Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Fersen yn it fean

Posted by André Looijenga on 22/05/2011

Fan’e middei by Literêr Sirkwy west yn It Damshûs yn Nij-Beets. Heit en mem boppedat meitôge nei de literêre middei, dy’t se hiel moai fûnen. In bysûnder ûnderhâldend programma sjoen yn ‘It Houten Hemeltsje’, it rekonstruearre needtsjerkje yn it iepenloftmuseum. Spitich allinnich dat ûntanks de oanbeane kwaliteit it tsjerkje perfoarst net fol siet.

In bliere foarjierssinne ferdreau de wolkens en lei in skyn fan genede oer dit museum fan it earmoedich ferline fan’e feanderij. Petgatten, klyn, baggelark, turfbokken, houten klinten en de rook fan tar. De kleur fan it tarre hout, de kleur fan it droegjende turf. Kjeld en grize loften byldzje ik my dêrby yn, de ûnbidige leechte yn’e ferfeande wyldernis, en de krûme lea fan it bealigjen.

Yn it Houten Hemeltsje waard goed foarlêzen. Hie ik mar de stim fan Melvin van Eldik! Wat in perfôrmer is dizze Ljouwerter poëet, dy’t alles út’e holle foardroech. Syn optreden begûn er mei in spesjaal skreaun fers yn it Frysk, oer de arbeiders yn it fean hjir by Beets. De, eins heul learsume, hâlding fan grutskens (dy’t ta jinsels omheuchbodzjen laat) hied er goed troffen. Nei ôfrin haw ik him net sels noch sprutsen, mar: Melvin, mei dit gedicht yn Ensafh?

Op it terrein fan It Damshûs stiet in espeltsje weropboude arbeiderswenten. Amper mear as houten hokken eins. Op in kreas meand gazon steane se dêr no suver as in buertsje fakânsjebungalows, smûk en knus. Mar om de erfaring te krijen hoe’t it echt wie, soene se eink ferspraat oer hûnderten pûnsmietten iepen fjild stean moatte. En soest der hjerstmis, of djip yn’e winter hinne moatte, yn’e meagere moannen, wylst alles griis en wiet en smoarch is en it oan alle kanten siicht tusken de tinne houten planken.

Nee, wis, it wie in moaie literêre middei. En boppedat wit ik no hoe grut in kontrabas-blokfluit is. En haw ik Carolien Hunneman yn it Stellingwarfsk sjongen heard. (Rêd ús fan’e Omrop-middelmjitte; hooplik skoarst gau dyn Fryske zeumer-hit!)

Stellingwarfsk en oanswettende dialekten passe oars goed hjir yn it leechfean: mannich turfstekker kaam ommers fan’e kant fan Giteren harren. En fan Giteren — dreaunen myn tinzen troch it tsjerkerút in tyskjend wylchje bylâns –, is it mar in hoannestap nei Ni’jevene… Ik moast mar ris wat mei it Súdwest-Drintsk (myn temûke memmetaal) dwaan…

De rein wie ferwaaid en de sinne skynde gelikens oer plat-bemealle feanpolders en oer mankelike reservaatsjes kleurich somplân.

Snein, twaëntweintich maaie 2011.

4 Responses to “Fersen yn it fean”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

  2. Heden, it liket betiden wol proaza fen in Jong-Fries!

    • Wis, nommele Knjillis! Honear ik efter it kaeiboerd fen myn kompjûter sit, giet de Fryske teal wolris hwet mei my oan de hael. Wirden binne der om mei boarte to wirden, nou. Det lykwols myn proaze lêsber bliuwt, scoe ik eak hwet mear om tinke moatte…

  3. De Friezen habbe need oan in nije Douwe Kalma.
    Jo sykje dochs omdôch nei in grut Frysk Lieder.
    Weiten hintsjes binne no de dichters yn’t Alme-
    nak. Prate Hollânsk tsjin de bern, de taalferrieders.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: