Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Earne tusken Jellum en Riga

Posted by André Looijenga on 22/09/2011

Bêste minsken,

moai dat jo hjir wer ris delkomme. Of dat jo foar it earst op dizze hiemside bedarre binne. Faaks hawwe jo trochklikt fan’e side fan Sirkwy ôf. Ik sil yndied op tiisdei 17 jannewaris 2012 de earste fan fjouwer Sirkwy-lêzings fersoargje. Wis wier. Dizze lêzing sil gean oer literatuer yn lytse talen. Ik sil dêryn de literatuer yn it Frysk yn in breder Europeesk perspektyf pleatse, troch de sitewaasje fan it Frysk mei in pear oare ‘lytse talen’ (ik skriuw mei opsetsin net: ‘minderheidstalen’) te ferlykjen.

Hjoed haw ik wat boeken opdjippe oer it Letsk. De Letten sille harsels perfoarst net as sprekkers fan in minderheidstaal beskôgje, mar yn syn skiednis en syn sosjolinguïstyske ferhâldings fertoant it Letsk wol party nijsgjirrige parallellen mei it Frysk. Boppedat fyn ik it Letsk ek út in mear tradisjoniel-taalkundige hoeke hiel nijsgjirrich. It is in minder bekinde Yndo-europeeske taal, dy’t sa op it earste oansjen moai tusken de Slavyske en de Germaanske talen, it Latyn en it Sanskryt yn liket te stean. (Even in wif witterke: hiene jo tocht dat it Letske wurd foar ‘bern’ bērns is? De ‘ē’ sprekke je sels krektsa út as de Fryske ‘ê’!)

Op it heden haw ik fierders ridlik wat by de ein. Ik bin krekt begûn mei nij wurk, as meiwurker foar ferheljende skreaune boarnen by in ûndersyksprojekt op it mêd fan midsieuske (keunst)skiednis. Sûnt dizze wike haw ik in wurkplak hjir op’e universiteit yn Grins, op in keammerke mei, ornaris ôfwêzige, aio’s. Ik bin noch net hielendal yn tsjinst as promovendus, mar it giet sa de goeie kant út.

En boppedat is der fansels ensafh, miskyn wol it iennichste, en yn alle gefal it ‘oprjochte’ (of wie ensaf yn it Arabysk no ‘healwize’?), Fryske literêre tydskrift. Ôfrûn freed, boekefeestdei, is ús earste digy fan it nije seizoen útkaam. En oer in wike as wat is ensafh der ek wer op papier, mei it jierlikse spesjaalnûmer by de Rely Jorritsma-priis. Lês foaral de priiswinnende fersen en ferhaal, mar sjoch ek efkes nei it redaksjoneel: ynstee fan it wenstige stikje ditkear in skets fan it libben en wurk fan’e literêre woldogger Rely Jorritsma… troch in sekere A.R. Looijenga. Te besetten yn’e bettere Fryske boekhannel, en fansels op 1 oktober yn’e tsjerke fan Bears.

Tongersdei, twaëntweintich septimber 2011.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: