Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Tiid fergrieme woe my net skeard en ek

Posted by André Looijenga on 03/10/2011

En dan moast der hjoed mar wer ris in gedicht op it Deiblôch… Neat Midfrysk diskear, nee hielendal neat âlds sels. In gedicht diskear dat my lêsten trof, doe’t ik even thús yn’e boekekast stie te sneupen, wylst ik dochs eins op’e fyts springe moatten hie om gau-gau nei kantoar ta. In gedicht oer útstelgedrach, oer tiidrekke, oer omdangelje, út it rút stean te sjen, noch efkes in bakje kofje nimme, wat omsneupe bliuwe. In gedicht dat ik eins op poster-formaat boppe myn wurktafel hingje moast.

Ik hoopje dat ús haadredakteur it my net kwea ôf nimt, dat ik sa’n resint poëem fan him tusken de Althuysens en R.B. Windsma ûnderbring. Dat by dizze ris in fers fan Piter Boersma:

Ritueel XXVIII: De tiid ferstrykt

.

wurdt dat noch wat myn reis nei sina ta

gelokkich ha ik it sicht op wylgen

ik ha juster in dei útlutsen om

nei myn freon ta tiid dy’t goed bestege

is en dochs hie ik it lang útsteld ik

doch it iene dêrom kin it oare

net dizze dei is al wer heal om it

fljocht my oan en dat wylst ik om’t ik gjin

tiid fergrieme woe my net skeard en ek

de ôfwask noch net dien ha ik ha it

gefoel dat ik de hiele middei nei

bûten sjen wol ik stean al in kertier

foar it rút tink ik wol op in stoomboat

de swarte see befarre dei en jûn

binne al wer om ik hoopje lykwols

noch in protte te dwaan ik wurd gewoan

sljocht om’t ik kieze moat ha ik keazen

om myn tiid hjir oan te besteegjen om’t

ik der net ta komme kin om op bêd

no’t ik omfal fan’e sliep útteld bin

O heden!, tink ik dan: dit gedicht giet oer my… In tige produktive nije wurkwike tawinske alfêst…

Moandei, trije oktober 2011.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: