Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Winner bêste Fryske jongereinblôch!

Posted by André Looijenga on 16/10/2011

Jawis, ik haw wûn!

Fan’e middei waard yn Harns de priis foar it bêste Fryske jongereinblôch útrikt. Fansels bin ik tige bliid hjirmei! Erkenning en lof binne goed foar jins selsbetrouwen, en erkenning foar soks aparts as jins literêre besyksels hielendal. Geweldich, en nochris: tankewol!

Ik koe lykwols net by de priisútrikking wêze, om’t ik yn dizze hjerstfakânsje al in reis nei Frankryk ynplend hie. Dat ik waard fan’e middei skille wylst wy yn Besançon yn’e sieten op in smel eilantsje yn’e rivier de Doubs. Fan dat eilantsje ôf wie ik yn Harns yn it Heerenlogement te hearen.

It is oars in prachtige stêd, dit Besançon, mar dêr sil ik skylk wol mear oer skriuwe. It hat sels noch in konneksje mei Viglius fan Aytta

Foar no in soad lêswille mei myn, bekroande, blôch! 

Snein, sechtjin oktober 2011.

2 Responses to “Winner bêste Fryske jongereinblôch!”

  1. Lokwinske!

  2. Ytsje Hoekstra said

    Tige lokwinske, nochris Andre. In oare kear sille we dan mar ris echt fûstkje en derop klinke. It wie wol moai om jim heit en mem sa grutsk te sjen!

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: