Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Laura Mintegi

Posted by André Looijenga on 15/11/2011

Yn in fraachpetear joech de skriuwster útlis oer de ideeën efter har boek. “Ik hie it mysels net maklik makke,” sei se, “as Baskyske hâld ik fan dreech.” Sykjend nei Ingelske wurden fertelde Laura Mintegi oer har boek Sisifo maite minez (2001), dat krektlyn yn Nederlânske oersetting ferskynd is. Rêstich seach hja de seal yn, struts de hân troch har griizgjend dûnker hier, en gie by Plato syn Symposium del fierder oer de ympekt fan ferealens en oer it Sisyphus-bodzjen fan fereale reitsjen.

Sisyphus verliefd waard ôfrûne sneon presintearre yn Perdu yn Amsterdam. It is it nijste boek fan’e lytse útjouwerij Zirimiri Press, dy’t har talizze wol op Nederlânske oersettings fan literêr wurk út lytsere talen. Baskysk, Katalaansk, as it slagget faaks skylk ek Frysk.

Laura Mintegi (*1955) is skriuwster, psychologe, dosinte oan’e Universiteit fan it Baskelân. (Jawis, wylst by ús it wittenskiplik ûnderwiis fan it Frysk wer ris faai stiet, hawwe se it dêr mei in suver foar de helte Baskysktalige unibersitatea hiel wat better foar inoar…) En dêrby is hja foarsitster fan’e Baskyske krite fan PEN International, en dus warber op it mêd fan frijheid fan mieningsutering en skriuwersrjochten.

Yn’e twadde helte fan it fraachpetear gie it oer PEN en Mintegi keas de drege wei. Fuort jage se de boel yn trewyn troch de konsekwinte stelling dat frije mieningsutering ek jilde moat foar finzen sette holokaust-ûntkenners (yn Eastenryk). Dat it skriuwen fan jins miening (hoe polityk ûngemaklik of faaks misledigjend ek) frij wêze moat. En foaral net fertiisd wurde moat mei terroristyske misdieden, lykas yn it (hast net te leauwen) gefal fan inkelde Baskyske sjoernalisten dy’t om it útdragen fan it stânpunt fan in ûnôfhinklik Baskelân (dat de terroristyske organisaasje ETA fansels ek hat) yn Spanje troch it gerjocht as ‘terroristen’ ta finzenisstraffen feroardield binne. Oer de sin en ûnsin fan noch mear autonomy dêre kin men fan miening ferskille, mar fan in yngreven nasjonalistysk stânpunt út oer soks skriuwe is dochs hiel wat oars as terreur, net. [Sjoch hjiroer ek Josse de Haan syn reäksje hjirûnder.]

Oan’e ein fan’e boekpresintaasje lieten wy ús de krikelbeilikeur (patxaran) goed smeitsje. De oersetter fan it boek, Peter Smaardijk, fertelde oer syn fascinaasje foar faaks ien fan’e dreechste talen op’e wrâld. Doe’t er Russysk studearre, koe er Baskysk as byfak dwaan (nei’t de emininte Nederlânske baskolooch Rudolf de Rijk ferstoar, ha se – útsoarte, sa giet dat yn ús Nederlân – syn unike learstoel opdoekt). It Baskysk is sá oars fan struktuer dat it him twa jier koste hat en krij de grammatika in bytsje yn’e macht. “Om Baskysk prate te learen, moatst op’e nij tinken leare.”

Yn alle gefal hat Laura Mintegi har boek foar my synjearre. Idazle batek beste idazle bati…, hat hja dêrby skreaun. Dat, no har moai foarmjûne Sisyphus verliefd lêze.

Tiisdei, fúftjin novimber 2011.

4 Responses to “Laura Mintegi”

  1. josse de haan said

    Bêste Hear Looijenga,
    Lit my earst fêststelle dat Mintegi net fiis wie fan de doelstellings fan Eta en Batasuna. Twad sit der gjin inkelde skriuwer of sjoernalist yn in finzenis yn Spanje troch wat er skreau oer de doelstellings fan Eta of Batasuna. Dat de lieder fan Batasuna – Otegi – feroardiele is hat mei oare saken te krijen (û.o. it ferdigenjen fan it deadzjen fan willekeurige politisy of plysjes, of alteast it net feroardieljen dêrfan).
    Mintegi hat de Baskyske PEN oprjochte in pear jier lyn, mar neffens my stiet yn de statuten fan de PEN (dêrom bin ik al 30 jier lid) dat de PEN gjin politike striid stipet en ûnôfhinklik operearret. Oangeande de Baskyske ôfdieling kinne hjir fraachtekens by setten wurde. Looijenga, mei permisje, mar yn dit soart fan saken is ‘hoor en wederhoor’ wichtich.
    Josse de Haan (wennet sûnt 1999 yn Baskelân mei in Baskyske skriuwster, en hat sadwaande moai wat ynformaasje)

    • Achte hear De Haan,

      tankewol foar jo kanttekens. Jo befêstigje eins myn eangst dat je mei Baskyske saken rillegau yn politike ealjebijenêsten fersille reitsje. Lykwols lit ik myn alinea oer wat frou Mintegi útholden hat oer har PEN-aktiviteiten hjirboppe moai stean. Jo kommint jout dêr al genôch nuânsearring by, tinkt my.

  2. josse de haan said

    Ja, it gong my om de ûnderskate kanten fan it ferhaal. De Eta hat jierrenlang de maatskippij gisele, ek de skriuwers. No sille se de wapens ynleverje, sizze se. We sille sjen wat it opleveret oan iepen literatuer, want skriuwers krije no de folsleine freiheid om te sizzen/skriuwen wat se tinke dat nedich is. Sjantaazje is foarby. Josse

  3. josse de haan said

    Sorry, freiheid = frijheid (dy ferdomde Dutsers ek!), en al dy talen om jin hinne, J

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: