Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Lokwinske, Van der Ploeg!

Posted by André Looijenga on 12/10/2011

It is no offisjeel, en it is de útslach dy’t de measten faaks wol ferwachte hiene: Durk van der Ploeg hat de Gysbert Japicx-priis wûn foar syn hiele Frysktalige oeuvre. Der sil amper in libbene skriuwer wêze, dy’t mear siden Fryske skriftekennisse op syn namme hat, dat allinne dêrom al: fan herte lokwinske, Durk van der Ploeg, jo hawwe it tige fertsjinne!

Ik seach myn eigen blôchkes even nei, en seach dat ik Van der Ploeg syn winst al ‘foarspeld’ hie:

Mar ja, faaks wol de sjuery dit kear op’e nij, lykas yn 2007, de Gysbert Japicx as in oeuvrepriis beskôgje. Dat soe de warbere senioar Durk van der Ploeg lang om let in Gysbert jaan kinne. Hoewol’t ik gruten heard haw, Van der Ploeg soe him dan wegerje fanwege ‘te let’. Hoe stikelich de âldman wolris west hat de lêste jierren, soe er tink dochs net wegerje. Lykwols hat de krityk wol ferdield west oer de leafst trije romans dy’t Van der Ploeg 2007-2010 útbrocht.

Wy fan ensafh sille om’e útrikking hinne in spesjaal nûmer op ynternet útbringe. (Hawwe jim it al noteard yn’e bûsboekjes? De útrikking is tiisdei 8 novimber, de middeis, yn’e Broeretsjerke te Boalsert.)

Noch wat oars: oare priisútrikkings. Oankomme snein wurde yn Harns de Sulveren Twicht en de Priis foar it Bêste Fryske Jongereinbloch útrikt. Foar de blochpriis bin ik, mei myn Frysk Deiblôch, nominearre! Ik bin hiel benijd wat de útslach wêze sil… It soe moai as jo dêrby wêze koene. De priisútrikking makket diel út fan it literêr programma dêr’t de Moanne fan it Fryske Boek mei ôfsluten wurdt, fan 17.00 oere ôf yn it Heerenlogement, oan it Frjentsjerterein (of sa’t se it dêre yn it Âldfrysk neame ‘Franekerend’) te Harns.

Woansdei, tolve oktober 2011.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: