Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Fjouwer nije literêre prizen

Posted by André Looijenga on 15/10/2011

Nei’t ik heard haw, sil deputearre Jannewietske de Vries sneintemiddei yn Harns, by de ôfsluting fan de Moanne fan it Fryske Boek, noch in lytse taspraak hâlde. Men woe it ûnder de pet hâlde, mar ik haw fernommen dat hja bekend meitsje sil dat de Provinsje in stikmannich nije literêre prizen ynstelle wol. Ien en oar hinget der noch fanôf oft Fryslân yndied yn 2018 kulturiele haadstêd wurdt, mar ás dat trochgiet, soe der op de begrutting fan Fryslân 2018 jild wêze moatte foar de folgjende nije prizen:

1. In D.A. Tamminga-priis foar foarmfêste Fryske poëzij. Dit yn reaksje op dat de Rely Jorritsma-sjuery’s har hieltyd wer de holle brekke oer de hermetyske moderne poëzij dy’t se foar de kiezzen krije, én om’t de deputearren har soargen meitsje oer fuortbestean fan ambachtlike rymlerij yn it Frysk. Foar dizze priis komme inkeld gedichten yn oanmerking mei in kreaze foarskreaune foarm, lykas sonnetten, ballades, rondelen en haikû’s. Frou De Vries sei dêr lêsten oer: “As Klaas Br…, ik bedoel… immen… in epos yn hexameters ynstjoere wol, mei dat ek, hear. Salang’t de foarm mar kloppet.” “Gelyk ha se,” foege myn anonime ynformant my ta, “de ynhâld, de metafoaren en oare nijmoadrichheden wurde altiten mar fierste wichtich fûn fansels…”

2. In Dr. D. Kalma-priis foar de stikelichste Fryske polemyk. Dizze priis soe as stimulearring tsjinje moatte foar de Fryske literêre krityk en essayistyk. Nei ik my fertelle liet, sitte de hearen Abe de Vries en Eeltsje Hettinga, sûnt se hjirfan heard hawwe, al as aaisike hinnen te brieden op mei hokker nije skelwurden en ynsinuaasjes harren mieningen no nochris krêftiger oppoaie kinne. De priis sil dus yn alle gefal fertuten dwaan foar de funksjonele útwreiding fan de Fryske wurdskat. It skynt sels dat, mei de Dr. D. Kalma-priis yn it foarútsjoch, de hear Huub Mous him einlings oanmelden hat foar in Afûk-kursus…

3. In Jan Jelles Hof-priis foar de ûngefaarlikste Fryske liettekst. Dizze is neamd nei Jan Jelles Hof, hjoeddei by guon bekend om syn ûndersyk nei ferskillen tusken Fryske dialekten en by in inkeld ien om syn rúzjes mei Douwe Kalma, mar by libben en wolwêzen foaral ferneamd as skriuwer fan Fryske ferskes en gedichtsjes dy’t no folslein fergetten binne. As passend earbetoan oan dizze bodder dus in priis foar it bêste Fryske lietsje dat op’en doer ek wer fergetten wurde sil. Der wurdt grute dat de Haulerwykster trûbadoer Jaap Louwes en it yllústere Volendamster duo Die Twa de grutste kânshawwers binne foar dizze priis.

4. In Tsjibbe Gearts van der Meulen-priis foar de bêst slagge poging ta Fryske humor. It reglemint foar dizze priis is mei opsetsin sa skreaun dat Lytse Teake him nea winne kin. Neffens de amtner dy’t hjiroer spruts, sil it noch dreech wurde om hjir gaadlike kandidaten foar te finen. By ûntbrekken oan geskikte skriuwers en komiken, mei dizze priis ek ferliend wurde oan publike en private ynstellings, ûnder de betingst dat se har grappen en bizen wol yn’e Fryske taal uterje. Yn dy kategory is bygelyks te tinken oan sa’n bytsje alle gemeentebestjoeren yn ús provinsje, oan de firma Holland Friesland Marketing, oan de Feriening Wettersport Snits fanwegen it foarstel ta in akwadukt nei it Starteilân, en oan pastoar Van Ulden foar syn útstel foar in izeren toer yn it sintrum fan Snits.

Sneon, fúftjin oktober 2011.

4 Responses to “Fjouwer nije literêre prizen”

  1. Abe said

    Ik skel noait, André, of it moat my in kear ûntkomme… Skelle is wat oars as skerp skriuwe. Foar it earste moatst by dyn redaksjelid K. wêze. Ynsinewaasjes doch ik ek net oan, of de iroany cq. it sarkasme moatte der tsjûk boppe-op lizze, mar dan is it wer… humor, al jou ik dalik ta dat ik de Tsjibbe Gearts van der Meulen-priis wol nea winne sil. Ek dêrfoar moatst by… K. wêze!

  2. Abe said

    En lokwinske mei de blogpriis!

  3. […] uitzonderingen op. Gisteren las ik iets op een Fries weblog wat onmiskenbaar grappig is. Op zijn Frysk Deiblog meldde André Looijenga dat gedeputeerde Jannewietske de Vries bij de afsluiting van de Moanne fan […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: