Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Steeën dy’t der binne en net mear binne

Posted by André Looijenga on 09/10/2011

In aardich idee fyn ik it wol en brûk in blôch derfoar om útentroch oarmans wurk te sjoën. Gedichten fan oaren, dy’tst goed fynst, bygelyks. No en dan, as in soarte fan publike persoanlike blomlêzing. As om minsken sjen te litten: dit bestiet ek. Lês dit.

Hjir en dêr haw ik al kandidaten om lâns komme te litten. Gaadlik (ek om’t er sels allyksoks fan’t simmer op sýn blôch die) fûn ik Henk van der Veer. Ûndersteand fers komt út syn bondel Melkboerehonnehaar út 1994. Dy bondel haw ik krigen fan in dichteresse út Tersoal, wylst it bûten har pleats eaze en tongere, en har beppesizzerkes mei klaai boarten oan’e keukenstafel.

Wat my sa oansprekt yn dit fers yn it Snekers, is hoe’t yn de wrâld fan in skoalbern de ferhalen fan master in plak krije yn’e deistige omjouwing. De Nijl út it bibelferhaal fan Moazes is itselde wetter as de feart dêr’tst wolris by boartest. Plakken dy’tst út ferhalen kinst, binne plakken dy’tst sjochst. En dêr sjochst dan, safolle jier letter, wer op werom: op steeën dy’t der noch altiten binne, mar nea wer hielendal wêze sille wat se ienris wiene.

De Nijl

.

de ontnuchtering

was groat

toen meester

oans tidens de bibelse geskiedenisles

de fekaansy-foto’s fan Egypte

siën liet

.

in ut ferfolch

sú Mirjam nyt

mear onder de spoarbrugge

fan de Bolswarderwech sitte

en Moazes syn

biezen mandsje

noait mear

in’e Franekerfaart

omdrieve

Snein, njoggen oktober 2011.

3 Responses to “Steeën dy’t der binne en net mear binne”

  1. Taal is un intrúment en de Sneker griffel is mines. Dank foar dyn andacht foar de poëzy in ut Snekers

    • Bêste Henk van der Veer,

      tankewol.It Snekers begjin ik, no’t ik my mear mei it Frysk dwaande hâld, hieltyd mear te wurdearjen. Doe’t ik yn Snits op’e middelbere skoalle siet, like it inkeld in ûnbeskaafd tuskenbeide-taaltsje, mar dêr bin ik op werom kaam! It falt my tsjintwurdich júst op hoe “Frysk” it Snekers is, yn’e útspraak en yn’e syntaksis en sa. Ik doar it noch echt net oan om it sels ris te praten (dêrfoar ûntgean my de krekte núânses noch), mar it Snekers (en it Luwadders, en it Bildtsk, en wat al mear) mei ik graach hearre!

      Dat ik wú mar segge: in’e dorpen skoppe wy wel ‘s an teugen Sneek, mar gaan su deur met ut Snekers!

  2. inStrúment dus!!

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: