Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Exegese

Posted by André Looijenga on 28/10/2011

De nije ensafh-digy is út! Diskear in nûmer dat hast folslein wijd is oan it oeuvre fan Durk van der Ploeg (*1930), winner fan’e Gysbert Japicx-priis. It literêre libbenswurk fan Van der Ploeg omfiemmet yntusken mear as fúftich jier: nei in Nederlânsktalich debút yn it protestantske literêre moanneblêd Ontmoeting, ferskynden yn 1956 trije Fryske gedichten fan him (yn De Tsjerne nim ik oan), yn 1959 hie er syn earste Fryske dichtbondel útbrocht en yn 1960 waard er redaksjelid fan De Tsjerne, op dat stuit it fêstige literêr tiidskrift yn Fryslân. In moaie start fan in literêre karriêre fan no al goed in heale ieu.

Wy fan ensafh hoopje, yn in stikmannich lekkermeitsjende priuwkes, fan ferskate perspektiven út wat fan’e smeits fan dit mânske oeuvre jo mei te jaan. It wurk fan Durk van der Ploeg noeget ommers ta fierder ûntdekken. Sels haw ik in besprek levere fan syn lêst útkommen roman De kjeld fan it noarden, en my dêrneist in bytsje ferdjippe yn it iere wurk fan’e dichter Van der Ploeg. Út’e tiid dat er in leeftiidsgenoat fan my wie. Ien risseltaat dêrfan is fan fan’e jûn ôf te hearren op ensafh.nl: ik haw in gedicht út syn twadde bondel, It libertynsk gehucht (1964), ynsprutsen.

De lestige kar út it betide wurk is fallen op Exegese, it ôfslutende fers fan It libertynsk gehucht. Mei de nuvere wurden falt it yn dit gedicht ridlik ta. It is swier, tsjuster, profesijich, fol fan oarlochsdriging en -werinnering (it fers is ommers skreaun yn 1962-’63). Tagelyk sit der bibelske byldtaal by yn. Let op it wrein en it wouter: in ûnfruchtber memmeskiep en in laam sûnder mem — it skiep en it laam binne symboalen dy’t troch de jierren hieltyd weromkomme yn Van der Ploeg syn fersen.

Klikje hjir om myn foardracht te hearren, en om dêrnei fierder te lêzen yn dit rynsk folde Durk van der Ploeg-nûmer!

Exegese

.

Alle treinen ride nei in front.

Alle keningen wenje yn ballingskip.

.

De wegen wech ende wear

Iepenskuord fan it ljocht

Lizze fol drimpels en deaden.

.

En oer de heuvels iepen en leech,

Warleas it wrein en it wouter,

Dûnkere kloft fan tûzen soldaten,

Dutsen ûnder it izeren heil

Fan de hillige helm.

.

Hja wenje op pleinen fan forwoasting

Rêste yn roast en rein

En wanne de wrâld mei it wapen.

.

Alle keningen wenje yn ballingskip.

Alle treinen ride nei in front.

.

Durk van der Ploeg

Freed, achtentweintich oktober 2011.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: