Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Fan seaddehûs ta terp

Posted by André Looijenga on 08/07/2011

Yn Furdgum wurdt op dit stuit in part fan de terp troch archéologen ôfgroeven. Ferline wike sneon wie dêr in iepen dei, en wy hawwe der even del west. Dit ûndersyk fan de Grinzer universiteit giet foaral om it ûntstean en de iere ûntwikkeling fan dizze terp. Furdgum heart ta ien fan de lêste rigen terpen dy’t yn’e iere midsieuwen op’e kwelders fan Noardlik Westergoa ûntstien binne.

Om de terp net te folle te skeinen, ûndersiket men de sydkanten fan it diel fan’e hichte dat om 1900 hinne al foar terpierde ôfgroeven wie. Oant no ta binne der foaral spoaren te sjen fan hoe’t de ier-midsieuske Friezen in terp opbouden: út kreas opsteapele seadden.

Op’e foto hjirûnder is dat goed te sjen. Lofts fan’e mjitstôk sjochst it profyl fan wat ea de steile sydkante fan in hûsterp west hat. De seadden binne moai sichtber makke, wêrtroch’tst folgje kinst hoe’t de terp hieltyd wat heger en breder makke waard. De seadden wêrfan’t se de terpen bouden waarden gewoan yn’e drekte omjouwing út’e kwelder stutsen. De floed hege de grûn wol wer op mei nij sân en nije klaai.

Folle oars as seadden wie der ek net om mei te bouwen. Op boppesteand plaatsje sjochst, wierskynlik, in stik fan it âldste part fan’e Furdgumer terp. De archéologen hienen hope dat se resten fan bebouwing weromfine soenen. Yn’e iere midsieuwen waarden yn ús streken huzen meast ék fan seadden boud.

Sa’n seaddehûs wie fansels gjin plaggehut of spitkeet, al is it prinsipe itselde, mar eins in folweardige pleats. (Seaddehûs is nammers in lienoersetting fan it Ingelske sod house, mar hjir dochs gaadlik, om’t de ier-midsieuske Friezen har net fan earmoed op’e kwelderwâlen te wenjen setten.) Hoe duorsum sa’n langhûs fan gersseadden en balken wie, is noch net krekt dúdlik. Yn alle gefal is bekind dat se, troch hieltyd renovearre te wurden, laachje foar laachje ‘meigroeiden’ mei de hûsterp dy’t hieltyd heger waard.

Ik fyn it in prachtich byld dat elke terp eins in hûs is. Dat de minsken winliken net óp, mar ýn harren hûsterpen wennen. Dat al dy bultsjes op’e klaai ienris famyljewenten wienen. Soks past der ek by dat dy terpnammen op -um (Furdgum, Tsjummearum) hast altiten ôflaat binne fan persoansnammen: yn it begjin wienen se écht ien syn hiem.

Frij grutte, en bêst noflike, huzen fan plaggen waarden tradysjoneel op Yslân boud. Torfbæir neamt men se dêr. Hjirûnder sjochst in frij let foarbyld fan sa’n torfbær, mei rútsjes en in kreas geveltsje. Glêzen ruten sil men earder net hân hawwe, mar de foto jout al in yndruk fan sa’n breed, ynboud, hûs fan seadden, mei muorren fan in meter tsjok.

Takom jier sille de Grinzer archéologen yn Furdgum in ier-midsieuske seaddepleats rekonstruearje. Foar mear nijs dêroer: it seaddehûs twitteret ek! De rekonstruksje komt by it Yeb Hettinga Museum, in hiel sympathyk museumke mei archéologyske fynsten, âld ark en dokumintaasje oer de skiednis fan Barradiel, yn’e âld skoalle fan Furdgum. Hooplik bliuwt it seaddehûs der in hoartsje stean. Safolle oan iere midsieuwen is der ommers fierders net te sjen yn Fryslân.

Hjirûnder in oersjoch fan’e opgravingsslûf, sjoen fanôf it tsjerkhôf. De minsken yn it gat stean te sjen nei it profyl by de mjitstôk. Ûnder it gers tusken de ôffreding en it kuilplestik lizze faaks noch resten fan in seaddehûs bedobbe, of oars wol ûnder it hynstefjildsje op’e foargrûn.

Freed, acht july 2011.

3 Responses to “Fan seaddehûs ta terp”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

  2. Abe said

    Moai berjocht, André!

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: