Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Fryske tekst op in 16e-ieuske grêfstien?

Posted by André Looijenga on 18/10/2011

Yn’e tsjerke fan Easterein, bekend fanwegen it grutte renêssânse-doksaal, ûntduts ik lêsten in hiel aparte grêfstien. De stien leit midden yn’e tsjerke, yn it skip. It âldste jiertal dat op’e stien stiet, is (foarsafier’t ik it sjoen haw) 1555. De stien is letter, yn alle gefal yn 1720, op’e nij brûkt. Hy is op meardere plakken skeind en wer reparearre. De stien sjocht der hast út as in soartemei plakboek fan ferskate tekstfakken.

Ûngefear yn’e midden fan’e stien stiet in nis ôfbylde mei dêryn in deadsholle. Dêromhinne stiet, oer twa tekstfakken útspraat, is Latynske wurd Moriendu[m]: “der moat stoarn wurde”. In memento mori-ôfbylding mei tapaslike tekst dus. Dêrûnder in fak mei it grutste riedsel fan dizze stien, trije wurden:

Haad dae tzien

Latyn is dit net, en ek gjin Nederlânsk. Sa’t it der útsjocht, moat it eins wol Frysk wêze. De ôfbylding en it lettertype fan dizze tekstkes soe ik, mei in lytse slach om’e earm, datearje kinne op de twadde helte fan’e sechtjinde ieu.

Mar in Fryske tekst op in sechtjinde-ieuske grêfstien… dat is hiel útsûnderlik! Op grêfstiennen waard doe Nederlânsk skreaun, mei útentroch in stik yn it Latyn. Frysk wie grif de deistige sprektaal yn it 16e-ieuske Easterein, mar as skriuwtaal wie it om 1555 hinne folslein op syn retoer. (Pas begjin tweintichste ieu kaam it Frysk werom op grêfstiennen. Ék in yntrigearjend ûnderwerp, dêr’t nochris mear oer skriuwe moat.)

Wat soene de wurden “Haad dae tzien” betsjutte kinne?

Opmerklik is dat yn it earste wurd aa en yn it twadde ae stavere is. Wierskynlik jout dat wol in ferskil yn útspraak oan. Yn 16e- en 17e-ieuske werjeftes fan it Frysk, tsjut aa gauris â oan, dat Haad soe stean kinne foar hâld.

De ae yn dae soe faaks stean kinne foar in gewoane lange a. Yn it Midfrysk kin dae it foechwurd wêze dat yn it Nijfrysk troch doe ferfongen. Eventueel soe it miskien wol in, yntusken argayske, foarm fan it lidwurd of oanwizend foarnamwurd west ha (yn it meartal), mar dat liket my minder wierskynlik. In oare mooglikheid mei ae is dat it stiet foar de Âldfryske ā dêr’t ús ea út fuortkaam; oft men yn’e 16e ieu noch ā útspruts of al ea of eat dêrtuskenyn (bgl. ai) wit ik net. It soe dan kinne dat dae ús wurd dea (haadwurd en eigenskipswurd) is; dat de -d op’e ein dandestiids al fuort is, is wat apart (ik hie earder daed ferwachte), mar faaks net ûnmooglik.

It lêste wurd tzien is eins it dúdlikst Frysk. Tagelyk haw ik daalks al trije kandidaten foar wat it is: it telwurd tsien, it tiidwurd tsjen (=lûke), en it wurdsje tsjin. (En faaks is der noch wol in ferdwûn Frysk wurd dat ik no oer de holle sjoch.) It is dreech hjirtusken te kiezen, mei myn net-folsleine kennis fan it Midfrysk, mar ik hâld it foarearst op tsjin. Hoewol’t doedestiids jin faaks noch it gewoanere wurd foar ‘tsjin’ wie.

Dêrmei kom ik, hiel foarriedich, út op: “Hâld Dea tsjin.” (Of soe it dochs wêze moatte: “Hâld de tsien.“?)

It seit in soad oer it Frysk dat trije op himsels gewoane wurdsjes fjouwer ieuwen letter foar ús sa dreech te ûntsiferjen binne…

Hjir noch even in blik op’e grêfstien fan boppe ôf, fan it ferneamde doksaal ôf. It giet om de boppeste fan’e twa grutte stiennen foar de hearebanken.

Hjir in oersjoch fan de stien, dêr’t de ferskate tekstfakken en skeinings goed op te sjen binne. Apart is dat de stien al yn it oersjochswurk fan Hessel de Walle stiet (nû. 4998), mar allinich mei in ûnfolsleine werjefte fan it râneskrift. Dat wylst de stien mei al syn opskriften de nijsgjirrichste fan Easterein is! — Oarspronklik wie it de stien fan Lisck Doecke dochter van Eminga (stoarn 13-7-1555) en Tiaerd Haucke zoon van Tiara (stoarn 8-8-1558).

Letter waard de stien lykwols werbrûkt, en wol foar Andreas Franciscus Teklenburg, dy’t stoar op 30 novimber 1720. Der wie noch krekt in hoekje frij foar dizze meidieling (yn it Latyn):

Reverend(issim)us Dominus Andraeas Franciscus Teklenburg

Obijt aetat[e] sua XXX Die XXX IXbris (= Novembris) Anno

MDCCXX Requiescat In Pace

Teklenburg waard dus mar tritich jier âld. De ôfkoartings “R Dnus” en “RIP” helpe faaks om syn plak yn it doarp te bepalen. R Dnus liket de titel foar in geastlike, in jonge dûmny faaks. De letters RIP soe men yn letter tiid lykwols net mei in protestant, mar mei in katolyk assosjearje, hoewol’t dat foar 1720 net hoecht te jilden. Faaks wie Teklenburg in jongferstoarne pastoar: yn Easterein sil in wichtige roomske minderheid west hawwe (dêr’t it doarpke Reahûs troch ûntstien is…), en katoliken waarden meastentiids likegoed by en yn’e protestante doarpstsjerke begroeven. Faaks wie er dochs gewoan in tragysk ier stoarne dûmny.

Fierders steane der noch twa Latynske fersen op dizze stien, mar dy moat ik mar foar letter bewarje.

Tiisdei, achttjin oktober 2011.

9 Responses to “Fryske tekst op in 16e-ieuske grêfstien?”

  1. ES said

    Nijsgjirrich. Der wie gjin fêste stavering, ek nammen komt men yn alderhande farianten tsjin, wat it sykjen nei in oersetting of ynterpretaasje lestich, misskien sels ûnmooglik makket. Mar, stel, de trije wurden betsjutte yndie ‘hâld dea tsjin’ dan is it in frjemde kombinaasje mei it ‘der moat stoarn wurde’ derboppe. Der is mear as in taalkundige beneiering. Suver ynhâldlik sjoen liket dyn ynterpretaasje my net plausibel ta.

  2. Ha André,

    Ik ha wol yn dizze tsjerke west en ik it boek fan ‘e koster ûnder eagen hân. Mar myn tekst is dus net folslein. Dat moat fansels wol. Kinsto it foar my oanfolje? En hast ek in foto fan dizze stien?

    Groet

    Hessel de Walle (hesseldewalle@gmail.com)

  3. Fan Oebele Vries:

    Nijsgjirrich! dae is sa goed as wis it lidwurd en tzien it telwurd. De foarm dae fan it lidwurd (meartal) is midden 16de ieu noch gongber (dêrnei wurdt it al gau de). Mar wat betsjut ‘hâld de tsien’? Ik soe it net witte.
    Aardich is noch wol dat Simke Kloosterman in ballade Lisck fen Eijsinga skreaun hat. Mar dêr ha wy yn dit ferbân net folle oan.

  4. Bêste Elske Schotanus, Hessel de Walle en Oebele Vries,

    tankewol foar jim reaksjes. It giet hjir om in tige nijsgjirrige stien dy’t yndie neier ûndersyk fertsjinnet. Dat de wurden “Haad dae tzien” steane foar “hâld de tsien” liket my ek it meast wierskynlik. Soks is in elegante oplossing, om’tst sa tichtby it moderne Frysk bliuwst. As betsjutting soe men tinke kinne oan “ûnderhâld de tsien geboaden”, mar dat bliuwt fansels rieden salang’t wy net mear kontekst hawwe.

    Ynkoarten sykje ik even nei oft de ynskripsje net yn Estrikken stiet. Sa net, wol ik der graach takom jier ris wat fierder yndûke en der in lyts artikeltsje oer skriuwe.

  5. In kunde fan my is my it foarstel kommen: “Houd u aan de 10 geboden” en dat liket as ferklearring mear yn ‘e reden te lizzen

  6. […] oer dat alles, fernuverjende foarmen fan Frysk en eksoatyske literatueren, skylk wol wer mear. En oer Frysk Latyn […]

  7. Bouke Slofstra said

    Yn alle gefallen: in geweldige fynst. Lokwinske.

  8. Bouke Slofstra said

    Miskien in oerstallige bydrage, mar wa wit.
    Je soene jin ôffreegje kinne: wa seit “hâld de tsien” tsjin wa? Is it algemien jildend moralistysk biedwurd (krekt as “moriendum est”)? Of seit de ferstoarne dit tsjin de foarbygonger? Of is dit in adagium (soks as “cedo nulli” fan Erasmus) dat om sa te sizzen by de namme en jiertallen fan de ferstoarne heart?
    En is der in parallelfoarbyld fan “de tsien” yn ‘e betsjutting “de tsien geboaden (sa god selua ief moysi)”, yn of bûten it Frysk?
    No ja, dit silst sels ek wol betocht ha, André.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: