryske beweging te folle yn in discours fan moderniteitsproblematyk triuwe — syn eigen discours oer modernisme yn’e 20e ieu –, wylst al wat Mous seit oer Frysk en Fryskbewegers dreech los te sjen is fan syn eigen wranteligens in rebus Frisicis.

In sekere amusemintswearde kin men Mous syn bearen op Jensma net ûntsizze. Jensma leaut, neffens Mous, (blykber) sels net yn de (blykber abjekte) konstruksje fan it Frysk-eigene, dat Jensma heart dêrom net op de (blykber inkeld dizze blykber abjekte konstruksje fan it Frysk-eigene tsjinjende) learstoel Frysk te sitten. Mous syn fergeliking fan’e Fryske beweging mei de Roomske tsjerke en Roomske emansipaasjekultuer fljocht hjir elokwint út’e bocht.

It kin oars slimmer misbeteare as lju mei it konsept fan útfûne tradysje oan’e haal gean. Komplottinken is nea fier fuort yn lêzersréaksjes op ynternet. Sa haw ik ien in kear bewearjen lêzen dat it Frysk soe ien en al in betinksel wêze fan de elite om de Friezen dom en achterlik te hâlden. De idee fan it Frysk as eigen taal soe in konstruksje wêze troch in Fryske hegerein om harsels yn in machtsposysje te manipulearjen. As klearebare healwizerij skriuw ik dit no del, mar ik wit mar al te goed dat der genôch mar al te ree binne om sokke út har ferbân lutsen kultuerthéory foar wier oan te nimmen.

— — —  

[Ta beslút in lytse noat by it begryp gesunkenes Kulturgut. Ik bin my der tige fan bewust dat dit begryp betocht is troch de Dútske folkloarist Hans Naumann (1886-1951), dy’t letter yn’e nazi-tiid bot fout west hat. Dit makket dat ik it konsept net alhiel ûnbesoarge brûke koe, mar it is tagelyk ek wer gjin reden om it wurd hielendal te fermijen. Sonken kultuerguod is ommers in handige omskriuwing fan wat eins in kultuerhistoaryske ‘iepen doar’ is: dat fan ûnderop moades fan boppe oernaam plichtsje te wurden.]

Sneon, tritich april 2011.

4 Responses to “De útfining fan útfûne tradysje”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

  2. ijsbrand said

    Moaie wurden. Mar, ik bin sa frij in pear lytse oanmerkings te meitsjen.

    Hugh Trevor-Roper wie in fûle anti-kommunist, dat, om him no ta represintant fan in fral Marxistyske idee te beneamen is wat koart troch de bocht.

    Ek tinkt my dat it him meastentiids net giet om ‘The invention of tradition’ as idee. Omt dat mar ien aspekt is fan in folle bredere trend om de skiednis altiten as bewiis te brûken, foar’t mar bewize wurde moast; in truuk dy’t miskien fral retoarysk is, mar faak wol effekt hat. Oars wurde útspraken ek gau te abstrakt.

    Goed, dan skynt it no normaal te wurden foar guon om Wilders mei Hitler te fergelykjen; en soks seit dan alderearst wat oer de minsken dy’t sokke fergelikings brûke.

    Mar, sels yn it brûken fan de fraze ‘Fryske kultuer’ sil foar de measten ek in ferwizing nei it ferline sitte; nei dat wat der altiten west hat; neffens harren.

    Wylst dan noait de fraach spilet weryn’t de Fryske kultuer no krekt noch unyk is tsjinoer de Noard-Nederlândske kultuer, of de Noardseekust-kultuer, of neam de kultuer fierder mar op.

  3. […] Lees verder op Frysk Deibloch […]

  4. Bêste IJsbrand,

    yn dit blôchke woe ik foaral myn argewaasje uterje oer it misbrûk fan it konsept fan “invented tradition”, lykas hoe’t ien as Huub Mous der lêsten wer ris mei oan’e haal gie. Mous sjocht hjir yn Fryslân gauris ferstienne romantyske spoeken (as it giet om it selsbyld en skiednisbyld fan de Friezen), en wol dy it leafst mei wat te grut materieel te liif gean. Dat mei, mar it muoit my dat er dêr wat te maklik mei foar master opslacht.

    Wat Trevor-Roper oanbelanget: him skaarje ik net ûnder de marxisten. It is eink wol nijsgjirrich dat ek Hobsbawm yn dat boek “Invented tradition” folle minder fûl konstruktivistysk is as dat men op grûn fan it Nachleben fan it boekje ferwachtsje soe. By him giet “útfûne tradysje” út fan it oanpasjen en op’e nij ynpasjen fan âlder “materiaal”. Gjin inkelde “invented tradition” kin ommers hielendal ex nihilo útfûn wurde.

    Om dan op de “útfining” fan de Fryske kultuer c.q. identiteit c.q. folk c.q. taal werom te kommen: fansels bestiet dat “Frysk-eigene” út histoaryske konstruksje; mar fansels is dat “Frysk-eigene” gearstald út âldere eleminten dy’t op in seker stuit as “Frysk” beskôge wurde koene. Fansels hawwe dingen dy’t wy no “Frysk” fine, net altyd typysk Frysk west of hielendal net altiten bestien.

    My tinkt dat yn hokfoar kultuer dan ek, seker dy fan minsken dy’t libje yn in gebiet mei in (assosjaasje fan) lange kontinuïteit lykas Fryslân, automatysk ek in byld fan in ferline opropt. Mar ik tink datsto wat te gau derfanút giest dat minsken dy’t in soad ferline yn har eigen kultuer sjogge, fuortendaalks miene dat har kultuer sûnt minskeheugenis yn wêzen frijwol ûnferoare is.

    (Oan’e oare kant: oer wêr’t minsken hast neat fan witte, geane se der fansels fan út dat it krekt as is wat se wol kinne. Dat wa’t mar in sketsmjittich byld fan it ferline hat, nimt dát byld as fansels oan as it byld fan it hiele ferline. Sa generalisearret de gemiddelde minske as fansels konsepten as “Fryske frijheid”, “Fryske taal” en “Fryske plattelânskultuer”.)

    Ta beslút tink ik datst de mjitte fan “unyk wêzen” fan de Fryske kultuer (foar oanswettende kultueren oer) net te folle as absolute parameter foar it bestean fan “Fryske kultuer” sette moatst. De eask fan “unyk wêzen” liket my in romantyske ‘bias’. Fryske dingen binne fansels net folslein unyk (gelokkich net!), mar se binne meastal noch genôch krekt wat oars om werkenber te wêzen.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: