Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Wurdwurk – III

Posted by André Looijenga on 27/10/2011

Dizze wike haw ik dwaande west mei it wurk fan Durk van der Ploeg, de grut âld man yn’e Fryske letteretún, oan wa’t oer oardel wike de Gysbert Japicx-priis útrikt wurdt. Ta eare fan’e laureaat bringt ensafh in spesjale digy út, dat sadwaande.

Nijsgjirrich nei it iere, poëtyske, wurk fan Van der Ploeg haw ik okkerdeis syn earste twa bondels oantúgd. Lok op eachlingte (Drachten 1959) en It libertynsk gehucht (Ljouwert 1964).

Benammen de fersen yn Van der Ploeg syn twadde bondel sitte grôtfol ûnwenstige wurden. Safolle dat ik de helte derfan sûnder wurdboek net lêze kin, — eat dat wierskynlik foar hast alle Frysktaligen jildt. Dizze hermetyske taal sette my derta oan om dizze wurden dan mar allegear op te sykjen, dêr’t ûndersteande list it risseltaat fan is. (In ‘wurdwurk’ dus, lykas ik earder ris mei boeken fan Elmar Kuiper en Trinus Riemersma dien haw, mar dan mei mear wurden.) De oerdied oan frjemde wurden stjit ôf, mar lûkt my eins likegoed wer oan om’t ik dochs nijsgjirrich bin wát al dizze, dochs ek Fryske, wurden betsjutte.

Yn guon fan’e gedichten is Van der Ploeg sa fier gien yn’e úthernen fan it leksikon dat se as betsjutting hawwende fersen mislearre binne. It steapeljen fan ûnbekende(re) wurden set se tebek ta inkeld ritmyske klanken, dy’t tafallich ek noch yn it wurdboek stean. Wannear’tst dy lykwols op dat obskuere leksikon stoartst, blykje dy útwrydske wurden ynienen sparken fan in fergetten wrâld bedobbe ûnder ús deiske Frysk. In obskuer, okkult Frysk, út oerbeppe’ tiid grif, dat mei lytse skokjes ús ferbynt mei in wrâld fan lytse wâldklinten, duvelbanners, spoekferhalen, byleauwe en tsjoenderij. It is in taal dy’t ien is mei it tsjustere, profetyske en beswarrende fan de poëzij fan It libertynsk gehucht.

Om de ferbinings mei in ûnbekend eartiids dy’t se ús jouwe, dizze list mei bysûndere, ûnwenstige wurden dus. By guon haw ik in passaazje út it fers sitearre, om wat kontekst te jaan (hoewol’t dy gauris neat ferdútst): LE = Lok op eachlingte, LG = It libertynsk gehucht. Wurden mei in stjerke (*) steane net yn it Frysk Hânwurdboek. Twa gefallen holp gjin ien wurdboek by.

En se no mar besykje te brûken, no.

(O, en wurdsje fansiden noch: dit artikeltsje is al wer myn hûndertfúftichste blôchke. As jubileumblôchke mar even in grouwe âldfader, tink.)

.  

aalst (de): alsem, in bitter krûd, Artemisia absinthium L.

adamje: swier bealgje om de kost te fertsjinjen

ang (de): glâns, bgl. fan sûnens

babbe* (de): ûnnoazel frommes

banne: útdriuwe, fuortjeie; (neffens byleauwe dêrtroch) genêze – no’t it flesk flesk bernet / en it bloed bloed bant (LG 13)

beke* en beule: twa bernespultsjes, it ien mei knoopkes, it oar in werpspul

bewuolje: eat yn eat wikkelje

biggel* (it): big, jonge baarch – ik rûn as in harder it biggel nei (LG 9)

biuwe*: opskeppe, swetse, ‘poche’ – ik koe har ferhaal fan biuwen en faazjen (LG 16)

bloedeigen: bloedferwant, út eigen famylje

brûs (it): skom, bgl. op it wetter

buotsiker (= bûtsiker, de): strânjutter

dalje (de): fûle, rûge reaksje; skreau; slaanderij

fan degen oan*: fannijs, op’e nij

deidagen* (de, pl.): [stiet net yn’e wurdboeken, faaks: oerdeis, by ljochtskyndei] – muorren / dy’t fan de deidagen beplastere binne (LE 6)

elberich*: derten, blier, fleurich (fgl. Dútsk albern ‘healwiis’?)

elf*: froed, ferstannich – elf hoedet hja de drimpel fan / yngong en útgong (LG 20)

elkums; elksmans*: fan elkenien

ervich: glânzjend fan farskens of sûnens

evel* (it): kwea, gebrek (fgl. Ingelsk evil) – bern hûkje om dyn evel en skeel (LG 20)

faaiteken* (it): foarteken dat ien skylk stjerre sil

faazje*: geheimsinnich flústerje – de leagens fan / de ferstoarne / wurde troch har mûle / in faazjende leginde (LG 33)

felling (de): de opsmiten ierde op in ikker dy’t felge (licht omploegd) is

ferheftich: heftich, mei wylde bewegings en grut drama

fingerseinen (de, pl.): fingertopkes

fingertaast (de): fingerôfdruk, fingerprint

fluorring (de): it blêd fan in seine – de fluorring skrast as in riffel oer it laai (LG 27)

frak: geil, oerdiedich (fan planten); tsjinstich, krûperich (fan minsken)

harrel* (de): stengel fan in flaaksplant

helter (it): it túch om’e holle fan in hynder (‘halster’)

hetsich: gleon, hyt; toarstich; passioneard

himpen: tenger, fyn boud; lyts en kreas

hoerde (= huorde, de): berchplak foar de rispinge, benammen fan fruit (fgl. Ingelsk hoard)

hotte (de): wetstien, dêr’t metalen ark mei slipe wurdt

hûkje; op’e hûken gean: op’e hoksen (‘hurken’) sitte, hûkearzje

húl (de): omhulling – yn de húl / fan it tsjuster (LG 11)

hurrel* (de): koart mislik of siik wêzen; lyts opstoatsje

jiermel* (it): in hiel jier yn it rûn, tolve moannen

kletterbeam (de): swarte populier, Populus nigra L.

koeter (it): lyts ploechizer

koetsekraal (de): koetsebei, fluitebeam, ‘wilde lijsterbes’, Sorbus aucuparia L.

kwels: breklik rinnend – hjir wimmelt faazjend oer it hiem / kwels de babbe lâns de paden (LG 19)

lims (it): limmet, mes

maal (de) (it?): ‘moedervlek’

(ien) it mannewaar lêze: ien te rjocht wize, it leksum lêze

manselheech; manstalheech: sa heech as in folwoeksen minske

nageltûken (de): seringen, Syringa vulgaris L.

omber (de): skaad, donkere kleur – doe sloech de omber oer it deagesicht (LG 18)

outer (it): âld reid op in dak

pantsier* (it): pânser, harnas – ik … gaspe my in glimmend pantsier (LG 16)

te pearde: op in hynder

prûs: moai, knap, tsjep (sein fan in jongfaam)

rêd: fluch, snel, rap, redsum

riffelje*: pine dwaan

rinkelroaie: wille meitsje, in los libben hawwe, de kroegen ôfrinne

roufear*: [gjin idee wat dit is; faaks in (swarte) fear as teken fan rou?] – ik … / snijde my roufear en fluiten (LG 9)

seel (it): draachbân fan tou, of fan metaal

sim (de/it): tried dat ûnderdiel is fan in fisknet, fûke of angelsnoer; nâlestring – wifkje tusken sim en hêf (LG 7)

skovel*: earmoedich, suterich, ‘sjofel’ – njonken de skovele sarken (LG 19)

skriks en skrank: bryk, skean, diagonaal, oerdwers

skrinkel (de): bonke yn’e skonk fan in minske of dier (‘schenkel’)

skrousk: rillerich, kâld, kjel

somer (de): swiere balke of peal, bgl. as ûnderdiel fan in barte (houten brechje sûnder lining) of as grêfpeal

somje: ôfwachtsje, dingen foarútskowe, ‘talme’

sparkje: fûnkje, fûnken ôfjaan; sprankelje – no sparket it fjoer yn it bloeisel fan de hôven (LG 14)

strûs*: noartsk, hurd, strang

strûsrimpel* (de): frons, tear yn’e foarholle – de wyn / dy’t djippe strûsrimpels / yn it wetter skoot (LE 5)

suiskje: in los libben hawwe, wille meitsje – swijhuzen … dêr’t men praat mei suiskjende (!) lippen (LG 23)

takkel (de): ‘tosk’ (‘tand’) op in tsjil, rêd of seage; ribbel op’e râne fan in munt

teil (de): tegel

teropje*: útinoar skuorre

têst (de): ierdewurken bakje wêryn’t in gleon koaltsje yn in stove leit

tine: grutter, tsjokker wurde, nei alle kanten útsette

treastelbier* (it): bier dat eartiids skonken waard by begraffenissen

útboeid: nei bûten bûgd, lykas by o-skonken

wanich: net yn’e oarder; ûnrêstich; siik

wanke: te wachtsjen stean, yn it foarútsjoch wêze, drige

wanne; wân; wan* (de): tuskenromte dy’t net fold is, bgl. boppe yn in tonne of panne, of tusken twa muorren

wear (de): kastrearre raam of bok

wech ende wear: alle kanten út

weine: licht kreune, lykas sliepende minsken of kij

wifje*; wifkje: twivelje, ôfwachtsje

winige doar: doar dêr’t de wyn op stiet en dêr’t it troch siicht

wouter (it): laam dat sûnder memmeskiep grutbrocht wurdt

wreidzje: alle kanten út groeie

wrein (= wreen, it): twaslachtich skiep of laam

wrigge (de): duvel, spoekbyld – hja hat my de wrigge yndruid ‘hja hat my in spoekbyld ynprinte’ (LG 11)

wrimpen: koartôf, ûnfreonlik, stuch, batsk; rûch

.

Tongersdei, sânentweintich oktober 2011.

One Response to “Wurdwurk – III”

  1. No ja, leaver treastelbier as in treastfûgel, no. Moai stik André!

Leave a comment