Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Japicxiade

Posted by André Looijenga on 01/07/2011

Dit neijier sil de Gysbert Japicx-priis wer útrikt, dit kear foar it bêste Fryske proazawurk útbrocht yn 2007-2010. Ferline kear, yn 2009 gie de priis nei poëzy: Anne Feddema mei syn Reidhintsje op’e Styx (út 2005). Doe’t de Gysbert yn 2007 ek nei proaza gyng, waard er oan Josse de Haan jûn foar syn hiele oeuvre (wêrûnder fansels syn grutte roman Piksjitten op Snyp út 1999).

De Gysbert is de meast prestizjeuse priis yn it Fryske literêre fjild, dat it is altiten aardich te krinkjespuien oer wa’t him dit kear winne sil. Wy fan Ensafh hawwe dêrfoar krektlyn in poll op ús hiemside set. Jo kinne ús dêrop trochjaan hokker boek (en skriuwer) neffens jo winne moat. De tuskenstannen en risseltaten fan dizze stimming sille wy ynkoarten bekind meitsje.

Wa soe de Gysbert dus krije?

Eins giet dizze priis om it bêste yndividuïele literêre wurk, mar tagelyk hat it mear as iens ek in priis west foar in auteur syn hiele wurk. Yn 2007 dus doe’t Josse de Haan him wûn. Mar earder barde soks faker: yn 1992 Steven H.P. de Jong foar Wuttelhaven del en de rest fan syn oeuvre, yn 1989 Anne Wadman foar winliken syn hiele skriuwkarriêre, yn 1986 Tiny Mulder foar alles dat se skreaun hat, yn 1975 Rink van der Velde foar al syn boeken oant doe ta. Dizze nammen jouwe in bytsje in yndikaasje fan it literêr statuer dat fan in Gysbert-winner ferwachte wurdt.

Yn prinsipe giet it, tsjintwurdich, by de Gysbert Japicx om bar om it bêste nije proaza danwol poëzy fan de lêste fjouwer jier. Foar ús poll op ensafh.nl binne wy útgean fan in groslist fan 80 boeken dy’t op sirkwy.nl te finen is. Op dizze list meast fiksje foar folwoeksenen, hoewol’t der in inkeld non-fiksje tusken sit, en ek in pear yn’e mande skreaune boeken. It is wat in aparte rispinge oer de jierren 2007-2010, mar it jout jin wol in trochsneed fan wat der hjoeddendei útkomt oan Fryske ‘lêsboeken’.

Lokkigernôch sit der dochs wol wat tusken wêrmei’t it Frysk ridlik foar den dei komme kin as ‘bêste roman’.

Oft de sjuery de priis oan in debút-roman jaan sil, betwivelje ik tige. Ommers moat der letter dit jier ek noch in Fedde Schurer-priis útrikt, foar it bêste literêre debút yn in beskaat sjânre. (Alteast, wannear’t de provinsje dêr noch jild foar hat…)

Hawar, jo sille yntusken wol witte wolle, wa’t ik tink dat de Gysbert winne moat/sil.

At it gie om in resint Frysk boek dêr’t ik in soad wille oan hân haw, soe ik de priis fuortjaan oan Eric Hoekstra foar syn Kening fan de Junks (2007). Dat ûnder de betingst dat de Fedde Schurer dan giet nei Cor van der Wal syn proaza-debút Kening Kees (2008). Twa royale Fryske burlesken om om te gnizen, suver rôversguod tusken alle hiel- en heal-amateuristyske dreechdoggerij.

Genôch gekoanstekkerij: wa meitsje serieus kâns op de Gysbert Japicx 2011? Ik haw trije reële kânshawwers op it each:

Bouke van der Hem, De fuery (2010). In boek mei in ûnderwerp dat ticht op it hjoed en in wurklikheid oansit, dy’t fierder giet as hiem en doarp. Multikulturiele tematyk (Frysk-Turkske haadpersoan), yntegraasje en identiteit, Srebrenica en PTSS, krimpregio’s, problematyske heitfigueren en maskuliniteit. Der sit in protte yn en folle net genôch. Boppedat hat Van der Hem it ôfrûn desennium goed fan him hearre litten mei noch trije boeken.

Greet Andringa, Libben reach (2008). In Fryske roman mei de omfang fan in ‘echte’ roman: 250 siden. In famyljeskiednis oer meardere generaasjes, én in ynfielend boek oer in jonge frou dy’t har dochterke mishannele hat ynien. In minsklik boek. Mei de kompleksiteit en talige kwaliteit dy’t jo fan in úthingboerd foar de Fryske literatuer ferwachtsje soene. Greet Andringa is fan 1971, en dochs is dit net har debút. Har de Gysbert jaan soe hope foar de takomst fan’e Fryske skriuwerij út sprekke.

Koos Tiemersma, Ûnder wetter (2009). De favoryt fan guon Fryske skriuwers, wol’k leauwe. In hiel sterk útgongspunt (in takomstige ûndergong fan Fryslân), mar de roman sjit yn’e útwurking dêrfan wol wat te koart. Benammen de lêste haadstikken (dy’t frijwat jeuzelich oer ‘identiteit’ geane) meitsje it der net better op. In boek mei in nearzich en synysk takomstbyld fan Fryslân, it Frysk en it Fryske literêre fermidden. Seker nijsgjirrich en mei faasje te lêzen, mar, hoe’t Tiemersma faaks ek hopet, is it gjin Wuttelhaven of Reade Bwarre.

Mar ja, faaks wol de sjuery dit kear op’e nij, lykas yn 2007, de Gysbert Japicx as in oeuvrepriis beskôgje. Dat soe de warbere senioar Durk van der Ploeg lang om let in Gysbert jaan kinne. Hoewol’t ik gruten heard haw, Van der Ploeg soe him dan wegerje fanwege ‘te let’. Hoe stikelich de âldman wolris west hat de lêste jierren, soe er tink dochs net wegerje. Lykwols hat de krityk wol ferdield west oer de leafst trije romans dy’t Van der Ploeg 2007-2010 útbrocht. 

En dat der in oeuvrepriis giet nei Hylke Speerstra, sil fêst oankomme moannen ris roppen wurde. Mar my tinkt eins net dat Hylke-om, hoe moai it ek is dat syn mânske âldfaders goed ferkocht en lêzen wurde, de Gysbert winne sil.

Freed, ien july 2011.

4 Responses to “Japicxiade”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

  2. Koos said

    Ha André,

    Ik sis gjin nee tsjin in rikke iel, mar om de GJ-priis út te rikjen soe dochs in slach wêze foar de Fryske skriuwerij…

    Groetnis,

    Koos

  3. […] seach myn eigen blôchkes even nei, en seach dat ik Van der Ploeg syn winst al ‘foarspeld’ hie: Mar ja, faaks wol de sjuery dit kear op’e nij, lykas yn 2007, de Gysbert Japicx as in […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: