Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Grut-Frysk wykein

Posted by André Looijenga on 18/05/2011

In moai, drok wykein hand, kin ‘k wol sizze. Sneons Ensafhergadering by J.Q. Smink yn Brabân, dêrnei oer Grins nei Nijeskâns foar in reiske nei Sealterlân op snein. Dêr net allinne in pear minsken Sealterfrysk praten heard, mar ek noch sels yn’e Sealterske útstjoering op’e radio te hearren west!

Oer ús gearkomste yn Eindhoven sil ik it fierders hjir net hawwe. Hienen jim de nijste digi-ferzy fan Ensafh al sjoend? Dit kear mei it earste echte Ensafhilmke dat Marc Kooij (alias DJ Keu) makke oer de dichter Elmar Kuiper. Oer syn nijste bondel skylk mear.

Yn’e trein werom lies ik in stik út Willem Schoorstra syn Rêdbâd, kronyk fan in kening. It mei wêze dat ik wat yn’e sûs wie fan it bjear (bier) en de mea (mede, eins: whiskey), mar ik wie wakker ûnder de yndruk fan’e earste bledsiden. Benammen wie dat om Schoorstra syn wurdkar, wêryn’t er net tebekskrillet foar archaïsmen, wylst er de sinnen dochs linich en lêsber wit te hâlden. It ferhaal sels liket alles te hawwen fan in klassyk jongesboek. In jongesboek dat sil it wêze. En nijsgjirrich boppedat foar jonges dy’t ornaris gjin Frysk lêze; dy’t bygelyks har flaaksen faksen (hier) lang groeie litte, fan hurde muzyk en fan swarte klean hâlde. By in twadde druk soe ik al in ferklearjende wurdlist tafoegje.

Opmerklikernôch liket kening Redbad hast dwaande mei in renêssânse op it stuit. Der wâlet dochs gjin dreamerich nasjonalisme op yn dizze tiden wêryn’t dústen ús útdield wurde? Yn alle gefal sil der yn septimber yn it 950-jierrige Starum in iepenloft-bewurking opfierd wurde fan’e Fryske keningsdrama’s fan Douwe Kalma. Dyselde stikken om kening Redbad hinne dy’t ik lêsten ien noch foar ynteressant mar ûnspylber ferklearre, binne troch Eric Hoekstra ta ien tekst foar téatergroep SULT behoffene.

Dêrnei de oare deis dus by ús fiere sibben yn it Sealterlân op besite.

Fansels hawwe jo wolris fan Sealterlân (Seelterlound, yn it Dútsk Saterland) heard: it lytse herntsje ûnder Eastfryslân dêr’t se noch in foarm fan Frysk prate. Op Noardfryslân nei is it Sealterlân it iennichste gebiet beëasten de Lauwers wêr’t it âlde Frysk net yn’e 15e en 16e ieu troch in Saksysk dialekt (lykas yn Grinslân) ferkrongen waard. Trije, fjouwer doarpen yn it noardwest fan’e Landkreis Cloppenburg, eartiids besletten tusken it fean. Tjoo, fjauer täärpe… jo sjogge de oerienkomsten mei ús ‘grutte’ Frysk al.

Seelterlound du laist ousleeten,

fon de Waareld gans ferjeeten.

Man din Foan häd us uk heelden

fräi fon Fäinde, Kriech un Nod.

Allyksa it Seelter Läid, it folksliet fan’e streek, dat in vikaris Schulte dichte. Gâns fergetten fan’e wrâld kin men hjoeddendei fan it Sealterlân net mear sizze. De gemeente timmeret oan’e dyk as “it lytste taaleilân fan Europa”. Út Dútslân, út Europa is der jild om einlings wat mei it Sealtersk te dwaan, en docht men ek. Yn Skäddel (Scharrel) stiet der grutsk “Litje Skoule” op’e basisskoalle. Oeral binne houten bankjes delset, dy’t yn it Sealtersk oproppe jin op har del te jaan. It âld stasjon fan Skäddel is fertimmere ta it Seelterfräiske Kultuurhuus.

Dêr yn it Kultuurhuus krigen wy it Sealtersk ek te hearren. Heinrich Pörschke, foarsitter fan’e Seelter Buund presintearre dêr tusken alve en ienen de útstjoering fan it Sealterske radio-programma. Ien kear yn’e fjirtjin wike de sneins stjoere se dit programma Middeeges út op’e regionale stjoerder Ems-Vechte-Welle (Emsland, Cloppenburg, Bentheim).

Wy trijen joegen ús del yn in hoekje fan’e studio, Marcel, Youssef en ik. Oer oardel oere tiid wie in petear útsmard oer de doarpsfernijing yn Skäddel, ûnderbrutsen troch âldere popmuzyk en schlagers. Men moat even wenne, mar dan is it Sealtersk ridlik benei te kommen. Yn klank sit der eins gjin ferskil tusken Sealtersk en Eastfrysk Platt. It binne de Fryske krinten yn’e brij dy’t men der gau útheint: fjauer, Jier, mädnunner (mei-inoar), Bäiden (bern), hoopjeiek lieuw et nit. Lykwols mjuksje se der gauris wat, regionaal útsprutsen, Heechdútsk trochhinne.

Yn it twadde oere waarden wy efter de mikrofoan noege om wat te sizzen oer ús besite oan’e streek, en wat fan it oare Frysk hearre te litten. Yn it Dútsk fertelden wy wat oer is taaltoerisme oan it Sealterlân. Dêrnei spruts ik yn andert op Pörschke wat Westerlauwersk-Fryske wurden út. In ‘waar-berjocht’ eins, wêryn’t hearre liet dat wolken, rein en sinne yn beide talen op inoar lykje. Marcel sei noch inkelde wurden yn it Tesselsk, dat fansels yn’e fierte ek in soart Frysk is.

De âld kleasterkapel yn Boukeläsk, Sealterlân

Nei Skäddel rieden wy de oare doarpen noch by del: Seedelsbierich (Sedelsberg), Roomelse (Ramsloh), Strukelje (Strücklingen) en it âlde kleaster fan Boukeläsk (Bokelesch). Kreaze, grutte huzen yn kreaze doarpen. Sa kreas en oprêden dat, at je net wisten dat it Sealtersk hjir bestie, je der sûnder erch oan foarby gongen.

It iennichste echt âlde gebou, de âld kleasterkapel, leit al pittoresk yn it kûlisselânskip. Yn’e 13e ieu festigen johanniters hjir in kommanderij. Foar ús streken is it unyk dat de tsjerke fan dit Klaaster bewarre bleau. It Sealterlân wie Frysk, mar foel ûnder it foarst-bisdom Múnster, en is dêrmei it iennichste part fan’e Fryske lannen dat yn’e sechtjinde ieu gjin reformaasje hie. Hjir stiet dêrtroch noch, sûnder in doarp derby, in kleastertsjerkje oerein lykas der ienris tsientallen ek yn ús Fryslân stienen. (Ditselde ôfwykjend Roomsk bliuwen fan it Sealterlân hat dêr fêst ek meispile yn it net ferlern gean fan’e Fryske taal.)

Skylk mear ympressys oer it Sealterlân. Eala, foar no!     

Woansdei, achttjin maaie 2011.

One Response to “Grut-Frysk wykein”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: