Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Blôchblock

Posted by André Looijenga on 24/06/2011

Nuver, mar de lêste fjouwer wiken haw ik gjin nije blôchkes mear pleatst. Ik hie wol wat oare skriuwputsjes dy’t ôf moasten, en tusken de frije dagen troch wie it drok op it wurk, mar binne dat jildige útflechten?

Oan ûnderwerpen om argewaasje fan te hawwen gjin gebrek, soenen jo sizze.

Mar sokke argewaasje kin jin ek hast ferlamje. Wat soe ik myn tiid fergrieme mei it deltypjen, yn it Frysk, fan lulke kommintaren op de healwize besunigings fan it Haachske regear op… sa wat alles dat men earder fan wearde fûn. Wat no ûnderwiis en wittenskippen? wat no kulturiele subsydzjes? wat no iepenbier ferfier yn de ‘regio’? wat no in striidmacht dy’t past by it ekonomysk gewicht fan dit keninkryk? wat no in diverse publike romte mei ek regionale media?

Dit regear krij ik sa njonkenlytsen in lichaamlike tsjinreäksje op. Dat, foar no, net mear dêroer.

Werom nei myn blôch. Fierders hat it oan stof net ûntbrutsen. Lit my mar ris in pear dinkjes neame dêr’t ik foar jo oer skriuwe koe. Faaks bringt dat de nocht yn it blôchkjen wat werom.

* Oer ‘âlde Fryske boeken fan froeger’ (om Pier Boorsma oan te heljen) bygelyks. Boeken dy’t ik koartlyn sa mar yn hannen krige, mei in soad wille lêzen haw, en jo graach oanriede soe, binne: Teije Brattinga syn Dy ferrekte papen: documentaire dramatique (in roman oer de reformaasje yn Fryslân yn 1580) en R.R. van der Leest syn hiel sterke Lampefryske forhalen.

* Oer it ûntmaskerjen fan konsepten as ‘Noard-Nederlân’ en ‘noardlik lânsdiel’ as moderne konstruksjes om Fryslân ûnder de macht fan Grins te krijen, oer hoe’t de Ljouwerter Krante dêr graach oan meiwurket, en oer hoe’t Fryslân dêrtroch syn âldere, en ekonomysk lukrativere, bannen mei Noard-Hollân en Amsterdam ferwetterje lit.

* Oer Pierius Winsemius (1586-1644), de grutste Fryske skriuwer fan de santjinde ieu (neffens tiidgenoaten alteast), dichter, jurist, lânshistoarikus, amateur-astrolooch en professor yn ’e eloquentia.

* Oer amusante plannemakkerij dy’tst sa opheinst út de Fryske media. De stielen toer bygelyks dy’t pastoar Van Ulden yn Snits foar de Sint-Martinustsjerke oan de Singel delsette wol (neat mear fan heard eins). Of in akwadukt (!) foar boatsjetrailers tusken de Potten en it Starteilân. (Lês it Sneeker Nieuwsblad en jo miene dat it alle wiken 1 april is.)

Aanst komt der wer in nije digitale Ensafh út. De lêste foar it simmerskoft, dat ik ûnthjit jim dat ik, no’t jim de Ensafh-digi foar treddeheal moanne misse moatte, as ferfanging wer wat rigelmjittiger op myn Deiblôch skriuwe sil.

Freed, fjouwerentweintich juny 2011.

One Response to “Blôchblock”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: