Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

De stille taal

Posted by André Looijenga on 25/10/2011

Wannear’t ik troch bgl. Ljouwert rin, ûntkom ik der net oan dat ik ôfharkje yn hokker talen de minsken op strjitte prate. Yn it begjin falt it altyd ôf: in soad ‘gewoan’ Nederlânsk. En dan net iens mei in noardlike tongfal, mar fan dat rânestêdlike middenklasse-Hollânsk. Of fan dat ‘allochtoan’ klinkende Nederlânsk, mei ferkearde lidwurden, ek wol by jongerein dy’t der hielendal net Net-Westersk útsjogge. Mar in pear stappen fierder hear ik dan dochs in heale sin yn it Frysk. En hee, dochs ek Luwadders, en dan noch wol út’e mûle fan in kreaze ûndernimmer-eftich útsjende dame fan yn’e fjirtich. Wer wat Frysk dan… ja, dúdlik Klaai ditkear. En in boufakker ropt in pear kreten, yn it Poalsk tink. Dêr fierderop wat dronkemanspetear, yn it Papiamentsk faaks. En dan fytse op’e Foarstreek wat frommiskes dy’t fleurich kwebbelje yn it Dútsk, HBO-studintes grif.

Tusken al it Nederlânsk yn, tusken de oare talen yn, is it Frysk wol te beharkjen yn Ljouwert. Mar it is meastens in flard, koart en sêft. Tsjin goekunde dêr’t ien mei oprint, nea sa mar tsjin frjemd. It Frysk is in taal dy’t net roppen wurdt. In taal dêr’t net yn bidle wurdt. Gjin reklame yn gjalpe wurdt.

Ast yn Ljouwert rinst, hearst de measte minsken dy’t prate, yn it Nederlânsk praten. Faaks is it dat al dy minsken dy’t swije, Frysk prate…

It Frysk is der wol, mar it hâldt him meast stil. Dat is eink it lot fan it Frysk: in stille taal te wêzen. It Frysk is net in taal fan in soad wurden, fan omhaal en fan gebearten, fan komsa en fan pûha. Wannear’t it grutter moat, dan skreaut it Nederlânsk der wol oerhinne.

Tiisdei, fiifentweintich oktober 2011.

One Response to “De stille taal”

  1. […] fan my yn it sin. Oer de meartaligens fan Ljouwert en de posysje dêryn fan it Frysk: ‘De stille taal‘. Earlik sein, haw ik wolris dat ik suver wat grutsk wurd as ik guon blôchkes weromlês, […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: