Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Poarte yn Koarnjum

Posted by André Looijenga on 13/10/2011

Yn Koarnjum stiet dizze moaie poarte. Gewoan sa tusken twa âlde pleatsen yn, as yngong fan it park fan Martena State. (It âlde Martena State waard yn 1899 ôfbrutsen foar in leaf mar dochs wat spitich villa’tsje. Der stiet ek in tsjerke foaroer, mar dy is ek al 19e-ieusk.) It is in poarte dy’t dêr dúdlik net thúsheart. Te steatich foar in túnpoartsje, en foaral: mei it wapen fan’e Provinsje derboppe-op, tusken twa roppige liuwen…

Dit wie de poarte fan it Lânskipshûs, dat oant begjin 19e ieu yn Ljouwert op’e Turfmerk neist de Kânslerij stûn. Yn dat Lânskipshûs kamen de Steaten (de Landdag) gear, wylst it notiidske Provinsjehûs inkeld foar de deputearren wie. In histoarysk plak, mei dizze grutske klassistyske poarte. Sûnder dat der wurden oan fan pas komme, is dizze poarte yn stien in symboal foar it, fersille rekke, Latynske Fryslân dat ik bestudearje sil.

Tongersdei, trettjin oktober 2011.

2 Responses to “Poarte yn Koarnjum”

  1. jimladream said

    Goeie André,

    Rin der mar ûnder troch…

    Jim Jacobus

  2. […] waard berne yn Utert, mar groeide op op Martena-state yn Koarnjum. Dêr yn Koarnjum sil op freed 27 april 2012 in kongres hâlden wurden oer David […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: