Wurdwurk
Posted by André Looijenga on 03/05/2011
By dizze it begjin fan in nije rige blôchkes op it Frysk Deiblôch: Fryske wurden dy’t my opfoelen om’t ik se eink noch net koe (of yn elts gefal net brûke soe). Op himsels is myn taalbehearsking seker foarútljept it ôfrûn oardel jier, mar noch altiten fiel ik myn leksikale gatten by it Frysklêzen. Yn it skriuwen manûvrearje ik dêr wol wat omhinne, mei de nedige nederlannismen en útflechten. Ik wol de gevere, âldere taal lykwols wat mear eare tadwaan as wenstich, dat ik moast der mar ris opút en sparje bysûndere wurden. Ik helje se net sa út it wurdboek of út in hânboek foar idioom, mar gewoan út literêre boeken dy’t ik tafallich krekt oan it lêzen bin. Om der net allinnich sels ferlet fan te hawwen, set ik myn earlike fynsten, mei har definysjes, hjir op it Deiblôch. Mei it doel fansels dat wy se brûke, en wy it Frysk faaks net oeribele geef mar al ryk en rynsk hâlde.
De wurden hjirûnder komme út in behindich filosofysk boekje fan sa’n tsien jier lyn. De auteur hold fan kuierjen en swimmen, en is yn 2001 weirekke. Ik meitsje der efkes in riedsel fan. Wa wit yn hokker boek ik dizze wurden lêzen haw?
begnuve – besnuffelje
bewrotte – troch wrotten (hurd wurkjen) ferkrije
bjinderje – skjinfeie
bûtenwenstich – ûngewoan
deldrachtich – plat, banaal, leech-by-de-grûn
dúst (de) – dreun, klap, stoat
dwerse kneppels (de) – dat wêr’st ien mei dwers sitst
eachweid (it) – blikfjild, útsjoch
earmelytsens (de) – begrutlike sitewaasje; sels-meilijen
earmhertich – bekrompen, gierich (tsjinoer: romhertich)
ferhûddûkje – hieltyd slaan, mishannelje, ûnderdrukke
ferpopkje – as in lytse poppe behannelje; ferwenne, fertroetelje
fyftel – fjouwer-en-heal
gearpongelje – slordich yn elkoar draaie
grime (de) – woede, lulkens
heislik – ferskriklik
hymje as in brúnfisk – swier hymje (‘hijgen’)
hûkearzje – hurke, op’e hurken sitte
in klap mei de moalpûde krije – it ferstân kwyt reitsje
kliemsk – klef; seurderich, eamelich
de kniper komt op’e skine – it komt deropoan, it giet derom
krebintich – stiif (fan lea), hampelich (yn it rinnen)
loarte (de) – drol, keutel
mishipt – misfoarme; misdiedich, kwea
mishiptichheid (de) – misstap, misdied
nammers – trouwens
nukke – (bgl. in bal) goaie, smite
mei-inoar oanklaud sitte – mei-inoar opskipe wêze, ta inoar feroardield wêze
(ien) oandeare – (ien) oan it herte gean, (ien) muoie
oereidzje – eins: op’e nij eidzje (‘eggen’); eat nochris besjen, nochris beprate
oerloegje – oerláde, tefolle lade, tefolle opstapelje
ompartsje – útdiele
omsteuterje – (as in âld minske) foarsichtich en stadich omrinne
raar oan’e broek skuorre – frjemd opsjen
redsum – handich, feardich, fluch
saksearje – bedaarje, bekomme, minder wurde, ôfsakje
skansearje – skeine, geweld oandwaan
smûge – swier, lûd en dreech sykhelje
staach (de) – famylje, laach
efteroer teare – kantelje, omfalle
tsjinstuit (de) – tsjinslach
ûnbewêsten – ûnbewust
útwekke – ferswakke, ferâldere (bgl. ien syn lichem)
útwrydsk – frjemd, fier-socht, eksoatysk, opsichtich
wearzich – ôfkear opwekkend, akelich
winliken – eins, einliks, yn wêzen
(ien) wjerfarre – (ien) oerkómme, (mei ien) barre
wjerstribbich – wjerspannich, tsjinakseljend
de wrâld op’e nekke nimme – swier oan alles tille
Myn eigen favoriten út dit listke binne de byldzjende adjektiven deldrachtich, krebintich, mishipt en redsum, en it swiere sykheljen dat útdrukt wurdt yn smûge en hymje as in (oanspielde?) brúnfisk. In dúst klinkt echt lykas krigest him yn’e side. Dat ik loarte net koe, lit pynlik sjen hoe ferhollânske myn Frysk júst yn’e legere regioanen winliken is.
Tiisdei, trije maaie 2011.
www.ensafh.nl said
[…] Lês fierder by André Looijenga […]
plaatsman said
Dot hejje mooi deen!
Voor mij waren niet al deze woorden nieuw. Begnuve, dat zou een Texelaar nog wel verstaan, al zou ‘ie het eerder als “proeven” interpreteren. Een gnuufie is een borreltje. Als een stelletje klef doet, dan zit het te klieme, dus ook kliemsk kon ik wel plaatsen. Oerloegje, welja, loêge is “laden”, vooral gezegd van hooi. Zouden die andere Friese woorden ook Tessels zijn, maar dan Tessels dat ik niet ken…?
Jelmer said
moaie list! guon wurden bin ik wol bekend mei en brûk dy ek gauris, hearre my net frjemd yn ‘e earen (dúst, kliemsk, nukke, skansearje, útwrydsk), guon oaren binne my folslein nij. Kin op ‘ferpopkje’ ek de farianten ‘ompopkje’ of ‘ompankoekje’, mar betsjut mear ien dwaande hâlde, tefreden stelle (meastentiids bern). Fyn it ek machtich moai it Frysk sa ryk en rynsk te hâlden, mar lykasto seist André, bytiden ûntdekst hoe ferhollânske ast al bist… Mar dat is oan ‘e oare kant ek net ferwûnderlik. It plak dat it Frysk hawwe moatte soe, wurdt it net jûn en it Hollânsk is suver eins it iennichste dat jildt en dêr’t omtinken foar is…
@Plaatsman: die andere Friese woorden Tessels zijn? Tocht earder oars-en-om. Eartiids waard der Frysk praten op ‘e eilannen, ek op Tessel 🙂
Wurdwurk – II « Frysk Deiblôch said
[…] sil ik skylk fêst mear oer sizze. Werom nei it by-ienswyljen fan minder bekinde Fryske wurden, it ‘wurdwurk’ dêr’t ik lêsten ek ris in blôchke oer skreau. Dit kear wurden út de lêste bondel fan in frij jonge dichter út Húns: Elmar Kuiper, mei syn […]
Wurdwurk III « Frysk Deiblôch said
[…] it risseltaat fan is. (In ‘wurdwurk’ dus, lykas ik earder ris mei boeken fan Elmar Kuiper en Trinus Riemersma dien haw, mar dan mei mear wurden.) De oerdied oan frjemde wurden stjit ôf, mar lûkt my eins ek […]