Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Ûndjip

Posted by André Looijenga on 10/10/2011

Nederlân is in lân mei in bulte wetter, en Fryslân noch folle mear, en dochs hawwe noch it Nederlânsk noch it Frysk in simpel antonym foar ‘djip’. Ast it tsjinoerstelde fan ‘djip’ bedoelst, seist normaliter ommers ‘ûn-djip’. Dat is frjemd, om’tst ynstee fan ‘leech’ ek net ‘*ûnheech’ seist, en likemin ‘*ûnâld’ ynstee fan ‘jong’.

Seker yn ús wetterlân mei djippe, mar fral ûndjippe wetters, moat der in koarter wurd foar ‘ûndjip’ wêze (of west hawwe). Besibbe buortalen hawwe se: it Ingelsk hat shallow, it Dútsk hat seicht. Moaie wurden, ék om’t se dêrneist yn oerdrachtlike sin ‘oerflakkich’, ‘net djipdollend’ betsjutte kinne.

It Frysk hát fansels wol oare wurden foar ‘ûndjip’, se wurde allinnich net folle brûkt. En de mooglikheid fan’e oerdrachtlike bestjutting ‘oerflakkich’ wurdt net brûkt, spitigernôch. It bekendste synonym fan ‘ûndjip’ is flak. It Wurdboek fan de Fryske Taal jout lykwols noch mear: in mysterieus adjektyf kôl (s.v. IV; komt foar yn ien net-neamde boarne út 1957), en it better te pleatsen eigenskipswurd skol (s.v. II).

Skol is klear besibbe oan it Ingelske shallow en it, tsjintwurdich allikemin gebrûklike, Nederlânske wurd schol. It Ingelske shallow sit tichterby it Frysk as men sa op it earste oansjen sizze soe. It Ingelske -low moat fuortkommen wêze út in âlder -lw; dit -lw is yn it Ingelsk oprekke en yn it Frysk júst hieltyd fuortrekke. Dan is der noch it lûd yn it Fryske eigenskipswurd skol. Dizze o is net deselde as dy yn it wurd skol dat ‘platfisk’ betsjut. Skol ‘ûndjip’ rymt op al, skol ‘platfisk’ rymt op mol. It wurd skol dat ‘ûndjip’ betsjut, hie eins wol mei in a skreaun wêze mocht: skal.

Dat de stavering fan skol mei in o is, is wol nuver. Faaks leit de skuld by it wurdbyld fan it Nederlânske schol. It ûnderskied tusken ò en ó is oars hiel wêzenlik yn it Frysk. Hast alle Frysksprekkers meitsje kreas it ferskil tusken kat en kot, plat en plot, kant en kont, kast en kost (en ko[r]st). Salang’t oan’e kant [kònt] sitte noch wat oars is oan’e kont [kónt] sitte, is der takomst foar it Frysk.

Neist it Nederlânskige ûndjip tenei skol (of skal) mear brûke, soe wol moai wêze. En om’t wy dan dochs oan it re-yntrodusearjen binne, kinne wy dat ‘âlde nije wurd’ likegoed daalks as skal skriuwe, dat wy ús net fersinne yn’e útspraak.

Moandei, tsien oktober 2011.

2 Responses to “Ûndjip”

  1. plaatsman said

    In het West-Fries bestaat er voor deze betekenis het woord “vlook” (ook uitgesproken als “vlouk”). Dit woord komt boven het IJ redelijk algemeen voor, maar ‘t is wel beperkt tot het dialectregister, en leidt derhalve een kwijnend bestaan.

    • Wis, Plaatsman, dat fergeat ik noch te neamen: by myn sykjen yn’e “Geïntegreerde Taal-Bank” (http://gtb.inl.nl//?owner=WFT) fûn ek de Nederlânske dialektwurden “vlook” en “vloot” werom.
      Apart is dat dit Westfryske “vlook” gjin Fryske wjergader hat (“*fleak” of sokssawat). My sjit ynien wol yn it sin, datst der in Frysk hydronym “Flait” is, yn’e omkriten fan Molkwar leau’k. Dat moat dan wol “skal wetter” betsjutte, en itselde wêze as “vloot”. (De “ai” ynstee fan in “ea < a" is typysk Hylpersk, en tink in restant fan it âlde 'Hylperske' dialekt fan Molkwar.)

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: